Sint Jansgea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint Jansgea
Himrik fan  Sint Jansgea
Gemeente Skarsterlân
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 37
Ynwenners (2004) 860
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 51' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8464
Webstee {{{webstee}}}


gemaal en mole De Hersteller

Sint Jansgea (ek: Sint Jut) is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, súd fan it Nannewiid. It doarp hat likernôch 860 ynwenners (2004). It foarmet eins in twillingdoarp mei Rotsterhaule. De doarpen wurkje dan ek gear mei skoallen, tsjerken en ferienings. Sint Jansgea is neamd nei de tsjerke fan it doarp, dy't wijd is oan de hillige Johannes. Dizze tsjerke stiet hjir al jierren net mear. Nei de ynpoldering en it yn kultuer bringen fan it lân is de Streek fertichte ta in lintbebouwing dy’t oan de noardkant noch altyd tichter is dan oan de súdkant fan de Streek. Fan de âlde Streek ôf is noch dúdliker dan yn it buordoarp Rotsterhaule te ûnderfinen, hoe leech it lân leit.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Feanôfgraving

Yn it gebiet is yn it ferline in soad fean ôfgroeven, dit waard as turf ferskippe. It gebiet waard slim wiet en strûpte by min waar hielendal ûnder wetter, it waard it Unlân neamd. De polder is lykwols droechmeald troch fjouwer mûnen, de lêst oerbleaune mûne is troch de befolking rêden fan de sloop: De Hersteller. De Hersteller bestie yn 2007 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder droech te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.

[bewurkje seksje] Bakkers

Hoe't it komt is net rjocht dúdlik, mar sa'n 40 à 50 jier ferlyn wennen en wurken oan de Streek yn it twillingdoarp wol tsien ferskillende bakkers. Ta in brea-oarloch is it net komd. Krekt oarsom, se organisearren har yn in ynkeapferiening en ien kear jiers gienen se mei harren froulju in dei oderop út. De measte fan dy bakkerijen bine yn de jierren sechtich ferdwûn, mar de saken dy't oerbleaunen binne útgroeid ta grutte bedriuwen. It koekefabryk fan Sint Jansgea, Wieger Ketellapper (ûnderdiel fan Keninklike Peijnenburg B.V.), is bekend in hiel Nederlân, krektas it roggebreafabryk fan Van Dijk en yn Rotsterhaule it koeke- en pipernutenfabryk fan Modderman.

Sintjohannesga Skar 02.jpg

[bewurkje seksje] Mienskip

In bysûnder gebou is ‘Yn ’e Doarpsfinne’, in wenmienskip foar âlderein mei in oerdekte binnentún. Hjir by yn sitte ek in soos foar jongerein en in pjutteboarterssplak. De Trieme en De Schakel binne de basisskoallen fan it doarp.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

  • De Grie - âlde namme foar lân tusken de Streek en de Hege Dyk.
  • H J Groenstrjitte - Harmen Jans Groen wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
  • Hindrik-Jan Textörstrjitte - Hindrik-Jan Textor, húsarts yn Sint Jansgea/Rotserhaule tusken 1925-1942. Gie yn 1919 nei Ynje mei syn frou Sjoukje de Vries en waard gûvernemintsarts yn Soerabaya, letter yn Sitoebondo en as lêste stânplak oant 1925. Waard fanwege fersetsaktiviteiten eksekutearre yn de finzenis fan Scheveningen op 19 maaie 1942.
  • Hege Dyk - heech lizzende dyk tusken Rottum en Rotsterhaule dêr't eartiids in paad oer rûn. Nei it dimpen fan de neistlizzende Hegedyksterfeart waard de dyk yn 1962 asfaltearre en ferbrede.
  • Jan de Goedestrjitte -
  • Kadyk - eartiids: 'Kaardyk', rint oer it ferfeante efterlân fan Sint Jansgea en Rotsterhaule.
  • Lichte - leech lizzend lân oan de Ringfeart.
  • M J Hogeboomstrjitte - Minne Jacobs Hogeboom wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
  • Molenstelle - paad fan mole "De Hersteller" (1857) fan de Hege Dyk nei de Streek. De mole is yn 1981 wer opknapt.
  • Prinses Marijkewei - ropnamme fan prinses Christina, dochter fan keninginne Juliana en prins Bernhard.
  • Ringfeart - nei it wetter de Ringfeart.
  • Simensstelle - Simen Apperlo hie in pleats oan de Hege Dyk.
  • Skardyk - rint troch it skar, in natoergebiet yn it leechfeangebiet.
  • Skoalekers - nei it lân dat eartiids efter de kristlike skoalle lei.
  • Streek - de langedy troch Sint Jansgea en Rotsterhaule
  • Tsjerkhôfleane - lâns en nei it Tsjerkhôf.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen