Monnikebuorrenmole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Monnikebuorrenmole yn 2008

De Monnikebuorrenmole is in poldermole tichtby it doarp Nijhuzum yn de gemeente Nijefurd.

De Monnikenbuorrenmole, dy't inkele hûnderten meters ten noarden fan Nijhuzum stiet, is in spinnekopmole. Hy waard foar 1832 boud om tegearre mei in oare spinnekopmole de 155 ha grutte Monnikenbuorrenpolder te bemealen. De mole hat in flecht fan 13,60 meter en hie yn it earstoan in skeprêd en krige pas letter in fizel. Foar 1940 waard de funksje fan de mole oernomd troch in dieselmotor, dy't yn it ûnderhûs fan de mole setten waard. It boppehûs waard dêrnei sloopt. De dieselmotor waard letter ferfongen troch in elektromotor.

Yn 1994 waarden fierhinne sloopplannen foar it ûnderhûs fan de mole tanksij yngripen fan inkele Fryske moleleafhawwers keard. De mole waard yn 2003 eigendom fan de Molestifting Nijefurd, dy't him hielendal restaurearje liet. De ûndertoer waard ôfbrutsen en is yn it wurkplak oplape, wylst de boppetoer hielendal nij makke waard. Sûnt 2008 is de Monnikenbuorrenmole wer mealree. Hy is oanwiisd as ryksmonumint en kin op sneontemiddei besichtige wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: