Plestik

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Plastic is in groepsnamme foar keunststoffen; it komt út it Ingelsk, yn it Frysk hjit it ek wol plestyk. It wurdt ek wol brûkt as alternatyf wurd foar keunststoffen.

In plastic is oarspronklik allinnich in keunststof wêrfan troch platyske foarmjouwing - ferhjitting yn in foarm ûnder druk - in foarwerp fan makke wurde kin. Der is dan sprake fan in termoplast. Lang net alle keunststoffen falle dêrûnder. Dêrom wurdt yn de keunststofyndustry leaver fan keunststoffen sprutsen. In soad, mar lang net alle keunststoffen binne opboud út polymeren.

In goed foarbyld fan in keunststof dy't nei foarming net mear plastysk te ferfoarmjen falt is polyuretaanskom, dat in soad tapast wurdt yn meubels, kessens en soksoarte, mar yn syn hurde foarm ek yn kuolkasten.

It wite materiaal dêr't ferskate soarten flessen fan makke wurde kinne, is makke fan (polyeteen) dat wol smeltber is en yn prinsipe opnij ferwurke wurde kin sûnder gemyske ôfbraak. Ek jiskepûden wurde makke fan termoplastysk materiaal - middels in blaasproses.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Diels út plestyk besteand seeôffal dat oangroeid is op it strân

Natuerlike polymearen[bewurkje seksje | edit source]

Keunstmjittige plastics[bewurkje seksje | edit source]

Miljeufersmoarging[bewurkje seksje | edit source]

Plestik liedt ta enoarme miljeufersmoarging op lân en yn see. In bekend foarbyld fan grutskalige fersmoarging yn see is ûnder mear de 'plastic sop yn de Grutte Oseaan'. It opnij brûken fan plestik is dêrby problematysk; wergebrûk bart faak troch downcycling.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]