Michael Collins (astronaut)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Michael Collins

Michael Collins (Rome, 31 oktober 1930) wie lid fan de bemanning fan de histoaryske romtemissy Apollo 11. Hy wie piloat fan de kommando-module fan Apollo 11 en sirkele dêrmei yn in baan om de moanne, wylst syn kollega's Neil Armstrong en Edwin Aldrin de earste minsken wienen dy't foet op de moanne setten.

Syn earste ûnderfining yn de romte krige Collins mei de Gemini 10 missy yn july 1966. Collins die by dy missy in romtekuier. Nei syn Gemini 10 missy wie Collins yn it earstoan beskikber foar Apollo 8. Om medyske redenen koe Collins net meidwaan oan Apollo 8, in skiifprobleem yn syn nekwringe hie ynfloed op syn skonken. Nei in operaasje moast Collins ferskate moannen mei in beskermbân om 'e nekke rinne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Michael Collins – foto, fideo en harktriemmen