Standertfrysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske standerttaal)

It Standertfrysk is de standerdisearre foarm fan it Nijfrysk dy't fêstlein is yn 'e offisjele Fryske stavering. Dizze taalfoarm is fierhinne gearstald út 'e Klaaifrysk/Noardhoekske en Wâldfryske dialekten. De Súdwesthoekske ynbring yn dat proses hat mar hiel beheind west, wylst it Hylpersk en de eilândialekten (Skylgersk, Aastersk en Skiermûntseagersk) der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. De boarnen fan it Standertfrysk binne teksten dy't sûnt 1800 op papier setten binne. De noarm fan it Standertfrysk wurdt helle út WB-I en -II en oanfoljende wurdlisten fan de Fryske Akademy.