Dochterûndernimming

Ut Wikipedy

In dochterûndernimming is in bedriuw dat hielendal of foar in diel eigendom is fan in oare ûndernimming (de saneamde memme-ûndernimming). Foar in BV of in NV moat de memme-ûndernimming dus alle of in part fan 'e oandielen fan 'e dochterûndernimming yn 'e hannen hawwe.

Om yn Nederlân foar de wet te jilden as dochterûndernimming, moat de memme-ûndernimming sizzenskip hawwe yn 'e dochterûndernimming. Yn kêst 2:24A lid 1 fan it Boargerlik Wetboek stiet dat in bedriuw in dochterûndernimming is as de memme-ûndernimming teminsten de helte fan 'e stimmen yn 'e algemiene gearkomste fan oandielhâlders hat of teminsten de helte fan 'e bestjoerders en/of kommissarissen beneame en ûntslaan kin.

In kloft bedriuwen dy't ûnderling relaasjes hawwe as memme-ûndernimmings en dochterûndernimmings (faak besteane der ferskate triemmen fan sokke relaasjes) wurdt in concern neamd. Foar de bûtenwrâld en ek foar beskate dielen fan 'e wetjouwing wurdt sa'n concern sjoen as ien inkele ûndernimming. De jierrekken fan in dochterûndernimming wurdt yn 'e konsolidearre jierrekken fan 'e memme-ûndernimming opnommen.

Hjirûnder in foarbyld fan 'e relaasjes fan dochter- en memme-ûndernimmins binnen in concern.

  • Ford Component Sales: in lytse Britske dochterûndernimming fan 'e fjirde triem, dy't autoûnderdielen fan it merk Ford ferkeapet oan û.m. garaazjes.
    • Ford Motor Company Limited: de memme-ûndernimming fan Ford Component Sales en tagelyk in dochterûndernimming fan 'e trêde triem, dy't de Britske tûke fan 'e Ford Motor Company foarmet, mei it haadkantoar yn Brentwood en 10.500 wurknimmers.
      • Ford Technologies Limited: de memme-ûndernimming fan Ford Motor Company Limited en tagelyk in dochterûndernimming fan 'e twadde triem. Dit is de Britske holding fan Ford, mei it haadkantoar yn Brentwood en 5 wurknimmers.
        • Ford International Capital LLC: de memme-ûndernimming fan Ford Technologies Limited en tagelyk in dochterûndernimming fan 'e earste triem. It is in Amerikaanske holding dy't it haadkantoar yn Dearborn (Michigan) hat, mar dy't registrearre is yn Delaware.
          • Ford Motor Company: de memme-ûndernimming fan it hiele concern, fêstige yn Dearborn (Michigan).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.