Koreaanske Oarloch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Etiopyske FN-soldaten

De Koreaanske Oarloch of Korea Oarloch wie in wapene konflikt tusken it kommunistyske Noard-Korea en Súd-Korea yn it tiidrek fan de Kâlde kriich. It konflikt sette útein mei in oanfal fan Noard-Korea op Súd-Korea yn juny 1950 en einige yn july 1953 mei in wapenstilstân. Belutsen lannen wienen de Feriene Steaten ûnder de flagge fan de Feriene Naasjes oan de iene kant en kommunistysk Sina en de Sowjet-Uny oan de oare kant.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Eftergrûn

Korea hie sûnt 1905 troch Japan beset wêst. Nei de Twadde Wrâldkriich wie it noardlike part troch de Sowjet-Uny beset en it súdlike troch de Feriene Steaten. De 38e breedtegraad foarme de grins tusken beide Korea's. De besetters wienen oerienkomd dat beide lannen werienige wurde soene ta ien Korea. Lykwols waard nei de ein fan de besetting troch de twa grutte mogendheden yn Noard-Korea in kommunistysk rezjym ynsteld en krige Súd-Korea in mear demokratysk bestjoer. Noard-Korea waard stipe troch de Sowjet-Uny, wylst Súd-Korea troch de Amerikanen oan har lot oerlitten waard. Dêrom besleat de Noardkoreaanske regearingslieder Kim Il Sung om it suden te oermasteren.

[bewurkje seksje] It ferrin fan de Kriich

Op 25 juny 1950 bruts de kriich út doe't Noardkoareaanske troepen Súd-Korea binnen foelen. De feilichheidsrie fan de Feriene Naasjes naam in resolúsje oan dêr't de leden yn oantrune waarden Súd-Korea te stypjen. Dat koe lykwols net ferhinderje dat de Noardkoreanen yn septimber 90% fan Súd-Korea yn hannen hienen. De striidkrêften fan de Feriene Naasjes, dy't benammen gearstald wienen út Amerikaanske ienheden en ûnder befel stienen fan generaal MacArthur (nei april 1951 fan Ridgway), fierden ferfolgens lanningen út yn de rêch fan it Noardkoreaanske leger, dat fuort dêrop ynstoarte. Sineeske frijwilligers kamen de Noardkoreanen te help. En tegearre dreaunen sy de troepen fan de Feriene Naasjes wer tebek. De striid lokalisearre him dêrnei om de 38ste breedtegraad hinne.

Op 10 july 1951 waard begûn mei ûnderhannelingspetearen oer in wapenstilstân dy't earst op 13 juny 1953 ta oerienstimming late. By it front lâns waard in demarkaasjeline fêststeld, dy't foar Súd-Korea geunstiger wie as de 38ste breedtegraad.

[bewurkje seksje] Gefolch

It lân wie troch de oarloch yngreven ferwoaste. Oan Súdkoreaanske side sneuvelen 450.000 soldaten en by de Noardkoreanen 1.3 miljoen. Neffens de wapenstilstânoerienkomst soe in politike konferinsje folgje, dêr't oer it byinoar bringen fan it lân yn beslist wurde moast. De konferinsje wie in jier letter, mar smiet gjin resultaten op.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen