De Alde Feanen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Alde Feanen
Wikelslân

De Alde Feanen is in nasjonaal park op it grûngebiet fan de gemeenten Boarnsterhim, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel . It hat in oerflak fan ûngefear 2500 hektare.

De Alde Feanen foarmje in alsidich leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, sompen, reidlannen, healannen en en moerasbosken. Yn it gebiet komme mear as 450 soarten planten en mear as hûndert fûgelsoarten foar.

Yn Earnewâld stiet it Besikerssintrum De Alde Feanen, mei dêrnjonken earrebarre-bûtenstasjon It Eibertshiem.

It gebiet is sûnt 1934 yn behear by de stifting It Fryske Gea. Nei in oprjochtingsperioade fan fjouwer jier waard De Alde Feanen op 26 april 2006 troch minister Veerman fan Natuer offisjeel ynsteld as tweintichste en lêste nasjonaal park fan Nederlân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]