Twitter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Twitter

Twitter is in ynternettsjinst wêrmei't brûkers koarte berjochtsjes fan maksimaal 140 tekens publisearje. It is in sosjaalnetwurkside wêrmei't men jinsels, lykas by Facebook, in profyl en in avatar oanmjitte kin. It brûken fan de Twitter-tsjinst kostet neat.

De aktiviteit by it brûken fan Twitter hjit twitterje (of tweeten), dat kwetterje betsjut. It logo fan Twitter is in lyts fûgeltsje. Twitterje komt del op yn real time kommunisearje fia in microweblog op in pc, mac of gsm, smartphone of oare mobile apparaten mei in ynternetoansluting. Troch de kombinaasje fan webloggen mei instant messaging wurdt it microblogging neamd.

Oarpronklik wie de fraach fan de tsjinst "Wat dochste?". No is it "Wat bart der?"[1] Elke twitterder kin op elk momint fan de dei yn maksimaal 140 tekens fertellen wêr't hy/sy mei dwaande is, wat hy/sy fan plan is of wat him/har dwaande hâldt. Der binne ek minsken dy't foarôf oankundigje dat se by in evenemint wêze wolle en mei oaren, al as net oanwêzich by it evenemint, twitterje wolle. Dit kreëeart in firtuele oanwêzichheid.

Fryske Twitterbutton

[bewurkje seksje] Fryske button

Webûntwerpster Liesbeth Hiddema út Reduzum wie dwaande mei in Fryske webside, mar doe't se gjin twitterbuttons yn de 'memmetaal' fine koe makke se sels ien. Fia de Ried fan de Fryske Beweging is de button te downloaden.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. |titel=Twitter Blog: What's Happening |uitgever=Twitter, Inc. |datum=19 nov 2009 |bezochtdatum=19 okt 2011 |taal=ingelsk

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Twitter en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen