Lúntsjerk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Lúntsjerk, ek wol kleaster Ludingatsjerke, wie in earder kleaster by Koetille ûnder Mullum. It kleaster is yn 1157 stifte en wie haad fan de reguliere koarhearen en sels ôfhinklik fan Rolduc. Hjirwei waarden ek de parochys fan Hitsum en njoggen oare doarpen yn de omkriten betsjinne. It rike kleaster keas yn de 15e ieu foar de Fetkeapers yn harren striid tsjin de Skieringers. Yn 1517 is it kleaster ferlitten en wurdt it kleasterbesit fan Kleaster Achlum út bestjoerd. Yn 1535 is it kleaster ôfbrutsen en oerbrocht nei Achlum.

It kleaster fan de oarder fan de Augustiner koarhearen waard stifte as kapel yn 1157. It inisjatyf gie út fan de famylje Ludinga, en dan benammen troch in Eilwerd Ludinga yn Almenum. Godefridus fan Renen, de acht en tweintichste biskop fan Utert dy’t de Fries Wigbolt as oerste beneamde, bepaalde dat de helte fan de ynkomsten fan de tsjerke fan Minnertsgea foar it kleaster wie. De konvinten Eanjum, Achlum, Skilwert en Oegekleaster waarden út Lúntsjerk wei stifte. It kleaster kaam yn besit fan grutte stikken lân op Tessel en fan de Roomske kening krige it ek hiel Flylân yn besit. In 1237 waard troch in stoarm de stins fan Lúntsjerk fernield en strûpten grutte stikken lân ûnder wetter. De muontsen groeven grêften om de handelsfeart te ferbetterjen en Lúntsjerk waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De omkrite ten westen fan Almenum, Harns waard dêrtroch ek foaroansteand dat it yn 1234 stedsrjochten krige.

Sicco Sjaardema, achtste Potestaat fan Fryslân, soe yn 1246 it stik fan Tessel dat fan Fryslân wie oan de abt fan, Alardus en syn neisieten wei jaan. Letter waard dat stik fan Tessel troch de greven fan Hollân ferovere. De wielde fan it kleaster soe der ta laat hawwe dat de seedlikheid efterút gie. De kleasterherfoarming fan 1423 skafte de abtsweardichheid ôf mar dat late net ta ferbettering.

It kleaster wie nochal faak by striid belutsen dat de pastoars fan Frjentsjer, Harns en Hitsum kleiden by de eallju. De muontsen soenen har mear ûnderwerpe moatte oan de kleastertucht. Dizze herfoarming waard oplein troch Kapittelhearen fan it kleaster St. Agnes yn Windesheim út Oerisel tsjinoer de eallju Sikke Sjaerda, Douwe Aylva, Epe te Kee, Douwe Homminga, Douwe Oedzinga te Kimswert, Rienck Ukkesen en Tjaerd Tjaerda. Boppedat krige Lúntsjerk de titel fan proasdij en mocht de sâneintweintichste abt him allinnich noch prior neame.

Yn 1516, by de Gelderske en Saksyske striid yn Fryslân hie Lúntsjerk in soad te lijen. Op it lêst wie der safolle fernield dat allinnich it tsjerke en ien oar gebou noch oerein stie. De Saksyske oanhingers hawwe dy doe mar yn ’e brân stutsen. De Harnzer drost Crombach hat de stiennen brûkt foar it bouwen fan de by it eardere kastiel (no de Westertsjerke) yn Harns. Op dizze toer waarden yn 1566 de edele Friezen Sjoerd fan Beyma en Hartman fan Galama finzen setten. Lúntsjerk hat fan 1167 oant 1556, krekt 359 jierren bestien.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels