Teen Choice Award

Ut Wikipedy
Teen Choice Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar muzyk, film, tillefyzje,
moade, sport en literatuer
útrikt troch FOX
frekwinsje 1x jiers
datum july/augustus
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1999
offisjele webside
teenchoiceawards.com

De Teen Choice Awards binne in grutte groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1999 ienris yn it jier útrikt wurdt foar de bêste wurken en prestaasjes op it mêd fan muzyk, film, tillefyzje, moade, sport en literatuer fan it foargeande jier. De tawizing fan 'e prizen soe bewurkmastere wurde troch in online-stimming dêr't inkeld tiners tusken de 13 en 19 jier oan meidwaan meie. Sawol dy stimming as de útrikkingsseremoanje wurde organisearre troch de tillefyzjestjoerder FOX, dy't de seremoanje ek útstjoerd. De winners krije in surfplanke (op wiere grutte) útrikt, dy't bedrukt is mei it logo fan 'e útrikkingsseremoanje fan dat jier.

Yn augustus 2014 kaam troch de tweets fan ferskate winners nei bûten dat sy al in wike foar't it stimmen foarby wie op 'e hichte steld wiene fan har oerwinning. Desyllúzjonearre fans begûnen de hashtag "#TeensDontHaveAChoiceAwards" te brûken en murken einlings de disclaimer yn 'e ôftiteling fan 'e útrikkingsseremoanje op wêryn't steld waard dat de produsinten it rjocht foarbeholden om sels de winners út te kiezen. Doe begûnen se har ôf te freegjen wêr't se eins om stimd hiene. It is noch net dúdlik oft en sa ja, hoe't dit de Teen Choice Awards fan 2015 beynfloedzje sil.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • filmprizen
    • bêste film: aksje
    • bêste film: drama
    • bêste film: komeedzje
    • bêste film: romantyk
    • bêste film: science fiction/fantasy
    • bêste filmakteur: aksje
    • bêste filmaktrise: aksje
    • bêste filmakteur: drama
    • bêste filmaktrise: drama
    • bêste filmakteur: komeedzje
    • bêste filmaktrise: komeedzje
    • bêste filmakteur: romantyk
    • bêste filmaktrise: romantyk
    • bêste filmakteur: science fiction/fantasy
    • bêste filmaktrise: science fiction/fantasy
    • bêste filmakteur of -aktrise: trochbraak
    • bêste filmakteur of -aktrise: sênesteller
    • bêste filmakteur of -aktrise: smjunt
    • bêste filmakteur of -aktrise: koart lontsje
    • bêste filmakteur en -aktrise: gemy
    • bêste filmakteur en -aktrise: tút
    • bêste simmerfilm: aksje
    • bêste simmerfilm: komeedzje
    • bêste simmerfilmakteur
    • bêste simmerfilmaktrise
  • muzykprizen
    • bêste muzyk: manlike artyst
    • bêste muzyk: froulike artyst
    • bêste muzyk: groep
    • bêste muzyk: R&B-artyst
    • bêste muzyk: hiphop-artyst
    • bêste muzyk: rockgroep
    • bêste muzyk: elektroanyske dance-muzykartyst
    • bêste muzyk: countrygroep
    • bêste muzyk: manlike country-artyst
    • bêste muzyk: froulike country-artyst
    • bêste muzyk: trochbraak fan in artyst
    • bêste muzyk: trochbraak fan in groep
    • bêste muzyk: single fan in manlike artyst
    • bêste muzyk: single fan in froulike artyst
    • bêste muzyk: single fan in groep
    • bêste muzyk: rock-liet
    • bêste muzyk: leafdesliet
    • bêste muzyk: útmakliet
    • bêste muzyk: R&B/hiphop-liet
    • bêste muzyk: country-liet
    • bêste muzyk: simmerliet
    • bêste muzyk: manlike simmermuzykstjer
    • bêste muzyk: froulike simmermuzykstjer
    • bêste muzyk: simmermuzykgroep
    • bêste muzyk: simmertoernee
  • tillefyzjeprizen
    • bêste tillefyzje: aksjesearje
    • bêste tillefyzje: dramasearje
    • bêste tillefyzje: komeedzjesearje
    • bêste tillefyzje: science fiction/fantasysearje
    • bêste tillefyzje: tekenfilmsearje
    • bêste tillefyzje: realitysearje
    • bêste tillefyzje: realitywedstrydsearje
    • bêste tillefyzje: trochbraak fan in searje
    • bêste tillefyzje: simmertillefyzjesearje
    • bêste tillefyzje-akteur: aksje
    • bêste tillefyzje-aktrise: aksje
    • bêste tillefyzje-akteur: drama
    • bêste tillefyzje-aktrise: drama
    • bêste tillefyzje-akteur: komeedzje
    • bêste tillefyzje-aktrise: komeedzje
    • bêste tillefyzje-akteur: science fiction/fantasy
    • bêste tillefyzje-aktrise: science fiction/fantasy
    • bêste tillefyzjepresintator
    • bêste tillefyzjepresintatrise
    • bêste manlike realitystjer
    • bêste froulike realitystjer
    • bêste trochbraak fan in tillefyzjestjer
    • bêste tillefyzje-akteur: sênesteller
    • bêste tillefyzje-aktrise: sênesteller
    • bêste filmakteur of -aktrise: smjunt
    • bêste manlike simmertillefyzjestjer
    • bêste froulike simmertillefyzjestjer
  • net-tradisjonele prizen
    • bêste boek
    • meast seksy manlike stjer
    • meast seksy froulike stjer
    • bêste manlike ikoan fan it reade tapyt
    • bêste froulike ikoan fan it reade tapyt
    • bêste komyk
    • bêste ynternetstjer
    • bêste twitterder
    • bêste fampier
  • spesjale prizen
    • Do Something Award (foar bûtengewoane tiners)
    • Extraordinary Achievement Award (foar in bûtengewoane prestaasje)
    • Courage Award
    • Visionary Award
    • Ultimate Choice Award
    • Acuvue Inspire Award






Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.