Kennedy Space Center
Ut Wikipedy
It Kennedy Space Center (ôfkoarte KSC) is it lansearplak fan de NASA foar romtemissy's op Merritt Island yn Florida. It KSC leit noardwestlik fan it Cape Canaveral Air Force Station fan de USAF, dêr't it ek oan grinzet. Sûnt desimber 1968 waard it KSC brûkt foar alle bemanne romtefeartmissy's; yn it earstoan foar de Apollo-missy's en fan 1981 oant en mei 2011 foar de Space Shuttle's.
It Kennedy Space Center Launch Complex 39 (LC-39) is it lansearplak dêr't de raketten ôfsetten de romte. It Launch Complex 39 hat twa lansearplatfoarmen: LC-39A en LC-39B. De Shuttle Landing Facility (SLF) is it fleanfjild fan it KSC dêr't de Space Shuttle lânje kin.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- (in) Hiemside fan it KSC