Vostok 1

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De daalkabine fan Vostok 1 yn it RKK Energia Museum yn Korolev, tichtby Moskou.

De Vostok 1 wie it earste bemande romtefartúch, lansearre yn it ramt fan it Russyske Vostokprogramma. It waard op 12 april 1961 lansearre. De Sovjet kosmonaut Joeri Gagarin foarme de bemanning en waard dêrmei de earste minsk yn de romte.

Missybeskriuwing[bewurkje seksje | edit source]

De flecht wie folslein automatysk, de bestjoeringynstruminten wienen blokkearre. Gagarin had een code in in fersegele slûf, dêr't hy yn needgefallen, nei tastimming fan de flechtlieding, de bestjoeringsynstruminten deblokkearje koe. Dochs wie de koade, "325", gjin geheim foar Gagarin. Foarôfgeand on syn lansearring hienen in technikus en generaal Kamanin him de geheime koade al ynskune[1].

De lansearring ferrûn sûnder problemen en nei 10 minuten kaam it Vostok romtefartúch sûnder problemen los fan de draachraket. In grut gedielte fan de baan lei oer wetter. Nei it ferlitten fan Aziatysk kontinint stuts de Vostok diagonaal de Stille Oseaan oer en fleach om de súdpunt fan Zuid-Amerika om daarna diagonaal de Atlantyske Oseaan oer te stekken. Ter hichte fan Angola fleach Vostok wer boppe lân en op dat momint waard de remraket ûntstutsen.

It Flechtpaad fan Vostok 1

Neidat de remraket fjurre hie foar it weromgean yn de atmosfear, moast de daalkabine mei dêryn de kosmonaut loskeppelje fan de service-module. Mar beide komponinten blauwen oan elkoar hingjen oan in bundel trieden, en yn de boppenste linen fan de atmosfear begûn it gehiel wyld te tuoljen. Uteinelik baarnden troch de wriuwingshitte de trieden troch, en de daalkabine naam automatysk de juste posysje yn.

Flak foar de ein fan de flecht waard Gagarin, hielendal neffens plan, mei in sjitstoel út de daalkabine sketten en lanne mei in parasjute feilich op ierde. De daalkabine laanne ek oan in parasjute yn itselde gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Smolders, P. (2007) In het spoor van Spoetnik. Amsterdam: House of Knowledge