Simon Vestdijk
Simon Vestdijk (17 oktober 1898, Harns – 23 maart 1971, Utert) wie in Nederlânsk romanskriuwer, dichter, essayist, oersetter, muzykkritikus en arts.
Ynhâld |
Biografy [bewurkje seksje]
Vestdijk wie de soan en ienich bern fan gymnastyklearaar Simon Vestdijk en Anne Mulder. Hy groeide op yn Harns - yn in guon fan syn boeken komt it stedsje werom as Lahringen. Hy gie der nei de trijejierrige HBS, dêr't syn heit, in strang man, gymnastyklearaar wie. Dêrnei gie hy nei de Ryks-HBS yn Ljouwert. Vestdijk wie in goede learling mar fûn net folle oansluting by leeeftydsgenoaten. Sûnt syn santjinde hied er geregeld lêst fan depresjes. Syn jeugd yn Harns en Ljouwert beskreau er letter ûnder mear yn de Anton Wachter-syklus. Fan jongs ôf oan útfanhuze hy geregeld by syn pake en beppe yn Amsterdam, dêr't hy him yn 1917 oan de Universiteit fan Amsterdam ynskreau as studint yn de medisinen. Yn syn stúdzjetiid tusken 1917 en 1927 learde hy Jan Slauerhoff kennen, dy't yn de jierren dezelde stúdzje die en tegearre mei him lid wie fan de Amsterdamske studinteferiening Unitas Studiosorum Amstelodamensium (U.S.A.).
Yn 1918 debutearre hy mei oardel bledside proaza, ûnder de titel 'Gestileerde waarnemingen', yn de studintealmanak fan de U.S.A.. Yn 1926 naam foar it earst in literêr tydskrift gedichten fan him op. Yn De Vrije Bladen ferskynde: 'Riem-zonder-eind' en yn datselde jier 'Zonsondergang'.Yn deselde tiid tocht Vestdijk der oer om yn de muzyk troch te gean en naam in heal jier lessen yn harmony en kontrapunt. Yn 1927 die hy artseksamen, wêrnei't hy oant 1932 as arts yn praktiken yn hiel Nederlân wurke. Noch altyd net wis fan syn ropping studearre hy yn 1928 yn Leien in skoftke filosofy mei as haadfak psychology. Ek is er dwaande mei astrology. Krektas Slauerhoff wie hy skipsarts, al wie it mar koart. Nei 1932 wijde hy him hielendal oan de literatuer.
Yn 1932 folge syn offisjele skriuwersdebút mei de útjefte fan de bondel Verzen yn De Vrije Bladen. Beskiedend foar Vestdijks úteinlike kar foar de literatuer is syn moeting yn 1932 mei Eddy Du Perron en Menno ter Braak. Dizze moeting hie as resultaat dat hy redaksjelid waard fan it tydskrift Forum. Koart dêrnei. yn 1933, waard syn earste novelle, De oubliette, útjûn. Yn itselde jier skreau hy Kind tussen vier vrouwen, dat, wegere troch de útjouwer, letter de basis foarmje soe foar de earste trije dielen fan de Anton Wachter-romans. As earste fan dy syklus waard yn 1934 Terug tot Ina Damman útjûn troch de útjouwerij Nijgh & van Ditmar. Dizze útjouwer en – sûnt 1946 – útjouwerij De Bezige Bij soenen oant it ferstjerren fan Vestdijks yn 1971 syn hiele romanoeuvre útjaan. Nei 1936 wenne Vestdijk tegearre mei Ans Koster-Zijp, oant har ferstjerren yn 1965. Fan febrewaris 1938 oant juny 1939 wie Vestdijk redakteur keunst en letteren fan de Nieuwe Rotterdamse Courant. Yn deselde perioade waard him de C.W. van der Hoogt-prijs takend foar syn roman Het vijfde zegel.
Fan 4 maaie 1942 oant ein febrewaris 1943 waard Vestdijk troch de Dútske besettingsmacht fêstholden as gizeler yn Sint-Michielsgestel en Skeveningen. Fan 1945 oant 1948 wie hy redaksjelid fan Centaur en kritikus foar Het Parool. Yn 1949 waard hy redaksjelid fan Podium en meiwurker fan it Algemeen Handelsblad. Yn 1951 krige Vestdijk de P.C. Hooft-priis foar syn yn 1947 ferskynde roman De vuuraanbidders. Yn 1955 waard hy Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau en krige hy de Constantijn Huygens-priis fan de Jan Campertstichting foar syn hiele oeuvre, dat op dat stuit sa'n 80 titels telt. Yn 1957 waard hy foar it earste troch it PEN-sintrum foar Nederlân foardroegen foar de Nobelpriis foar de Literatuer, dy't him lykwols nea takend waard. Yn 1964 joech de Ryksuniversiteit Grins him in earedoktoraat yn de letteren.
Nei it ferstjerren fan Ans Koster-Zijp yn 1965 boaske hy mei Mieke van der Hoeven, mei wa't hy in soan (1967) en in dochter (1969) krige. Op 20 maart 1971 waardt him de Priis fan de Nederlânske Letteren takend, mar ear't hy dizze oannimme kin ferstoar hy op 23 maart op 72-jierige leeftyd yn it Akademysk Sikehûs yn Utert. Vestdijk wie auteur fan sirka 200 boeken. Fanwege dizze tige grutte produksje neamde de dichter Adriaan Roland Holst him 'de man dy't hurder skriuwt as't God lêze kin'.
Begjinregels [bewurkje seksje]
Vestdijk achtte "glanzende beginregels" fan grut belang. De lêzer yn de boekwinkel woe er sa oerhelje ta keapjen.
- "Berlijn, 10 April '34. Natuurlijk: wanneer het met dat beven zoo doorgaat, dan komt er niets terecht van mijn plan." (Else Böhler, Duitsch Dienstmeisje)
- "Het had niet eens een portiek, zo plat was het." (Terug tot Ina Damman)
- "De gedaante in de hoek, waarmee Visser zich vreemd verbonden voelde, verrees langzaam en strompelde naar het rechter raam, éen arm achteruit, alsof ze zich op de lucht steunen wilde." (Meneer Visser's hellevaart)
- "Hij werd gespeend zoals alle andere kinderen, op de gewone tijd." (Sint Sebastiaan)
- "Wanneer ik in een café zit, en vlak ertegenover is net zo'n café, dan voel ik me altijd een beetje onwennig." (Juffrouw Lot)
- "Aan de voetbalvereniging, waarvan zij tot laat in de avond een bestuursvergadering hadden bijgewoond, waren Tjalko Schokking en Henk Veenstra wel enigszins ontgroeid." (De kellner en de levenden)
- "Onze stad staat dwars op de zee." (De held van Temesa)
- "Het vroor toen ik er voor het eerst van hoorde." (Ierse nachten)
- "Het eerste wat ik mij van W... herinner, waar even na mijn vijfde verjaardag mijn vader tot rechter was benoemd, is de warme voorzomermiddag, toen de bal van mijn broer over de ijzeren krullen van het balconhek vloog, de verlaten huiskamer in." (De koperen tuin)
- "Van de onmiddellijke omgeving van mijn ouderhuis, een bomberend voorhoofd boven het brokkelig gebit van een winkeltje, herinner ik mij zo goed als niets meer, hoewel ik er van kindsbeen af gespeeld moet hebben." (De bruine vriend)
Prizen [bewurkje seksje]
- 1938 - C.W. van der Hoogtprijs foar Het vijfde zegel
- 1941 - Dr. Wijnaendts Francken-prijs foar Albert Verwey en de Idee
- 1946 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar Pastorale 1943
- 1950 - P.C. Hooft-priis foar De vuuraanbidders
- 1953 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar Essays in duodecimo
- 1954 - Essaypriis fan de gemeente Amsterdam foar Essays in duodecimo
- 1955 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
- 1960 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De ziener
- 1964 - Priis foar Masterskip foar syn hiele oeuvre
- 1971 - Priis fan de Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre
Bibliografy [bewurkje seksje]
Romans [bewurkje seksje]
De earste opjefte hat betrekking op it jier, of de jierren, wêryn it boek skreaun is, de twadde is it jier fan de earste publikaasje. AW = Anton Wachter-roman. De searje Anton Wachter-romans hat in sterk autobiografysk karakter.
- 1933 - 1972 - Kind tussen vier vrouwen
- 1934 - 1936 - Meneer Visser's hellevaart
- 1934 - 1934 - Terug tot Ina Damman (AW 3)
- 1934-1935 - 1935 - Else Böhler, Duits dienstmeisje
- 1936 - 1937 - Het vijfde zegel
- 1937 - 1938 - De nadagen van Pilatus
- 1937 - 1939 - Sint Sebastiaan (AW 1)
- 1933/1937 - 1948 - Surrogaten voor Murk Tuinstra (AW 2)
- 1939 - 1941 - Aktaion onder de sterren
- 1939 - 1940 - Rumeiland
- 1940 - 1940 - De zwarte ruiter
- 1933/1941 - 1949 - De andere school (AW 4)
- 1942 - 1989 - De aeolusharp (romanfragment)
- 1942 - 1946 - Ierse nachten
- 1944 - 1951 - Ivoren wachters
- 1944 - 1947 - De vuuraanbidders
- 1945 - 1948 - Pastorale 1943
- 1945 - 1947 - Puriteinen en piraten
- 1946 - 1948 - De redding van Fré Bolderhey
- 1947 - 1949 - Bevrijdingsfeest
- 1940/1948 - 1949 - De kellner en de levenden
- 1949 - 1950 - De koperen tuin
- 1950 - 1951 - De vijf roeiers
- 1950-1951 - 1951 - De dokter en het lichte meisje
- 1951 - 1952 - De verminkte Apollo
- 1952 - 1952 - Op afbetaling
- 1952 - 1953 - De schandalen
- 1956 - 1956 - Het glinsterend pantser
- 1956 - 1957 - De beker van de min (AW 5)
- 1957 - 1957 - Open boek
- 1957 - 1958 - De vrije vogel en zijn kooien (AW 6)
- 1957 - 1958 - De arme Heinrich
- 1958 - 1959 - De rimpels van Esther Ornstein (AW 7)
- 1958 - 1959 - De ziener
- 1958 - 1960 - De laatste kans (AW 8)
- 1959 - 1961 - De filosoof en de sluipmoordenaar
- 1959 - 1960 - Een moderne Antonius
- 1960 - 1962 - De held van Temesa
- 1960 - 1961 - Een alpenroman
- 1962-1963 - 1963 - Bericht uit het hiernamaals
- 1963 - 1964 - Het genadeschot
- 1963 - 1965 - Juffrouw Lot
- 1964 - 1965 - Zo de oude zongen...
- 1964 - 1966 - De onmogelijke moord
- 1965 - 1966 - Het spook en de schaduw
- 1965 - 1967 - Een huisbewaarder
- 1966 - 1967 - De leeuw en zijn huid
- 1966 - 1968 - De filmheld en het gidsmeisje
- 1967 - 1968 - De hôtelier doet niet meer mee
- 1967 - 1968 - Het schandaal der blauwbaarden
- 1968 - 1969 - Vijf vadem diep
- 1968 - 1969 - Het verboden bacchanaal
- 1969 - 1970 - Het proces van Meester Eckhardt
- 1969 - 1973 - De persconferentie (romanfragment)
Ferhalen [bewurkje seksje]
- 1917 - 1983 - Gestileerde waarnemingen
- 1917-1925 - 1982 - Zes verhalen
- 1922 - 1981 - Het dagboek van het witte bloedlichaampje
- 1922-1926 - 1981 - Negen jeugdverhalen
- 1933-1934 - 1984 - Het litteken
- 1933-1937 - 1982 - Blauwbaard en Reus
- 1935 - De dood betrapt, bundel
- 1935 - De bruine vriend, novelle
- 1938 - Narcissus op vrijersvoeten
- 1939 - De verdwenen horlogemaker
- 1958 - Fantasia en andere verhalen
- 1974 - Verzamelde verhalen
Poëzij [bewurkje seksje]
- 1932 - Verzen
- 1933 - Berijmd palet
- 1934 - Vrouwendienst
- 1936 - Kind van stad en land
- 1938 - Fabels met kleurkrijt
- 1940 - Klimmende legenden
- 1940 - Water in zicht
- 1941 - De vliegende Hollander
- 1941 - Simplicia
- 1942 - Het geroofde lam
- 1942 - Ascensus ad inferos (met Aug. Henkels)
- 1943 - De terugkomst
- 1944 - De houtdiefstal
- 1944 - De doode zwanen
- 1944 - Allegretto innocente
- 1944 - De uiterste seconde
- 1946 - Mnemosyne in de bergen
- 1948 - Thanatos aan banden
- 1949 - Gestelsche liederen
- 1950 - Swordplay – wordplay (met Adriaan Roland Holst)
- 1955 - Een op de zeven
- 1956 - Rembrandt en de engelen
- 1957 - Merlijn
- 1971 - Verzamelde gedichten (bezorgd door Martin Hartkamp)
- 1986 - Nagelaten gedichten (bezorgd door Tom van Deel e.a.)
- 1997 - Rondgang door het jaar
- 1999 - Didactische kwatrijnen
Essays [bewurkje seksje]
- 1937 - Kunstenaar en oorlogspsychologie
- 1938 - Rilke als barokkunstenaar
- 1939 - Lier en lancet
- 1939 - Strijd en vlucht op papier
- 1940 - Albert Verwey en de Idee
- 1942 - Muiterij tegen het etmaal (diel I)
- 1945 - Het schuldprobleem bij Dostojewski
- 1945 - Brieven over literatuur (mei H. Marsman)
- 1946 - 1983 - Dichtkunst als magie
- 1946 - De Poolsche ruiter
- 1947 - Het eeuwige telaat
- 1947 - Muiterij tegen het etmaal (diel II)
- 1947 - De toekomst der religie
- 1949 - Astrologie en wetenschap
- 1950 - De glanzende kiemcel
- 1952 - Essays in duodecimo
- 1956 - Zuiverende kroniek
- 1956 - Keerpunten
- 1957 - Kunst en droom
- 1957 - Marionettenspel met de dood (mei Sem Dresden)
- 1960 - Voor en na de explosie
- 1961 - Gestalten tegenover mij
- 1964 - De zieke mens in de romanliteratuur
- 1965 - De leugen is onze moeder
- 1968 - Het wezen van de angst (skreaun as dissertaasje)
- 1968 - Gallische facetten
Muzykessays [bewurkje seksje]
- 1951 - Het 'programma' in de muziek (mei Herman Passchier)
- 1956 - Het eerste en het laatste
- 1957 - Keurtroepen van Euterpe
- 1958 - Het kastje van Oma
- 1960 - De dubbele weegschaal
- 1960 - Gustav Mahler
- 1960 - Muziek in blik
- 1962 - De symfonieën van Jean Sibelius
- 1963 - Hoe schrijft men over muziek?
- 1966 - De symfonieën van Anton Bruckner
Brieven [bewurkje seksje]
- 2007 - S. Vestijk & Henriëtte van Eyk - Wij zijn van elkaar (Brieven 1946-1947)
Biografen [bewurkje seksje]
It wurk en it libben fan Vestdijk binne troch ferskate biografen beskreaun. Nol Gregoor hat yn Simon Vestdijk en Lahringen benammen de Anton Wachter-romans ûntraffele. Hans Visser hat yn 1987 in earste kear besocht om Vestdijk yn syn hiele hear en fear te analysearjen yn Simon Vestdijk, een schrijversleven; in project dêr't hy yn it earstoan gearwurke mei Anne Wadman. Yn 2005 hat Wim Hazeu besocht in definitive Vestdijk-biografy te komponearjen: Vestdijk, een biografie. Hugo Brandt Corstius en Maarten 't Hart werliezen de romans fan Vestdijk en joegen harren befiningen wer yn Het gebergte; de tweeënvijftig romans fan S. Vestdijk (1996). Yn Je kunt er toch bij blijven zitten? (1983) bondele Rudi van der Paardt fyftich krityske besprekkingen fan de romans by harren ferskinen.