Nijntje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stânbyld op Nijntjepleintsje.

Nijntje is in searje fan berneboeken oer it knyne-famke Nijntje Pluis, skreaun en tekene troch Dick Bruna.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1955, wylst it gesin Bruna yn Egmont oan See mei fakânsje wie, tekene Dick Bruna Nijntje foar it earst. Hy waard ynspirearre troch it boartersknyn dêr't syn ien jier âlde jonkje mei boarte en de libbene kninen dy't er sels as bern hân hie. Dat jier kaam it earste Nijntjeboek út, yn it Nederlânsk, nei in ferhaal dat Dick Bruna syn jonkje ferteld hie. En nei dat earste boekje kamen der mear. Yn it begjin wie Nijntje noch wat boartersknyneftich, mar sûnt 1963 is se op 'e nij tekene sa't se no noch is. Yn it Nederlânsk binne der no mear as 25 boeken oer Nijntje.

Styl[bewurkje seksje | edit source]

Nijntje wurdt hiel ienfâldich tekene, mei in pear linen en ien of twa basiskleuren. It hat wol wat wei fan de kleare line, de tekenstyl dy't Hergé introdusearre hat. De tekenstyl fan it Japanske figuerke Hello Kitty liket in soad op dy fan Dick Bruna. Om't ek Nijntje tige populêr is yn Japan, binne der wolris minsken dy't tinke dat Nijntje dêr ek wei komt.

In Nijntjeboek hat fjouwerentweintich siden, mei op eltse rjochterside in tekening en op eltse lofterside fjouwer fersrigels, yn in dúdlike, dikke letter en sûnder haadletters. De boeken wurde mei sin drukt yn in lyts formaat, 15 x 15 sm, om't Dick Bruna it wichtich fynt dat de bern fiele kinne dat de boekjes foar har makke binne, net foar harren âlden.

Nijntje yn oare talen[bewurkje seksje | edit source]

Der binne ek boeken in ferskate oare talen. Utjouwerij Bornmeer jout Fryske Nijntjeboeken út. Yn it Frysk hat Nijntje har Hollânske namme holden. Dat is oars yn oare talen. Yn hast alle oare talen hjit se Miffy. De stêd New York hat Miffy ambassadrise foar gesinstoerisme makke. Der is ek in Latynsk boeksje ferskynd, dêr't se Miffa yn hjit. Twa fan de boekjes binne ek yn brailleskrift skreaun.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Nijntje is no ek op tillevyzje, en der hawwe ek twa Nijntje musikals west.
  • Njonken boeken, fideo's, CD-ROMs, en DVD's fan Nijntje, binne der ek allerhanne gebrûksfoarwerpen, klean en boartersguod mei Nijntje.
  • Yn 1996 krige Dick Bruna foar nijntje in de tent in sulveren pinsiel, en yn 1997 foar lieve oma pluis in sulveren griffel.
  • De bertestêd en wenstêd fan Bruna, Utert, hat in Nijntjepleintsje, mei in byld fan Nijntje. It byld is yn 1994 makke troch Marc Bruna.
  • Doe't Nijntje yn 2000 45 jier âld waard krige se safolle post dat se yn it Guinness Book of Records opnaam waard foar measte post ûntfongen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]