De Hersteller (Sint-Jânsgea)

Ut Wikipedy
De Hersteller yn 2009

De wynmole De Hersteller by Sint-Jânsgea waard boud yn 1857. De boppekruier is in achtkante grûnsiler. De funksje wie poldermole.

Tekst op de tinkstien: In 1857 waard ik hjir boud De jierren 1979 oant 1981 laten ta myn behâld De Hersteller 1e fan de 6 moles dy't de St. Jansgeaster feanpolder oant 1931 bemealde.

Yn 1948 soe de mole ôfbrutsen wurde, mar leafhawwers koene dat foarkomme. De mole wie syn wjukken en kape doe al kwyt. Tusken 1979 en 1981 waard er restaurearre. De Hersteller is ek de iennichste mole yn Fryslân dy't permanint bewenne wurdt. Yn 2016 waard bekend makke dat de mole in generator krije sil, oandreaun troch de wjukken, dy't de wenning fan elektrisisteit foarsjen moat. Dit sil barre yn it ramt fan it projekt verduurzaming monumenten.

It njonken de molen steande elektrysk gemaal De Grie hat de funksje fan de mole oernomd. De mole stiet oan de N924 en is in ryksmonumint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]