Wiro (hillige)

Ut Wikipedy
Wiro (hillige)
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ?
berteplak Ierlân of Noardumbrje
stjerdatum 710(?) of 739
stjerplak (by) Roermond
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
attributen as biskop

Sint-Wiro is in 8e-iuwske hillige en wurdt beskôge as ien fan de misjonarissen dy't yn de Nederlannen it evangeelje brocht.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de âldst bewarre hagiografy wie Wiro ôfkomstich út Scotia, de romeinske namme foar Ierlân. Oare boarnen skriuwe lykwols dat Wiro út Noardumbrje kaam. Mei de preester Plechelm en de diaken Otger reizge Wiro nei Rome, dêr't er tegearre mei Plechelm ta biskop wijd waard. De trije manlju soene doe meiïnoar ôfpraat ha dat hja tenei by inoar bliuwe soene.

De skryn fan de hillige Wiro ûnder it alter fan de Wirotsjerke yn Odiliënberg

Wiro preke yn it gebiet om de Maas en de Ryn en stifte nei't Pepyn fan Herstal (of Pepyn de Koarte) grûn beskikber stelde it Sint-Piterskleaster op de Mons Petri (Berch fan Petrus), it tsjintwurdige Sint Odiliënberg by Roermond. Yn dat kleaster waard Wiro ek begroeven. It kleaster ferhûze yn 1361 mei Wiro's reliken nei Roermond, dy't mei de reformaasje ferlern gyngen, mar yn de 16e iuw werom fûn waarden. Yn 1881 waard it grêf fan Wiro by opgravings yn it ramt fan de nijbou fan de tsjerke yn Sint-Odiliënberg op 'e nij ûntdutsen.

Feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feestdei fan Sint-Wiro falt op 8 maaie. Yn it ferline fierde it bisdom Roermond op 10 maaie de feestsdei fan Wiro. Sint-Wiro wurdt ek mei oare misjonarissen op 6 novimber op it Feest fan de hillige Ferkundigers fan it Leauwe yn de Lege Lannen betocht.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de midsiuwen waard de plasse fan Wiro yn Utert bewarre en as patroan fan it bisdom fereare. Yn Fryslân is de yn 2013 ûntwijde neogoatyske Sint-Wirotsjerke fan Easterwierrum wijd oan de hillige. Dêrnjonken is de tsjerke fan Sint Odiliënberg wijd oan Sint-Wiro, Sint Plechelmus en Sint-Otger.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: