Bargebaai

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bargebaai
Bargebaai fan Cueva de los Peces ôf

De Bargebaai (yn it Spaansk: Bahia de (los) Cochinos) is in baai oan de súdkant fan it eilân Kuba yn de provinsje Matanzas. De baai hat de foarm fan in grutte ûnregelmjittich foarme kustynham. Se wurdt yn it westen begrinze troch it Peninsula de Zapata, in grut moeras- en mangrovegebiet, en ten easten troch it efterlân fan it Giron-strân (Playa Giron) dêr't in protte lytse lânboumienskippen binne.

De kust fan de baai geniet in noch hast natoerlike rêst. De baai sels is bekend wurden troch it saneamde Bargebaai-ynsidint: de mislearre ynvaazje fan Kuba yn 1961 troch Kubaanske ballingen, steund troch de Amerikaanse CIA.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen