Jehannestsjerke (Weidum)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Weidum
adres Lytse Buorren 3
koördinaten 53° 08' N 5° 44' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes de Evangelist
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8518 [1]
Webside
PKN-gemeente Westerwert
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Jehannestsjerke is de protestantske tsjerke fan Weidum. Sûnt 2021 is de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste diel fan de oan Jehannes de Evangelist wijde tsjerke is de toer, dy't datearret fan 1100. De toer is folslein fan dowestien en is letter ferhege. Yn de toer hingje twa klokken. De klok út 1531 waard getten troch Geert fan Wou en Johan Tersteghe en de klok út 1626 troch Hans Falck. It oerwurk is 16e-iuwsk en waard yn 2019 restaurearre.

De romanogoatyske tsjerke fan giele kleastermoppen datearret út de 13e iuw en hat finsters mei kraalprofilen. In tal finsters binne letter grutter makke. Tsjin it ein fan de 15e iuw binne de yngongen fernijd; it noardlike portaal hat in koerbôge, it súdlike in spitsbôge. Yn dy tiid waard ek it stiennen ferwulft útbrutsen en ferfongen troch it tsjintwurdige houten tonferwulft.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It ynterieur fan de tsjerke is 18e-iuwsk. De preekstoel mei de dooptún (1712) en fjouwer hearebanken en de oare banken mei de kearsehâlders binne fan dy tiid. De grutte bank foar de preekstoel oer wie dy fan de famylje Burmania. Yn de tsjerke lizze trije ier-17e iuwske sarken en in 15e-iuwske fan Bremer sânstien.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wis is dat Weidum al yn 1543 in oargel hie. Ek nei de reformaasje bleau it oargel yn Weidum yn gebrûk. Tsjin it ein fan de 18e iuw foldie it âlde oargel net mear en krige Albertus van Gruisen de opdracht in nij oargel de bouwen. It Van Gruisen-oargel die oant 1889 tsjinst. It waard doe ferfongen troch in oargel fan Van Dam út Ljouwert, it hjoeddeiske oargel. It Van Gruisen-oargel is doe ferkocht oan in dolearjende tsjerke yn Haarlim, dy't it letter troch ferkocht oan de grifformearde tsjerke fan Ter Apel, dy't yn 1969 ôfbrutsen is. It Van Dam-ynstrumint waard yn 1900 mei in register útwreide troch Bakker & Timmenga. Boppe it oargel hong eartiids in houten gerdyn, dat earne yn de jierren 1930 weihelle is.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter (2007) Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven Leeuwarden/Groningen, Uitgeverij Noordboek, ISBN 978 9033005589