Apollo 11

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Missy-embleem
Apollo 11 insignia.png
Statistiken missy
Namme missy Apollo 11
Kommando-module CM-107
Moannelanner LM-5
Raket Saturn V
Ropteken CM: Columbia
LM: Eagle
Bemanning 3
Start 16 july 1969
13:32:00 UTC
Kennedy Space Center
LC 39a
Moannelâning 20 july 1969
20:17:40 UTC
0° 40' 26.69" N,
23° 28' 22.69" E

Mare Tranquillitatis
(Sea of Tranquility)

Lâning ierde 24 july 1969
16:50:35 UTC
13° 19' N — 169° 9' W
Apollo 11

Apollo 11 wie in missy yn it ramt fan it Apollo-projekt fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA en sette de earste minsken op de moanne.

De trije astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz“ Aldrin en Michael Collins setten op 16 july 1969 ôf fan it Kennedy Space Center yn Florida mei in Saturnus-V-raket, en kamen op 19 july yn in baan om de moanne. Ien dei letter waarden Armstrong en Aldrin mei de Eagle nei de moanne brocht, wylst Collins yn de kommando-module Columbia yn in baan om de moanne tahold. In oermannich letter kaam de Eagle del yn de Mare Tranquillitatis, dêr't Armstrong as earste foet op de moanne sette en folge waard troch Aldrin. Nei krapoan 22 oeren op de moanne ferlieten de astronauten de grûn en gongen mei Collins werom nei de ierde, dêr't se op 24 july yn de Pasifyske Oseaan telâne kamen.

Oer de hiele wrâld seagen sa likernôch 600 miljoen minsken nei de suksesfolle missy op televyzje.[1][2] Mei Apollo 11 hold de eardere Amerikaanske presidint John F. Kennedy him oan syn tasizzing út 1961, doe't er sei dat er foar de ein fan de sechtiger jierren - en noch foar de Sowjets - in minske op de moanne sette woe en dy dêrnei feilich werom te bringen nei de Ierde.

Tarieding[bewurkje seksje | edit source]

De plenningsfase fan Apollo 11 begûn yn 1965 ûnder lieding fan Christopher Kraft. Syn team krige de opdracht om checklisten foar de bemanning te meitsjen as ek it fluchtplan sels, wêrfan de definitive ferzy twa wiken foar it begjin fan de missy op 1 july 1969 wrâldkundich waard. It team fan Kraft hie ek fluchtsenario's klear lizzen mei dêryn de saneamde startfinsters yn augustus en septimber 1969. De plannen foar de kuier op de moanne waarden ferskate kearen feroare. Yn in konsept fan 1964 wie rekken holden mei ien astronaut dy't in kuier meitsje soe op de moanne, wylst de oar yn de moannelanner sitten bliuwe soe om de systemen yn 'e gaten te hâlden. Yn itselde jier kaam de Grumman Aerospace Corporation mei in ûndersyk dêr't yn te lêzen stie dat it technysk mooglik wie om beide astronauten útstappe te litten foar in kuier op de moanne. Yn jannewaris 1967 stelde Christopher Kraft út om nei de lâning op de moanne beide astronauten twa kear útstappe te litten. By de earste kuier soenen de astronauten fertroud reitsje moatte mei de grûn, de twadde útstap soe brûkt wurde foar it delsetten fan wittenskiplike eksperiminten en it byinoar fandeljen fan boaimmateriaal. Yn septimber 1968 besleat de NASA dat de beide astronauten fan de Apollo 11-missy 2,5 oeren tiid op de moanne tahâlde mochten sûnder wittenskiplike ynstruminten mei te nimmen. De wittenskiplike ôfdieling fan de NASA yn Houston koe it dêr net mei lykfine en kaam mei it kompromis om dochs in lyts tal wittenskiplike eksperiminten op de moanne te dwaan. Op 9 oktober 1968 waard tastimming jûn om trije relatyf lytse eksperiminten te dwaan.

Lâningsplak[bewurkje seksje | edit source]

Foto fan it lâningsplak, de Mare Tranquillitatis, dêr't de moannelanner delkomme moast.

By it sykjen nei in gaadlik lâningsplak foar de moannelanner wie de feiligens fan de astronauten it wichtichste betingst. De moannelanner moast bygelyks mei sinneskyn en goed sicht op de moanne delkomme; en it loskommen fan de moanne soe ek by deiljocht dien wurde moatte. Doel wie om sa min mooglik brânje te ferbrûken en tagelyk safolle mooglik dêrfan mei te nimmen. Dêrtroch wie it tal mooglike lâningsplakken foar de moannelanner beheind en moast it lâningsgebiet fan de Eagle by de ekwator fan de moanne socht wurde. De grûn dêr't de moannelanner delkomme moast wie likegoed fan grut belang. In stofgrûn dêr't in moannelanner yn weisakje kin soe in gefaar wêze, in grut tal rotsen ek.

Om bylden en gegevens fan mooglike lâningsplakken op de moanne te sammeljen stjoerde de NASA ferskate romtesonden fan it Ranger- en Surveyor-program nei de moanne. De Ranger waard ynset om foto's te meitsjen, wylst de Surveyor-sonde gegevens fan de grûn sammele en dy nei de Ierde stjoerde. De bylden en gegevens wienen lykwols net genôch om in krekte analyse jaan te kinnen fan it lâningsplak, sadat de NASA de Lunar Orbiter de romte yn stjoere moast. De satelliten dy't elk twa kamera's hienen koenen 99 persint fan de moanne yn kaart bringe en 20 mooglike lâningsplakken foar it Apollo-program sjen litte.

Healwei it jier 1965 sette de NASA de Apollo Site Selection Board op, mei as doel it sykjen nei mooglike lâningsplakken op grûn fan wittenskiplike en technyske aspekten. Alle mooglike lâningsplakken leinen net fier fan de ekwator ôf en de grûn like op de foto's net al te rûch. Boppedat seagen de plenners fan de missy by it sykjen nei in lâningsplak ek nei de krite om it lâningsplak hinne, om te sjen oft der gjin skeanten of hichten yn 't paad sieten dy't de radar fan de moannelanner steure koenen. Op 15 desimber 1968 wienen der noch fiif mooglike lâningsplakken oer, de saneamde Apollo Landing Sites (ALS).

Foar de Apollo 11 missy keas de NASA mei ALS-1 úteinlik foar it meast eastlike lâningsplak yn de Mare Tranquillitatis (Latynsk foar 'see fan de rêst'). Dêr kaam de sinne 20 oeren foar de lâning op. Om't in dei op de moanne 29,53 ierddagen duorret, stie de sinne by de lâning sa likernôch 10° boppe de eastlike kym. Mei de sinne dy't út in hoeke wei skynde wie de rûchte fan de grûn goed te sjen. Wat grutte oanbelanget, wie it aaifoarmige lâningsplak mei 18,5 kilometer sawat likegrut as it eilân Manhattan. Twa oare lâningsplakken dy't fierder nei it westen ta leinen soenen as mooglik alternatyf brûkt wurde kinne, om sa wis te wêzen fan in goed ferljochte lâningsplak.

Bemanning[bewurkje seksje | edit source]

It sykjen fan bemanningsleden foar Apollo 11 wie it wurk fan Deke Slayton, baas fan it NASA-astronautenburo. In bemanning moast twa kear reserve stean foar in missy foar't se yn de nomisaasje kamen foar in oare missy. Sadwaande wie de reservebemanning foar Apollo 8, de astronauten Neil Armstrong, Edwin „Buzz“ Aldrin en Fred Haise, de besetting foar Apollo 11. Armstrong woe lykwols dat Michael Collins, dy't troch in operaasje net mei Apollo 8 meikoe, it plak fan Haise ynnimme soe. De ferantwurdlike lieding by de NASA hie gjin problemen mei Armstrong syn foarstel en op 10 jannewaris 1969 waarden Armstrong, Aldrin en Collins as bemanning fan Apollo 11 oan de wrâld presintearre. Op dat stuit wie de bemanning noch net wis fan de missy, om't de moannelanner foar dy tiid noch net troch minsken yn it hielal teste wie.

Assemblaazje & testfase[bewurkje seksje | edit source]

De Saturn-V-raket wurdt mei Apollo 11 nei it platfoarm brocht.

Jannewaris 1969 kaam de moannelanner (Lunar Module, ôfkoarte LM) mei de namme "Eagle" oan op it Kennedy Space Center (KSC) yn Florida. It Apollo romteskip, dêr't de benamming de measte tiid fan de missy yn tahâlde soe, waard op 23 jannewaris mei in frachtfleantúch fan it type Super Guppy nei it KSC flein. Beide romtefartugen waarden nei it Manned Spacecraft Operations Building brocht. Dêr waarden komponinten fan it romteskip yn elkoar set en ferskate testen dien. Mei súkses waarden it romteskip en de moannelanner yn in drukkeamer teste, om nei te gean oft de systemen yn it fakuüm fan it hielal wol goed wurkje soenen. Nei de ein fan dy testfaze kaam de moannelanner yn in kegelfoarmich omskot, yn de top fan dat omskot wie plak foar it romteskip. It omskot dêr't de moannelanner en romteskip yn siet wie ornearre as beskerming en waard boppe-op de raket fêst makke.

Doe't de beide fartugen klearmakke waarden yn it KSC, waard op 7 kilometer distânsje fan it KSC yn it Vehicle Assembly Building (VAB) wurke oan de montaazje fan de draachraket Saturnus V. Nei't it wurk dien wie yn it fabryk waarden de trije treppen fan de raket oaninoar ferbûn op it 5.715 ton swiere startplatfoarm.[3] De ynkapsele moannelanner en it Apollo romteskip waarden 14 april derop set, wêrmei't de opbou fan de 110 meter hege draachraket klear wie. Op 14 maaie waard de saneamde startkonfiguraasje fan de raket mei in sabeare ôftelsyklus hifke om de gearwurking fan de ferskillende systemen mei-inoar te testen.

Op 20 maaie 1969 waard de Saturnus V nei it startplatfoarm brocht dat foar de fyfte kear brûkt wurde soe foar de bemanne romtefeart. De rit nei it platfoarm duorre sa'n seis oeren oer in paad dat spesjaal dêrfoar oanlein wie. Doe't se by Launch Pad 39 kamen waard ûnder it platfoarm in gasôflieder delset om de gassen út de raket ôffiere te kinnen. Fierders kaam der in ûnderhâldsplatfoarm by de Saturnus V raket om ûnderhâldswurk oan de raket dwaan te kinnen. Op 6 juny waard in test dien mei de draachraketten dêr't de bemanning fan Apollo 11 ek oan meidie.

De Countdown Demonstration Test wie de lêste belangrike test fan de draachraketten. Dy test begûn op 27 juny en soe in deimannich duorje. By de testen waarden de tanks fan de Saturnus V mei brânje opfolle en it ôftelsyklus neidien. By de twadde testfase waard de brânje út de tanks helle en waard it ôftelsyklus dien mei de bemanning yn de raket.

Bemanning[bewurkje seksje | edit source]

De bemanning fan Apollo 11 bestie út trije man: Neil Armstrong, Edwin „Buzz“ Aldrin, en Michael Collins. Alle trije hawwe oarlochsfleanderpiloat west en alle trije hienen al ris earder yn it hielal west. Armstrong en Aldrin hawwe as piloat tsjinne yn de Koreaanske Oarloch.[4]

Bemanning fan Apollo 11
Funksje Astronaut Lid fan NASA-astronautengroep sûnt Eardere NASA-missy's
Kommandant fan de missy Neil Armstrong
1962
Gemini 8
Kommandant moannelanner Edwin „Buzz“ Aldrin
1962
Gemini 12
Kommandant kommando-module Michael Collins
1963
Gemini 10

Plakferfangende en stypjende bemanning[bewurkje seksje | edit source]

De plakferfangende bemanning bestie út trije minsken: Jim Lovell as plakferfangend kommandant, William Anders as plakferfangende piloat fan de kommando-module, en Fred Haise as plakferfangende piloat foar de moannelanner. As ien fan de besteande bemanningsleden om hokfoar reden dan ek net mear dielnimme koe oan de missy soe ien fan de leden fan de plakferfangende bemanning syn plak ynnimme.

De stypjende bemanning (Support Crew) wie it helpersteam fan de bemanning. Fjouwer minsken fan it helpersteam wienen belutsen by de training fan de bemanning: Ken Mattingly, Ronald Evans, Bill Pogue en Jack Swigert.[5] Fan dy fjouwer minsken sieten Ken Mattingly en Ronald Evans ek as ferbiningsman - Capsule Communicator, ôfkoarte CAPCOM - yn it missysintrum yn Houston. De ferbiningsminsken wienen feitlik de iennichsten dy't kontakt hienen mei de astronauten yn it hielal. De oare CAPCOM's yn it missysintrum wienen: Charles Duke, Bruce McCandless, Don Lind, Owen Garriott en Harrison Schmitt.[6]

Fluchtlieding[bewurkje seksje | edit source]

De fluchtlieders (Flight Director) yn it missysintrum yn Houston wienen Cliff Charlesworth (missybegjin en kuier op de moanne), Gene Kranz (by de lâning op de moanne), Glynn Lunney (foar de start fan de weromreis) en Gerald Griffin. Hja namen de besluten dy't relevant wienen foar it sukses fan de missy en wienen dêrneist ek ferantwurdlik foar de feiligens fan de bemanning.[7]

Roptekens[bewurkje seksje | edit source]

De romtefartugen fan de Apollo 10 missy waarden Charles Brown en Snoopy neamd, twa stripfigueren út it tekenteltsje de 'Peanuts'. De nammen waarden jûn troch de bemanning fan de Apollo 10 missy. De bemanning fan Apollo 11 krige fan de assistint-manager fan de foarljochtingsôfdieling fan de NASA it fersyk om by it betinken fan de nammen foar de romtefartugen rekken te hâlden mei de betsjutting fan de missy yn de Amerikaanske skiedskriuwing. Doe't de tarieding noch mar krekt begûn wie kamen der nammen nei bûten lykas Snowcone en Haystack, mar de bemanning beslute letter om dy nammen dochs mar net te brûken. De kommando-module krige de namme Columbia, fan de Columbiad, de namme fan it romteskip yn Jules Verne syn novelle Fan de ierde nei de moanne út 1865. De namme Columbia kin ek yn ferbân brocht wurde mei de froulike personifikaasje fan de Feriene Steaten dy't tradisjoneel ta utering komt yn de muzyk en poëzy. De moannelanner krige de namme Eagle, de fûgel dy't ek ôfbylde waard yn it embleem.

Ferrin fan de missy[bewurkje seksje | edit source]

Start fan de Apollo 11 missy

Hinnereis[bewurkje seksje | edit source]

De reis fan Apollo 11 begûn op 16 july 1969. Om 13:32:00 UTC sette de goed 3.000 ton[8] swiere Saturn V raket ôf fan it Kennedy Space Center yn Florida. Nei 9 sekonden hienen de fiif motors fan de raket harren maksimale tilkrêft fan 3.500 ton helle en nei tsien minuten fleach de raket mei in faasje fan 28.000 km/oere de romte yn.[9] Tolve minuten nei de lansearring kaam Apollo 11 alhiel neffens plan yn in baan om de ierde, dêr't er oardel kear omhinne sirkele. Dêrnei waard de tredde raketstap oanstutsen dy't seis minuten brâne sadat de raket koers nei de moanne sette koe. In skoftsje letter waard de kommando/service-module oan de moannelanner keppele wêrnei't de raket mei 40.000 km/oere nei de moanne fleach.[9] De hiele reis nei de moanne ta ferrûn sûnder swierrichheden en duorre trije dagen. Om 17:22:00 UTC sette Apollo 11 oer de efterside fan de moanne in remmanouevre yn en kaam sa yn in baan om de moanne. Foar de reis nei de moanne wie rekken holden mei fjouwer koersferoarings, de astronauten hoegden lykwols mar ien kear by te stjoeren.[9]

Lâning op de moanne[bewurkje seksje | edit source]

De moannelanner yn in baan om de moanne nei't er him loskoppele hat fan de kommando-module Columbia.

Doe't Apollo 11 yn in baan om de moanne brocht wie stapten Aldrin en Armstrong yn de moannelanner. Nei in systeemhifking fan de moannelanner koenen Aldrin en Armstrong loskeppele wurde fan de kommando-module Columbia dêr't Collins yn tahold. De motorútgong waard yn tsjinoerstelde fleanrjochting holden om de Eagle te stopjen yn syn baan om de moanne. Nei in ynspeksje fan Collins koenen Aldrin en Armstrong yn de moannelanner Eagle nei de moanne ta sakje litte. Doel wie om yn de Mare Tranquillitatis del te kommen. By it loskeppeljen fan de kommando-module wie de moannelanner in bytsje draaid yn syn baan om de moanne, sadat Armstrong en Aldrin de herkenningspunten op it oerflak fan de moanne 4 sekonden earder as plend wie seagen. It plak dêr't de moannelanner de grûn rekke wie dêrtroch 4,5 kilometer fan it doel.

Oer de "1201" en "1202" alarmmeldingen kaam yngenieur Don Eyles yn 2005 ta de konklúzje dat it hardware probleem al by de ûnbemanne moannelanner fan Apollo 5 te sjen wie.[10] De rendezvousradar fan de moannelanner moast al oan stean en opwaarme wêze, om sa werom te kinnen nei de kommando-module as it nedich wie. Dat de rendezvousradar oan stie hie ek gjin probleem wêze moatten. Ut it ûndersyk die lykwols bliken dat twa ûnderdielen fan de rendezvousradar ynfloed hienen op de stastjonêre antenne, sadat it foar de kompjûter like dat de moannelanner hieltyd hin-en-wer beweegde tusken twa posysjes. Dat probleem kaam net altiten foar en koe sadwaande net samar ûntdutsen wurde troch ûndersikers. In ekstra telsyklus dy't troch de rendezvousradar yn gong setten wie, soarge neffens Don Eyles foar de alarmmeldingen.

By it delkommen krige de bemanning op 1,8 km hichte ferskate "1201" en "1202" alarmmeldingen fan de stjoerkompjûter. Neist de lâningsradar wie de rendezvousradar ek oanset, wat net de bedoeling wie. Dat joech problemen foar de stjoerkompjûter om alle gegevens te ferwurkjen. Fan it missysintrum yn Houston krige de bemanning te hearren dat it feilich wie en lit de Eagle fierder sakje nei de moanne.

Krekt foar it delkommen fan de moannelanner seach Armstrong dat de automatyske piloat in rotsige krater as doel hie.[11] Armstrong helle de automatyske piloat derôf en stjoerde de moannelanner oer de krater hinne nei in flakke grûn, wylst Aldrin de hichte en faasje fan de moannelanner yn 'e gaten hold. Armstrong kaam troch syn manouevre 60 meter fierder westlik del. Op 20 july om 20:17 UTC kaam de Eagle op de moanne del en hie rûchwei noch mar 25 sekonden brânje oer.

Armstrong en Aldrin begûnen fuortdaliks mei de tarieding foar in mooglike alarmstart, sadat se by in technysk mankemint sa wer de loft yn koenen. Neffens it plan wie der nei de lâning noch mar ien minút oer om prompt wer omheech te kinnen. Oars hienen de moannelanner it romteskip fanwege syn baan om de moanne mist, boppedat soe Collins dan in net-ynplende manouevre dwaan moatte om moannelanner en kommando-module wer byinoar te bringen. Troch it yngripen fan Armstrong by it delkommen op de moanne wienen fan dy minút al 30 á 40 sekonden ferstrutsen. Uteinlik wienen der noch mar fiif á tsien sekonden oer om oer in mooglike alarmstart te kedizen.

Op de moanne[bewurkje seksje | edit source]

Op 20 july 1969 om 20:17:58 oere UTC koe Armstrong melde: „Houston, Tranquility Base here. The Eagle has landed!“ (Frysk: „Houston, basis 'see fan de rêst' hjir. De earn is delstrutsen!“) It primêre doel wie helle. Tenei brûkten Armstrong en Aldrin it ropteken Tranquility Base.

Yn de twa oeren nei de melding fan Armstrong wienen de astronauten drok dwaande mei de tarieding foar de weromreis nei de kommando-module, dêr't se om de twa oeren mei begjinne koenen. Ien fan de dingen dy't yn dy tarieding dien wurde moast wie it ynstellen fan de moannelanner. Dat wie nedich om't de moannelanner oars mooglik swierrichheden krije soe mei it finen fan de kommando-module yn syn baan om de moanne. It krekte plak wie op dat stuit net bekand, om't Armstrong by it delkommen it gebiet net rjocht identifisearje koe. Collins fleach fiif kear yn syn baan om de moanne oer it gebiet dêr't Armstrong en Aldrin delkommen wienen. Om't hy it krekte plak fan de moannelanner net wist wie dat besykjen fergees.

Edwin „Buzz“ Aldrin op de moanne

Underwylst makken Armstrong en Aldrin foto's fan de moanne troch it rút fan de moannelanner. Neffens it plan soenen de beide astronauten 5 oeren en 40 minuten rêst hawwe, mar se namen lykwols 45 minuten. De tarieding dy't dien wurde moast om útstappe te kinne duorre trije oeren.

Op 21 july 1969 om 02:56:20 UTC (yn de Feriene Steaten wie it noch 20 july) stapte Neil Armstrong as earste minske op de moanne: „That's one small step for (a) man, one giant leap for mankind!“ (Frysk: „Dat is in lyts stap foar in mins, mar in grutte sprong foar it minskdom!“).[12] It hiele barren waard sawol troch Aldrin as troch in kamera dy't fêstsiet oan in foet fan de moannelanner filme. Sa likernôch 500 miljoen minsken seagen nei de live-útstjoering.

20 minuten letter stapte ek Aldrin út de moannelanner. Om de gearstalling fan de sinnewyn op de moanne mjitte te kinnen waard der aluminiumfoly (SWC) ophongen, dy't foar de ein fan de ekspedysje op de grûn wer meinommen waard. Nei it hisen fan de Amerikaanske flagge waarden ferskate lytse ûndersyksapparaten fan de EASEP (Early Apollo Scientific Experiment Package), de foarrinder fan de ALSEP, op it oerflak fan de moanne opboud. Sa soenen bygelyks de seismografen (PSEP) gegevens sammelje moatte oer seismyske aktiviteiten op de moanne. It apparaat oerlibbe syn earste nacht op de moanne net. In laserreflektor (LRRR) op it oerflak makke it mooglik de ôfstân tusken de moanne en de ierde te mjitten. Boppedat waarden boaiemmonsters opdolle en 21,6 kg stien sammele. Nei 2 oeren en 31 minuten kaam der in ein oan it earste ferbliuw op de moanne.

Weromreis[bewurkje seksje | edit source]

Aldrin wie de earste dy't de moannelanner ynstapte, Armstrong folge. Yn de moannelanner bruts Aldrin de hendel dy't nedich wie foar startmotor. In oere foar de start soe de hendel omset wurde moatte. Aldrin brûkte ynstee fan de hendel in filtstift om deselde aksje dwaan te kinnen.[13] De bemanning koe him sân oeren deljaan en waard dêrnei troch it missysintrum yn Houston wekker makke foar de weromreis. Twa en in heal oare letter, om 17:54 UTC, sette de Eagle ôf fan 'e grûn. By it opstigen fan de moanne waard de saneamde 'ascent stage' skieden fan de moannelanner. Aldrin seach by it opstigen hoe't dêrtroch de Amerikaanske flagge delfoel dy't tichtby de moannelanner plante wie.[14] Mei de flagge wienen de wittenskiplike eksperiminten op de moanne efterbleaun. Dêrneist wienen der ferskate oantinkens efterlitten.

Fjouwer oeren nei it loskommen fan de moanne siet de moannelanner yn in baan om de moanne en koe wer keppele wurde oan de kommando-module. Nei't Armstrong en Aldrin oerstapt wienen yn de kommando-module koe de moannelanner ôfstjitten wurde en de romteskip koers nei ierde sette. Op 24 july 1969 om 16:50 UTC kaam de kapsule fan it romteskip tewetter yn de Pasifyske Oseaan en waard troch it bergingskip USS Hornet oan board lutsen.

Werom op ierde[bewurkje seksje | edit source]

Presidint Nixon yn petear mei de Apollo 11 bemanning yn karantêne

Doe't de kommando-module yn de Pasifyske Oseaan delfoel lei de module yn earste ynstânje op syn kop yn it wetter. In minútmannich letter dreau de module wer rjochtop yn it wetter trochdat de astronauten driuwsekken folrinne lieten mei lucht. In skoft letter waard in dûker dellitten út in marinehelikopter en makke de module fêst oan in anker sadat dy net fuortdriuwe koe. Oare dûkers makken driuwers fêst oan de module sadat dy stabyl yn it wetter lizzen bliuwe soe. De kâns wie lyts dat de astronauten patogenen (sykteferwekkers) meibrocht hienen fan de moanne, mar dochs hold de NASA dêr wol rekken mei. Fan de dûkers krigen de astronauten isolaasjepakken dy't se drage moasten oant se yn de isolaasjeromte fan de USS Hornet wienen. Yn de isolaasjeromte moasten de astronauten 21 dagen tahâlde. Presidint Richard Nixon hjitte de astronauten persoanlik wolkom. Doe't Nixon fuort wie waarden se nei Pearl Harbor op Hawaï brocht.

Op 13 augustus 1969 mochten de astronauten út de karantêne. Ta eare fan de trije astronauten waarden yn de stêden New York, Los Angeles en Chicago parades holden. In wykmannich letter waard it trio noege foar in parade yn Meksiko-Stêd. Yn Los Angeles wie op dy tretjinde augustus in offisjeel feestmiel mei de leden fan it Amerikaanske Kongres, 44 gouverneurs, de opperrjochter fan de Feriene Steaten, en ambassadeurs fan 83 ferskillend elannen. By dy gelegenheid krigen de trije astronauten de 'Medal of Freedom' útrikt fan presidint Richard Nixon en fise-presidint Spiro T. Agnew. It feest wie it begjin fan in 45 dagen duorjende "Giant Leap" tour dy't de astronauten nei 25 oare lannen brocht en dêrby pommeranten moeten lykas keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk. Yn in soad lannen wie omtinken foar it histoaryske barren troch bygelykgs bysûndere Apollo 11 postsegels út te jaan en munten te slaan.[15]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Missy-embleem[bewurkje seksje | edit source]

Foar it embleem fan de Apollo 11 missy waard de Amerikaanske see-earn brûkt dy't delstrykt op de moanne. Yn syn klauwen hat er in tûke fan in olivebeam fêst, as symboal fan freedsume bedoelings fan de missy. De ierde as begjin- en einpunt fan de missy is te sjen op in swarte eftergrûn, dy't symboal stiet foar it ûnbekende universum.[16] Der waard bewust net keazen om de trije nammen fan de bemanning yn it embleem te ferwurkjen, om sa de fokus net te bot op de bemanning allinnich te hâlden mar de eare takomme te litten oan alle meiwurkers fan it Apollo-program. Ynstee fan de nammen fan de trije astronauten is de namme fan de missy ôfbylde.

Komplotteoryen[bewurkje seksje | edit source]

De missy yn it ûnbekende en de heimsinnigens dêrfan makken de lâning op de moanne ta in foarfal yn de skiednis dêr't in soad komplotteoryen oer betocht binne. Neffens ferskate teoryen wienen der yn de jierren 1969-1972 hielendal gjin minsken op de moanne. Soks soe in optinksel of in propagandastunt wêze fan de NASA en it Amerikaanske regear. Yn de sântiger jierren fan de 20e ieu waarden de arguminten dy't de komplotteoryen ûnderbouwe moasten fersterke troch de skriuwer Bill Kaysing. Hy hat meiwurker west fan it bedriuw Rocketdyne, dat in leveransier fan de NASA wie.

Space race[bewurkje seksje | edit source]

Apollo 11 wie de earste flucht yn it Apollo-program, mei as doel om minsken op de moanne te setten. It beslút dêrta waard op 25 maaie 1961 útsprutsen yn it Amerikaansk Kongres troch presidint John F. Kennedy. Kennedy joech sei der fuort by de missy foar de ein fan de sechtiger jierren dien wêze moast. Kennedy syn beslút hie foar in part te krijen mei de saneamde "space race" tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Op 12 april 1961 wie kosmonaut Joeri Gagarin de earste mins yn it hielal, in oardel moanne foar it beslút fan Kennedy. De Amerikanen hienen mei Alan Shepard op 5 maaie 1961 de earste mins yn it hielal, mar hy fleach oars as Gagarin in suborbitale flucht en kaam dus net yn in baan om de ierde. Ta beslút wie der healwei april 1961 noch de mislearre ynvaazje yn de Bargebaai op Kuba wat it oansjen fan presidint Kennedy en de Feriene Steaten skeind hie.[17]

Snypsnaren[bewurkje seksje | edit source]

It plakaat wie ien fan de snústerijen dy't neilitten waarden op de moanne

De Apollo 11 missy liet ferskate spoaren nei op de moanne. Sa waarden de Amerikaanske flagge, it ûnderstel fan de moannelanner, en de wittenskiplik eksperiminten net mei weromnommen nei de ierde.

Oare - symboalyske saken - dy't Armstrong en Aldrin efterlieten wienen:

  • Emblemen (ûnder oaren fan Apollo 1) en medaljes.
  • In plakaat (op it ûnderstel fan de moannelanner) mei twa tekeningen fan de ierde, in tekst, en de hântekeningen fan de trije astronauten en presidint Richard Nixon.
  • In gouden replika fan de olivebeamtûke as tradisjoneel symboal fan frede.
  • In silikoane skiif mei berjochten fan ferskate politike lieders, leden fan it Amerikaanske Kongres en de NASA. De berjochten op de skiif wienen lytser as in fearnspart fan in minskehier.[18]

Luna 15[bewurkje seksje | edit source]

Luna 15 wie in ûnbemanne romtefartúch fan de Sowjets dat yn in baan om de moanne brocht wie en nei it oerflak begûn te sakjen doe't de astronauten fan Apollo 11 krekt klear wienen mei har earste kuier op de moanne. It ûnbemanne wie trije dagen foar it begjin fan de Apollo 11 missy lansearre, en hie as doel om grûnmateriaal fan de moanne werom te bringen nei de ierde. In oermannich foar't de astronauten de moanne ferlitte soenen sloech de Luna 15 stikken op 'e moanne.[19]

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

  • Nei de Apollo 11 missy krigen 5.600 fan de 23.600 meiwurkers fan it Kennedy Space Center dien.[8]

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Fideo's[bewurkje seksje | edit source]

Foto's[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Apollo 11 – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. John M. Sarkissian: On Eagle’sWings: The Parkes Observatory’s Support of the Apollo 11 Mission. PDF-triem , Ingelsktalich artikel út de Publications of the Astronomical Society of Australia, siden 287-310
  2. Apollo 11 Moon landing: ten facts about Armstrong, Aldrin and Collins' mission op de webside telegraph.co.uk
  3. Moonport: A History of Apollo Launch Facilities and Operations út 1978, skreaun troch Charles D. Benson en William Barnaby Faherty, side 535
  4. Ynformaasje oer de bemanning fan Apollo 11 op de webside history.nasa.gov
  5. De stypjende bemanningen (support crews) fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov
  6. List mei CAPCOM's fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov
  7. Fluchtliedingen fan it Apollo-program op de webside history.nasa.gov
  8. 8,0 8,1 spacelaunchreport.com
  9. 9,0 9,1 9,2 project-apollo.info Nederlânsktalige webside oer it Apollo-program
  10. Don Eyles syn konklúzje yn syn Guidance and Control Conference paper dy't yn 2005 ferskynde. Sjoch ek Don Eyles syn hiemside: TALES FROM THE LUNAR MODULE GUIDANCE COMPUTER
  11. Foto op de webside history.nasa.gov
  12. Artikel oer de lâning op de moanne op de webside nasa.gov
  13. Artikel Trying to rest út de Apollo 11 Lunar Surface Journal dy't op de webside hq.nasa.gov publisearre is
  14. National Aeronautics and Space Administration. "NASA Apollo Mission Apollo-11". Kennedy Space Center. Sjoen op 14 april 2012
  15. Lunar Hall of Fame
  16. Missy emblemen fan de feskate Apollo missy's op de webside history.nasa.gov
  17. The Decision to Go to the Moon: President John F. Kennedy's May 25, 1961 Speech before a Joint Session of Congress op de webside history.nasa.gov
  18. collectspace.com The untold story: how one small silicon disc delivered a giant message to the Moon
  19. telegraph.co.uk Russian spacecraft landed on moon hours before Americans
Symbol support vote.svg