Mobile telefoan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mobile telefoan
Mobiele telefoon zend- en ontvangstmast.jpg

In mobile telefoan, ek wol mobyl(tsje), gsm neamd, is in apparaat dêr't triedleas mei telefonearre wurde kin, mei help fan in netwurk fan antennes. Mobile telefoans meitsje gebrûk fan radiogolven en fan telefoansintrales om binnen in bepaalde regio kommunikaasje tusken brûkers mooglik te meitsjen. De earste generaasjes makken gebrûk fan analoge modulaasje, lettere fan digitale (GSM en UMTS). Dit kin op as iepenbier mar ek as priveenetwurk. In foarbyld fan in privee- (ofwol sletten) netwurk is it C2000-netwurk foar de helpferlieningstsjinsten.

De term mobile telefoan omfet net de saneamde triedleaze telefoans dy't keppele binne oan in fêste tillefoanoansluting, en dy't allinnich brûkt wurde kinne binnen in striel fan hûndert meter fan it basisstasjon.

Om radiofrekwinsjes te brûken foar mobile telefony is yn Nederlân in fergunning fan it Agintskip Telecom fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken needsaaklik. Mobile telefoans moatte troch dit agintskip (of in fergelykbere ynstânsje yn in oar EU-lân) goedkard wurde.

Mobile telefoans hawwe meastentiids net foar elke letter in toets. Dêrom wurdt by it ynfieren fan tekst (foar in sms, foar it telefoanboek, ensfh. ) gebrûk makke fan multy-tap of T9.

In mobile telefoan waacht tsjintwurdich (2010) faak minder as 100 gram. Mear avansearre tastellen wurde smartphones neamd; dizze wage faak tusken de 100 en 200 gram.

Yn 2010 waarden der 1,4 miljard mobile telefoans ferkocht.[1]

[bewurkje seksje] Referinsjes

  1. http://www.nu.nl/economie/2434837/14-miljard-mobiele-telefoons-verkocht-in-2010.html

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen