Hylpersk

Ut Wikipedy
Hylpersk
algemien
oare namme(n) Hynljippersk
eigen namme Hylpers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 400 (2019)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Hylpersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal?)

It Hylpersk (Hylpersk: Hylpers) is it argayske Fryske dialekt fan it stedsje Hylpen, dat oan 'e westkust fan 'e provinsje Fryslân leit, op in skiereilantsje dat útstiket yn 'e Iselmar. It hat in tige behâldende klanklear en wurdskat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is. De ferskillen yn útspraak en wurdskat tusken it Hylpersk en it Standertfrysk binne sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn lizzing op in skiereilân hat Hylpen oant yn 'e tweintichste iuw fierhinne isolearre west fan syn efterlân. It wie folle mear op 'e see oriïntearre, en hie iuwenlang in protte kontakten mei de Hollânske kuststêden oare kant de Sudersee. De tradisjonele sjenswize is dat it Hylpersk dêrtroch mear ynfloed fan 'e Hollânske dialekten ûndergien hat as de oare Fryske dialekten. Benammen it Amsterdamske stedsdialekt soe troch de iuwen hinne in beskate ynfloed op it Hylpersk útoefene hawwe. Dêrnjonken soe it Hylpersk ek bleatstien hawwe oan (iere) ynfloeden fan it Ingelsk en fan Noardgermaanske talen, lykas it Noarsk.

De lokaasje fan it Hylperske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Yn it doarp Molkwar, dat tusken Hylpen en Starum yn oan 'e Iselmarkust leit, waard foarhinne in Frysk dialekt sprutsen dat sterk op it Hylpersk liek. Dat saneamde Molkwardersk is lykwols yn 'e njoggentjinde iuw útstoarn. Likegoed waard it bestean fan dy taalfoarm tradisjoneel sjoen as in befêstiging fan 'e ûntsteansskiednis fan it Hylpersk, mei't Molkwar nei alle gedachten yn earder tiid ek sterk op 'e see oriïntearre west hat, en om't de taalfoarm dy't dêr sprutsen waard krekt as it Hylpersk en it Stedfryske Starumersk in grutte Hollânske ynfloed ûndergien hawwe soe.

Yn 2019 stelde leksikograaf Siebren Dyk by de publikaasje fan syn Graet Hylper Wordebook lykwols fêst dat er yn 'e wurdskat fan it Hylpersk mar in ferrassend lyts tal lienwurden út it Hollânsk weromfûn hie. Fierders wied er mar ien wurd tsjinkommen dat mooglik fan bûten de Nederlânske grinzen ôfkomstich wie: nôkel, foar "waarle" (in blokje hout dat om in spiker draait en tsjinnet as ienfâldich ôfslútmeganisme foar doarren en finsters). Dyk ornearre dat "nôkel" in lienwurd út it Noarsk wêze koe, fan nøkkel (mei deselde betsjutting). Mar it wie neffens him ek mooglik dat it in reliktwurd út it Oergermaansk wie.[1]

Skriuwtaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hylpersk is yn elts gefal al fan 'e santjinde iuw ôf skriftlik oerlevere. Oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw waard troch meiwurkers fan 'e Fryske Akademy, ûnder lieding fan 'e lettere perfester H.T.J. Miedema en mei help fan frijwilligers, úteinset om in trochsneedapparaat op 'e doe bekende Hylper teksten te meitsjen, foarútrinnende op 'e gearstalling fan in wurdboek fan it Hylpersk. Om't dat trochsneedapparaat net de folsleine wurdskat foar alle libbensgebieten opsmiet, fregen frou H.G. Nijboer-Terpstra en de hear Sj. Zeijl yn opdracht fan 'e Fryske Akademy by de Hylper âlderein noch ferskate terreinen nei, wêrûnder in stikmannich spesifike beroppen, de húshâlding en it waar. Yn desimber 1975 begûn Gosse Blom alle gearbrochte ynformaasje om te setten ta in wurdboek, dat úteinlik yn 1981 ferskynde as it Hylper Wurdboek, in útjefte yn 'e Rige Fryske Dialektstúdzjes fan 'e Fryske Akademy.

Neitiid wurke Blom jierrenlang oan 'e gearstalling fan in alomfiemjend wurdboek fan it Hylpersk. Letter rekke ek leksikograaf Siebren Dyk by it projekt belutsen. Nei it hommels ferstjerren fan Blom, ein 2014, sette dy it wurk fuort. Ien jier letter krige er dêrby help fan 'e pinsjonearre wiskundelearaar Wiebe Zoethout, in memmetaalsprekker fan it Hylpersk. Dyk en Zoethout foltôgen it mear as tûzen siden tellende grutte wurdboek fan it Hylpersk, dat ein maart 2019 troch de Fryske Akademy útjûn waard ûnder de titel fan Graet Hylper Wordebook. Dat wurdboek brûkt it Nederlânsk as beskriuwende taal, hoewol't ek de Frysktalige ekwifalinten fan 'e lemma's jûn wurde. Fierders is efteryn in Nederlânske en in Fryske yndeks tafoege, sadat men ek fanút dy talen Hylperske wurden opsykje kin.[1]

Yn oktober 2019 kaam in berneboekje út 'e Nijntje-rige yn it Hylpersk út, ûnder de titel Aete en Ame Plús. De oersetting wie fersoarge troch skoaljuffer Tineke Blom. It boekje waard op freed 18 oktober yn 'e gymnastykseal fan basisskoalle De Skulpe yn Hylpen presintearre. It waard doedestiids sein dat dit it earste lêsboek wie dat ea yn it Hylpersk ferskynd wie.[2] Lykwols ferskynde earder al yn 2016 in lêsboek foar bern mei de titel De hönne op één poat (werom te finen yn it argyf fan it Tresoar yn Ljouwert), skreaun troch Gosse Blom en Roelie de Vries-Bakker. De Vries-Bakker wurke letter, yn 2018, doe't Ljouwert Kulturele Haadstêd wie, mei Ken Ho en Dyami Millarson gear foar it behâld fan it Hylpersk[3] en hja wie yn 2019 ek te hearren yn in fraachpetear mei Dyami Millarson dat gie oer de erkenning fan it Hylpersk, Skiermûntseagersk, Aastersk en Skylgersk as selsstannige talen troch de taalkundige webside Glottolog.[4] Har wurk jildt as it earste Hylper lêsboek sûnt jierren. Doe't har boek útjûn waard, fûn de Vries it sa spitich dat it Hylpersk hast net mear sprutsen waard troch de bern.[5]

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hylpersk genietet yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (dêr't Hylpen ta heart) gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Hylpersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Hylpersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Hylpersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.

Utsjoch op Hylpen fanôf de Yndyksbrêge.

Sprekkerstal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hylpersk waard neffens in skatting út 2018 noch sprutsen troch sa'n 300 minsken,[6] hoewol't Siebren Dyk, de skriuwer fan it Graet Hylper Wordebook, yn 2019 sei dat sa'n 40% fan 'e ynwenners fan Hylpen, oftewol 400 minsken, noch it dialekt spriek.[1] Dat binne foar it meastepart leden fan 'e âldere generaasjes, sadat it sprekkerstal de lêste desennia stadichoan tebekrint. Lykwols binne der noch al jongeren dy't it Hylpersk as deistige omgongstaal brûke en dy't it ek oan har eigen bern trochjaan wolle. Sa fetelde Dyk yn maart 2009 yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante dat er okkerdeis yn 'e supermerk yn Hylpen noch in lyts famke tsjin har heit sizzen heard hie: "Fear, yk wol nei ame tó." ("Heit, ik wol nei beppe ta.").[1]

Mids novimber 2018 kaam yn it nijs dat taalfanaten Dyami Millarson út Ljouwert en syn maat Ken Ho út Hongkong, dy't earder al yn koarte tiid it Aastersk fan Skylge en it Skiermûntseagersk learden te sprekken, harsels no it Hylpersk oanleard hiene. Millarson hie dêr trije wiken oer dien, wylst Ho, dy't muoite mei de útspraak fan 'e fokalen en twaklanken hie, der in fearnsjier mei besteld west hie. De Hylpers wiene bliid ferrast mei de belangstelling, sa fertelde Roelie de Vries fan 'e Stifting ta Behâld fan Ymmaterieel Erfgoed Hylpen yn 'e Ljouwerter Krante. Fral, sa foege se deroan ta, nei't it Hylpersk folslein negearre wie troch it LF2018-projekt Lân fan Taal.[6]

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klanklear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Hylpersk is in sterk behâldende fariant fan it Frysk, benammen wat wurdfoarm en klanklear oanbelanget. It wichtichste ferskil mei de Fryske standerttaal is dat yn it Hylpersk de âldere en nijere brekking net trochfierd binne. Sa is de [e:] (ee fan "feest") gjin [i.ǝ] (ie fan "wiet") wurden (Frysk: "skiep", Hylpersk: skeep; Frysk: "grien", Hylpersk: green). Ek ferbûcht de [u.ǝ] (oe fan "goed") net ta de [ṷo] (uo fan "huodden"). Fierders is de l as dy tusken in lûd en in d of t stiet, oars as yn it Standertfrysk bewarre bleaun en net stom wurden; men seit fan aald ("âld"), kaald ("kâld"), haalde ("hâlde") en saalt ("sâlt"), wêrby't dus de l útsprutsen wurdt. Ek de -d oan 'e ein fan wurden is bewarre bleaun op plakken dêr't dy yn it Frysk weiwurden is, lykas yn laand ("lân") en wynd ("wyn"). Frjemd genôch is op oare plakken de wurdeinige -d krekt út it Hylpersk weiwurden wylst er yn Frysk bewarre bleaun is, lykas yn goo ("goed") en bloo ("bloed").

In oar ferskil is dat de troch-Fryske konsonantekluster [ʧ] (tsj fan "tsjûk") yn it Hylpersk net foarkomt; it Hylpersk hat as ekwifalint dêrfoar de [c] (tj fan "tjems"), dy't yn it Standertfrysk seldsum is. Sadwaande seit men yn it Hylpersk dus fan tjian ("tsjin"), tjep ("tsjep") en tjoene ("tsjoene"). Boppedat wurdt dy klank dan noch faak fierder ôfswakke ta in [s], lykas yn serke ("tsjerke"), settel ("tsjettel") en sees ("tsiis"). Wol hat it Hylpersk de konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") beholden, dy't bgl. yn 'e Fryske dialekten fan Skylge en Skiermûntseach it fjild romje moatten hat foar de Nederlânskige [sx] (sch fan school).

De stavering fan it Hylpersk wykt op in stikmannich punten fan it Standertfrysk ôf. Sa wurde lange lûden ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun, lykas yn twaa ("twa") en siikant ("sydkant"). Krektsa behâldt de koarte ú ek yn iepen wurdlidden syn skerpteken en wurdt de koarte i altyd, ek yn iepen wurdlidden, mei in y stavere. Fierders makket it Hylpersk yn 'e stavering ûnderskie tusken de [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok"), dy't yn it Standertfrysk gelikens skreaun wurde; yn it Hylpersk staveret men de o fan "bok" lykwols as o: sonne ("sinne"), wylst de o fan "hok" in klamteken kriget: tòlle ("telle"). Noch in útspraakferskil dat yn it Standertfrysk net sichtber is, komt foar tusken de koarte [y] (ú fan "tút") en de lange [y:] (ú fan "drúf"); want wylst de koarte foarm fan dizze klank yn it Hylpersk krekt as yn it Standertfrysk as ú skreaun wurdt, staveret men de lange ú yn it Hylpersk as uu.

Dêrnjonken beskikt it Hylpersk oer twa koarte en trije lange lûden dy't yn it Standertfrysk net foarkomme. Op it mêd fan 'e koarte lûden giet it dêrby om 'e [æ], bekend út it Ingelsk (bgl. yn hat), dy't stavere wurdt as ä, en de [ɜ], de koarte e fan "lek", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen, dy't stavere wurdt as ö. De trije lange lûden binne de [ɑ:] (de lange a fan "baas", mar dan efter yn 'e mûle útsprutsen), stavere as aa; de [ɪ:] (de koarte i fan "pit", mar dan lang oanholden), stavere as ea; en de [ɜ:] (de lange ê fan "bêd", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen), stavere as ö. Fierders hat it Hylpersk ek noch 26 twalûden dy't yn it Standertfrysk ûntbrekke (sjoch dêrfoar de klankynventaris hjirûnder). Dêrmei is it Hylpersk in tige klankrike taalfoarm.

Klankynventaris[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

koarte lûden
Hylperske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [a] kat ("kat") de koarte a fan "kap"; wurdt ek as sadanich útsprutsen dêr't yn it Standertfrysk de útspraak
ferskood is nei de [ɔ] (lykas yn "kat")
ä [æ] äsjeblêft ("asjebleaft") de koarte, nei de e fan "lek" nigende a fan it Ingelske hat
e [ɛ] dek ("dek") de koarte e fan "lek"
e [ǝ] de ("de") de sjwa of stomme e fan "gewoan"
y [i] dyk ("dyk") de koarte i fan "bite"; ek yn iepen wurdlidden mei in y skreaun
i [ɪ] skip ("skip") de koarte i fan "pit"
ò [ɔ] fòt ("fet") de koarte o fan "hok"
o (ó) [o] sonne ("sinne") de koarte o fan "bok" (soms mei in skerpteken stavere: ó, hoewol't it Hylper Wurdboek
dy stavering net jout)
ö [ɜ] pöt ("pot", "pôt") de koarte e fan "lek", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen
û [u] rûp ("rûp") de koarte û fan "rûch"
u [œ] kruk ("kruk") de koarte u fan "put"
ú [y] tún ("tún") de koarte ú fan "tút"; ek yn iepen wurdlidden mei in skerpteken skreaun
lange lûden
Hylperske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aa [a:] haad ("holle") de lange a fan "baas"; ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun
aa [ɑ:] haach ("hage") de lange a fan "baas", mar dan efter yn 'e mûle útsprutsen; ek yn iepen wurdlidden dûbel
skreaun
ê [ɛ:] brêge ("brêge") de lange ê fan "rêst"
ea [ɪ:] beast ("bist") de koarte i fan "pit", mar dan lang oanholden
ee [e:] breef ("brief") de lange e fan "feest"; ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun
eu [ø:] beuch ("beuch", fiskersark) de eu fan "deun"
ii [i:] tiid ("tiid") de lange i fan "wiid"; ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun
oe [u:] roef ("roef") de lange û fan "sûch"
ô [ɔ:] hôp ("hoop") de lange ô fan "nôt"
oo [o:] hoop ("hoep") de lange o fan "rook"; ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun
ö [ɜ:] töter ("toeter") de lange ê fan "bêd", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen
uu [y:] tuuch ("túch", gereid) de lange ú fan "drúf"; ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun
koarte twalûden
Hylperske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
ai [ai̭] taim ("team", gereid) de ai fan it Wâldfryske "laitsje"
ei [ɛ.i̭] reid ("reid") de ei fan "bij" of it Wâldfryske "dei"
èa / er [ɛɔ̭] hèal ("hel"), gers ("gers") de koarte e fan "lek", folge troch de koarte o fan "hok"
èu [ɛṷ] fèuwer ("fjouwer") de koarte e fan "lek", folge troch de koarte û fan "rûch"
ia / ir [ɪɔ̭] fiald ("fjild"), bird ("burd") de koarte i fan "pit", folge troch de o fan "hok"
iuw [iṷ] kiuwe ("kiuw") de iuw fan "liuw"
ou / au [ɔṷ] tou ("tou"), hau ("heale sint") de ou fan "grou" (net deselde klank as de au fan "gau")
öi [ɜi̭] böis ("buis") de koarte e fan "lek", mar midden yn 'e mûle útsprutsen, folge troch de koarte i fan "bite"
öu [ɜṷ] möukje ("miaukje") de koarte e fan "lek", mar midden yn 'e mûle útsprutsen, folge troch de koarte û fan "rûch"
ui [øi̭] buie ("boargemaster") de eu fan "deun", mar koarter útsprutsen, folge troch de koarte i fan "bite"
ûi [ui̭] bûie ("boei") de oei fan "foei"
uw [yṷ] seanuw ("senuw") de uw fan "senuw"
lange twalûden
Hylperske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aau [ɑ:ṷ] paau ("pau") de au fan "gau", mar langer oanholden en efter yn 'e mûle útsprutsen
ae [ɒ.ə] baere ("weach") in diftongisearre ô fan "nôt" (sa't men yn dielen fan 'e Klaaistreek it wurd "ôf" wol
útsprekt – net as "au", dat ek wol foarkomt), en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener;
dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him as in diftongisearre ô
reälisearje
ae [ɒ.ɪ̭] naet ("nacht") in diftongisearre ô fan "nôt", en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener, folge troch de
koarte i fan "pit"; dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him
reälisearje as in diftongisearre ô folge troch de i fan "pit"
ae [ɒ:i̭] klaei ("klaai") in diftongisearre ô fan "nôt", en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener, folge troch de
koarte i fan "bite"; dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him
reälisearje as in diftongisearre ô folge troch de i fan "bite"
ê [ɛ.ə] êrpel ("jirpel") in diftongisearre ê fan "bêd" (sa't men yn dielen fan 'e Klaaistreek de ê fan "bêd" wol
útsprekt), dus ê mei in klankleaze sjwa derefteroan
ê [ɛ.ɔ̭] êrst ("earst") de ê fan "bêd", folge troch de o fan "hok"
ea [ɪ.ǝ] bear ("bear") de ea fan "beam"
ea [ɪ.ɔ̭] bears ("bears") de i fan "pit", mar wat langer oanholden, folge troch de o fan "hok"
eau [ɪ:u] meau ("seefûgel") de eeuw fan it Nederlânske leeuw
eu [ø.ǝ] kleur ("kleur") de eo fan "freon" of eu fan "beurt"
eu [ø.ɔ̭] beurt ("beurt") de u fan "put", mar wat langer oanholden, folge troch de o fan "hok"
ie [i.ǝ] jier ("jier") de ie fan "wiet"
ie [i.ɔ̭] hierst ("hjerst") de i fan "bite", mar wat langer oanholden, folge troch de o fan "hok"
iiuw [i:ṷ] fiiuw ("fiif") de ieu fan "ieu" of "Sieu", mar mei in wat langer oanholden i-klank (stavering foar 2015)
oa [o.ǝ] oars ("oars") de oa fan "boat"
oa [o.ɪ̭] koal ("koal", branje) de o fan "bok", mar wat langer oanholden, folge troch de i fan "pit"
oai [o:i̭] noait ("nea") de oai fan "moai"
ô [ɔ.ə] dôr ("doar") in diftongisearre ô fan "nôt" (sa't men yn dielen fan 'e Klaaistreek it wurd "ôf" wol
útsprekt – net as "au", dat ek wol foarkomt)
ô [ɔ.ɪ̭] hôs ("hoas") in diftongisearre ô fan "nôt", folge troch de koarte i fan "pit"
ôi [ɔ:i̭] môi ("moai") in diftongisearre ô fan "nôt", folge troch de koarte i fan "bite"
ö [ɜ.ə] böre ("boarre") de koarte e fan "lek", mar midden yn 'e mûle útsprutsen, langer oanholden en diftongisearre
(dus mei in klankleaze sjwa derefteroan)
oe [u.ǝ] koer ("koer") de oe fan "goed"
oe [u.ɪ̭] foet ("foet") de û fan "rûch", mar wat langer oanholden, folge troch de i fan "pit"
oei [u:i̭] boeie ("boei", keatling) de oei fan "groei", mar mei de û-klank wat langer oanholden
ue [y.ǝ] kuer ("kuer", genêswize) de ue fan "flues"
ue [y.ɔ̭] buert ("buorren") de ú fan "tút", mar wat langer oanholden, folge troch de o fan "hok"
bylûden
Hylperske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
b [b] bak ("bak") b fan "bêd"
ch [x] graich ("graach") ch fan "troch"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
ch [ɣ] sechde ("sechsde") g fan "drage"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
d [d] dook ("doek") d fan "del"
f [f] feast ("feest") f fan "fol"
g [ɡ] gaans ("goes", "gâns") g fan "gers"; yn it Hylpersk ek tusken twa lûden, lykas yn: drêge ("drage")
h [h] hûnd ("hûn") h fan "hout"
j [j] jéald ("jild") j fan "jas"
k [k] kaei ("kaai") k fan "kat"
l [l] lòrts ("ljurk") l fan "lok"
m [m] môl ("moal") m fan "mar"
n / nn [n] nôs ("noas") n fan "nekke"
ng [ŋ] tange ("tange") ng fan "ding"
nk [ŋk] tank ("tank") nk fan "bank"
p [p] paik ("pat", tút) p fan "pet"
r [r] rost ("roast") r fan "rak"
s [s] sees ("tsiis") s fan "sâlt"
sj [ʃ] sjael ("sjaal") sj fan "sjippe"
sk [sk] skoele ("skoalle") sk fan "skean"
t [t] tems ("tjems") t fan "tosk"
tj [c] tjiere ("tsiere") tj fan "tjems"; dit is de Hylperske ekwifalint fan 'e Standertfryske tsj [ʧ], dy't yn it Hylpersk
alhiel ûntbrekt
w / v [ʋ] wynd ("wyn", waarsferskynsel), haiven ("haven") w fan "wat"
z [z] toezen ("tûzen") z fan "tûzen"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
zj [ʒ] bagaezje ("bagaazje") zj fan "garaazje"; komt yn it Hylpersk inkeld foar yn lienwurden

Wurdskat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It komboerd fan Hylpen mei op 'e eftergrûn it stedsje.

Der komme ek in stikmannich leksikale ferskillen foar tusken it Hylpersk en it Standertfrysk. Sa jout it Hylpersk siie foar "naaie" (ferlykje it Ingelske to sew), tät foar "happe" (yn 'e sin fan bernetaal foar "hynder") en öie foar "sipel" (ferlykje it Nederlânske ui). Yn 'e wurdskat fan it dialekt binne in protte wurdfoarmen bewarre bleaun dy't yn it Frysk net mear (folle) brûkt wurde, lykas het foar "wat" (ferlykje de âlde stavering "hwat") en jitte foar "noch" (âldere foarm: "jit"). "Wat dochsto dêre?" is sadwaande yn it Hylpersk "Het dweistû derre?", en "Hy is der noch net" is "Hy ys der jitte naat."[1]

Konklúzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskillen yn útspraak en wurdskat tusken it Hylpersk en it Standertfrysk binne sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt. Lykwols hat in stekproef oanjûn dat it Hylpersk stadichoan nei it Standertfrysk tawaakst. Nei gedachten hat dat te krijen mei it tanimmende kontakt tusken de beide taalfoarmen, en mei de fêstiging fan sprekkers fan oare dialekten yn Hylpen.

Priuwke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder by wize fan priuwke fan it Hylpersk twa fragminten. Earst de begjinregels fan it gedicht Bitterswiet, fan Tiny Mulder, dat yn it ramt fan it Bitterswiet-projekt troch Gosse Blom oerset is yn it Hylpersk.

Bitterswiet
Fryske orizjineel (Tiny Mulder) Hylperske oersetting (Gosse Blom)
Bitterswiet
Bitterswiet, bitterswiet
Priuwt dit lytse leafdesliet
Sil dyn ear it ea wol heine
As de fine drippen 't reine
[...]
Bittersweet
Bittersweet, bittersweet
Priuwt dizze likje minnesang
Sol dyn aer wol eenkear fange
As de fyne droppen 't ryne
[...]

Hjirnei in proazafragmint út it mearke Fan 'e Fisker en Syn Frou, ien fan 'e minder bekende mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It waard yn 2012 oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm. Foar dyselde bondel sette Gosse Blom it oer yn it Hylpersk, ûnder de titel De Fisker en Syn Frou.

Fan 'e Fisker en Syn Frou
Fryske oersetting (Anne Tjerk Popkema) Hylperske oersetting (Gosse Blom)

Op in dei siet er sa wer ris mei de angel yn 'e hân yn it heldere wetter te stoarjen. Hy siet mar en hy siet mar. Doe bûgde de angel hiel djip troch. Doe't er ophelle, kaam der in grutte fisk út it wetter, in bot. De bot sei tsjin him: "Hark ris, fisker, ik freegje dy om my libje te litten. Eins bin ik net in bot, mar in betsjoende prins. Wat hast deroan ast my deamakkest? Ik smeitsje dochs net. Set my mar wer út yn 't wetter en lit my swimme."

Op in dei seet er só wur ris te fiskjen, en sooch er geduerich yn it heldere wetter. Hy seet mar en hy seet mar. Dê geeng de dobber nei ûnderen, de dêpte yn, en dê't er ophelle, hee er in helen graeten bót oen 'e hook. De bót see tjian him: "Hear ris, fisker, yk smeak jy, leet my libjen bliuwe. Eigenlik bin yk gin bót, mar in betjoenden preans. Het hest deroen ast my daamekkest? Yk smeikje dochs naat. Sot my weróm yn it wetter en leet my swemme."

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Vries, Sietse de, As de taal it net oprêdt, is dy teminsten fêstlein, yn: de Ljouwerter Krante, 29 maart 2019, bylage Freed, s. 8-9.
  2. Oenema, Rixt, Altijd knokken voor het Hylpers, yn: de Ljouwerter Krante, 19 oktober 2019, s. 3.
  3. Hylper taal fergetten troch Lân fan taal, op: Omrop Fryslân, 12 novimber 2018.
  4. De redder van streektalen Dyami Millarson, yn: Langs de Lijn en Omstreken fan NPO Radio 1, 5 juny 2019 (ek hjir werom te hearren.
  5. Nij boekje mei ferhaaltsjes yn it Hylpersk, op: Omrop Fryslân, 12 maart 2016..
  6. 6,0 6,1 Grosso, Maria del, Hindeloopen omarmt taalhelden, yn: de Ljouwerter Krante, 13 novimber 2018, s. 25.

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)