Joeri Gagarin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joeri Gagarin

Joeri Aleksejevitsj Gagarin (Russysk: Юрий Алексеевич Гагарин) (Kloesjino, 9 maart 1934Novosyolovo, 27 maart 1968) wie kosmonaut (Russyske name foar romtefarder). Op 12 april 1961 waard Joeri Gagarin de earste mins dy't in romtereis makke, oan board fan de Vostok 1.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Gagarin waard berne yn in doarp tichtby Gzjatsk yn de oblast Smolensk. Hy wie piloat yn de Russyske loftmacht en waard yn 1960 tegearre mei 19 kollega's selektearre foar de earste groep dy't de trening en oplieding ta romtefarder folgjen gie. Ynearsten waard German Titov selektearre foar de earste bemande romteflecht. Mar omdat de Russyske autoriteiten f6Unen dat syn namme (German) te Dúts klonk waard Gagarin selekearre foar de lansearing yn de Vostok 1 op 12 april 1961. Troch dizze romrofte flecht waard Gagarin de earste minsk yn de romte. Sûnt 1962 wurke hy as represintant yn de Oerste sovjet.

Gagarin waard oplieden as reservebemanning foar de Sojoez 1, de flecht die op 24 april 1967 rampzalig einigde mei de dea fan it ienige bemanningslid, Vladimir Komarov. Gagarin waard ek selektearre foar de trening foar in missy nei de moanne. Dy missy hawwe de Russen úteinlijk ôflast.

Der besteane hurdnekkige komplotteoryen dat foar Gagarin minstens twa oare Russen yn de romte west hawwe, wêrûnder Vladimir Iljoesjin. Dizze foargongers soenen lykwols swier ferwûne rekke wêze of it sels net oerlibbe hawwe. Bewizen dy't hjirfoar oanfierd binne blike allegear net wier te wêzen.

Gagarin kwam op 27 maart 1968 op 34-jarige leeftijd om it libben by in ûngelok mei in MiG-15 straaljager by in rûtinetreningsflecht tichtby Moskou. Gagarin wie trouwd en hie twa bern. Syn jiske is begroeven by de muorre fan it Kremlin. Elk jier op 12 april, op de dei fan de kosmonauten, wurdt der in krânse lein. It Kosmonautentreningssintrum Joeri Gagarin yn Sterrenstad by Moskou is nei him ferneamd. Ek waard de stêd Gzjatsk, tichtby syn bertedoarp, yn 1968 omdoopt yn Gagarin.