Ryksmuseum fan Aldheden
It Ryksmuseum fan Aldheden is it nasjonaal sintrum foar argeology yn Nederlân, mei grutte kolleksjes út it Alde Egypte en Heine Easten, de Grykske en Romeinske wrâld en it eardere Nederlân. It museum is festige yn in âld hearehús en begynhof, in mânsk gebouwekompleks oan it Rapenburg te Leien.
It museum waard yn 1818 stifte of inisjatyf fan kening Willem I mei C.J.C. Reuvens (1793-1835), heechlearaar yn de argeology as earste direkteur. Utsein kolleksjes fan bûtenlânske artefakten beheart it museum ek de topstikken fan de Nederlânske argeology fan de prehistoarje ôf oant de ein fan de midsieuwen.
[bewurkje seksje] Kolleksje
De kolleksje fan it museum is ferdield oer in fjouwertal ôfdielingen, dy't wer ûnderferdield binne yn lytsere. In yndieling dy't trochfierd yn in fêste tentoanstelling. De ôfdielingen binne:
- Egypte
- Heine Easten
- de Klassike Wrâld
- Nederlân