2009
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2009 MMIX |
Ab urbe condita | 2762 |
Armeenske kalinder | 1458 ԹՎ ՌՆԾԸ |
Etiopyske kalinder | 2001 – 2002 |
Hebriuwske kalinder | 5769 – 5770 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2064 – 2065 |
- Shaka Samvat | 1931 – 1932 |
- Kali Yuga | 5110 – 5111 |
Iraanske kalinder | 1387 – 1388 |
Islamityske kalinder | 1430 – 1430 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4705 – 4706 乙子 – 丙丑 |
2009 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2009.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
2009 is it:
- Ynternasjonale Kalvynjier fanwegen it fiifhûndertste bertejier fan de protestantsk tsjerkherfoarmer Jehannes Kalvyn.
- Darwinjier 2009 fanwegen it twahûnderste bertejier fan de natuerûndersiker en biolooch Charles Darwin.
- Ynternasjonale Jier fan de Astronomy, as betinking oan de 400e jierdei fan Galileo's earste waarnimming mei in teleskoop.
Foarfallen
- jannewaris
- 1 - Noarwegen fiert it homohoulik yn.
- 1 - Slowakije fiert de euro yn as muntienheid
- 1 - By de brân yn de Santika Club, in nachtklub yn 'e Taiske haadstêd Bangkok, komme 66 minsken om.
- 1 - Tsjechje wurdt foar in heal jier foarsitter fan de Europeeske Uny.
- 1 - Gazprom slút de ierdgas tafier nei de Oekraïne.
- 3 - Alaska makket sûnt 50 jier ûnderdiel út fan de Feriene Steaten.
- 5 - Ahmed Aboutaleb wurdt de nije boargemaster fan Rotterdam, hy folget Ivo Opstelten op.
- 7 - Gazprom slút ek de gastafier nei Jeropa troch de Oekraïne.
- 15 - It Amerikaanske ferkearsfleantúch US Airways-flecht 1549 komt boppe New York-Stêd koart nei it opstiigjen yn botsing mei in flecht guozzen. De piloaten meitsje in súksesfolle needlâning op de rivier de Hudson en alle 155 ynsittenden komme mei de skrik frij.
- 17 - Israel kundiget in sjitferbot oan dat de deis dêrnei yngiet. Ek Hamas kundiget sels in sjitferbod oan.
- 18 - De bloedige Gaza-oarloch tusken Israel en de militante Palestynske Hamas-beweging einiget yn in wapenstilstân.
- 19 - It earste Fryske Hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt útrikt oan minister Ronald Plasterk fan Underwiis. It is it earste Fryske wurdboek dat de ferklearrings yn it Frysk jout.
- 20 - Yn Iislân begjinne de protesten tsjin de Iislânske Bankekrisis.
- 20 - Barack Obama wurdt ynaugurearre as de 44e presidint fan 'e Feriene Steaten. Hy is de earste swarte persoan dy't dat amt beklaait.
- 21 - Israel lûkt syn troepen werom út 'e Gaza-stripe. Dêrtroch komt de status quo ante werom. De bloedige Gaza-oarloch hat gjin resultaten opsmiten.
- 26 - Op Iislân stoart it nasjonale banksysteem yn as gefolch fan 'e Iislânske Bankekrisis (2008-2011). Premier Geir Haarde treedt ôf.
- febrewaris
- 1 - De ôftreden premier Geir Haarde fan Iislân wurdt opfolge troch Jóhanna Sigurðurdóttir, dy't dêrmei de earste regearingslieder fan 'e wrâld wurdt dy't iepentlik lesbysk is.
- 1 - Kirill fan Moskou folget syn ferstoarne foargonger Aleksej II op as patriarch fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
- 2 - De Iraanske presidint Machmûd Achmadinejad makket bekend dat Iran syn earste satellyt de romte yn sketten hat; de satelyt hat de namme Omid.
- 7-14 maart - By de boskbrannen fan Swarte Sneon, de deadlikste boskbrannen út 'e skiednis fan Austraalje, komme yn 'e Australyske steat Fiktoaria 173 minsken om. Fierders reitsje mear as 500 lju ferwûne en likernôch 7.500 persoanen dakleas.
- 10 - In Russyske en in Amearikaanske satellyt klappe op elkoar boppe Sibearje, dêr't in grutte mannichte romte-ôffal troch ûntstiet.
- 10 - De Postbank giet op yn de ING.
- 12 - It Amerikaanske ferkearsfleantúch Colgan Air-flecht 3407 stoart koart foar de lâning yn Buffalo (New York) del op in wenwyk, wêrby't 50 minsken omkomme.
- 12 - Geert Wilders wurdt de tagong ta it Feriene Keninkryk ûntsein.
- 21 - 8 maart - Stifting It Fryske Boek organisearret de Fryske Boekewiken.
- 25 - De saneamde Poldercrash yn Nederlân: Turkish Airlines-flecht 1951, mei 7 bemanningsleden en 128 passazjiers oan board, stoart del op in ikker deunby Skiphol. Der komme 9 minsken om.
- 26 - De eardere Servyske presidint Milan Milutinović wurdt troch it Joegoslaavjetribunaal yn De Haach frijsprutsen fan oarlochsmisdieden ûnder de Kosovo-oarloch.
- maart
- 2 - João Bernardo Vieira, de presidint fan Guinee-Bissau, wurdt fermoarde by in wapene oanfal op syn residinsje yn Bissau.
- 3 - In bus mei Sri Lankaanske kriketspilers wurdt ûnder fjoer naam yn Lahore, Pakistan. Acht minsken ferstjerre en guon oaren reitsje ferwûne.
- 4 - It Ynternasjonaal Strafhôf yn De Haach lit in arrestaasjebefel útgean foar de Sûdaneeske presidint Omar al-Basjir, dy't oanklage wurdt foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid yn 'e Oarloch yn Darfoer. Dit is de earste kear dat der in arrestaasjebefel útfurdige wurdt tsjin in sittend steatshaad.
- 11 - Yn it Dútske Winnenden sjit in 17-jierrige op syn âlde skoalle 15 minsken dea en docht himsels dan tekoart.
- 11-21 - De Nederlânske Boekewike.
- 17 - Nei in moanne fan ûnrêst wurdt op Madagaskar by in steatsgreep presidint Marc Ravalomanana ôfset.
- 21 - It ôfskiedskonsert fan Pigmeat.
- 26 - Foar de twadde kear yn in moanne tiid barst Mount Redoubt yn Alaska út. De fulkaan is al sûnt jannewaris ûnrêstich.
- 31 - De NAFO hâldt in top yn De Haach.
- 31 - Fredesdemonstranten twinte in yllegale demonstraasje ôf yn De Haach.
- april
- 1 - Albaanje en Kroaasje wurde lid fan 'e NATO.
- 4 - De Deen Anders Fogh Rasmussen wurdt keazen om fan 1 augustus ôf Jaap de Hoop Scheffer op te folgen as sekretaris-generaal fan de NAFO. Lars Løkke Rasmussen wurdt de nije premier fan Denemark.
- 5 - Op Antarktika brekt in iisskosse fan it Wilkins Ysplato ôf dy't likegrut is as in fearn fan Nederlân.
- 6 - By in ierdbeving fan 6,3 op 'e skaal fan Richter yn 'e neite fan 'e Italjaanske stêd L'Aquila komme 308 minsken om en reitsje nochris goed 1.500 oaren ferwûne. Tsientûzenen minsken wurde dakleas.
- 18 - UNESCO begjint mei de Digitale Wrâldbibleteek
- 19 - Fuotbalklup AZ fan Alkmar wurdt lânskampioen fuotbal.
- 27 - De Amerikaanske steat Iowa fiert it homohoulik yn.
- 27 - Yn Jeropa wurde de earste gefallen fan besmetting mei de nije bargegrypfariant H1N1 befestige. Dêrmei is de gryp ek bûten it Amearikaanske kontinint ferspriede. It firus is dan wis oantroffen yn de Feriene Steaten, Kanada, Spanje en Skotlân.
- 29 - Nei oanlieding fan de útbraak fan de Meksikaanske gryp is troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de alarmfaze feroare nei nivo 5 (it ien nei heechste nivo), de lêste faze foardat sprutsen wurde kin fan in pandemy. Dy ferheging is benammen yn sein nei de oerheden en de farmaseutyske yndustry oer de heule wrâld om harren ta te riede op fierdere fersprieding.
- 30 - Minister fan Folkssûnens Ab Klink makket bekend dat ek yn Nederlân in gefal fan de Meksikaanske gryp fêststeld is. It giet om in bern fan 3,5 jier; it wurdt behannele en de tastân is net slim.
- 30 - Op Keninginnedei yn Nederlân riidt Karst Tates mei syn auto yn Apeldoarn yn op it publyk yn in fergees besykjen om in oanslach te dwaan op 'e bus mei de Nederlânske keninklike famylje. By dizze oanslach op Keninginnedei komme 8 minsken om, ynkl. Tates sels.
- maaie
- 1 - Sweden fiert it homohoulik yn.
- 1 - De maksimumfaasje foar persoane-auto's mei oanhingweinen of kerevens op de autogongwei yn Nederlân giet omheech fan 80 km/o nei 90 km/o ride.
- 8 - By in grutte oanfal fan Pakistan op de Taliban yn de Swatdelte komme wis 77 opstannelingen en 35 boargers om hals.
- 9 - It wurdt offisjeel befêstige dat ek yn Austraalje, Japan en Panama de Meksikaanske gryp oanwêzich is.
- 9 - Jacob Zuma wurdt oansteld as presidint fan Súd-Afrika.
- 9 - De hurdfytser Tom Boonen wurdt betrape op it brûken fan kokaïne. Hy wurdt tydlik út syn ploech Quick•Step setten. Inkele dagen letter wurdt ek bekend dat hy net meidocht oan de Omgong fan Frankryk.
- 12 - De Nederlânske ynstjoering foar it Eurofyzjesongfestival, De Toppers, komme net troch de heale finale, wêrtroch't se net meidwaan meie oan it haadbarren op 16 maaie.
- 16 - Alexander Rybak wint foar Noarwegen it Eurofyzjesongfestival mei it ferske Fairytale.
- 17 - SK It Hearrenfean wint yn de finale fan de KNFB Beker fan FC Twente.
- 18 - De Srylankaanske Boargeroarloch einiget mei de finale nederlaach fan 'e opstannige Tamyl Tigers (LTTE) en de Srylankaanske Genoside fan regearingstroepen tsjin 'e Tamyl-befolking.
- 23 - Horst Köhler fan de CDU wurdt troch de bûnsgearkomste werkeazen as bûnspresidint fan Dútslân.
- 25 - Noard-Korea hâldt foar de twadde kear in núkleêre test yn de provinsje Noard Hamgyong. De Feilichheidsrie fan de Feriene Naasjes feroardield de test.
- 31 - De Amerikaanske pro-abortusaktivist George Tiller wurdt by in oanslach yn Wichita (Kansas) fermoarde troch de fûnemintalistysk-kristlike anty-abortusaktivist Scott Roeder.
- juny
- 1 - It ferkearsfleantúch Air France-flecht 447 stoart ûnderweis fan Rio de Janeiro nei Parys del yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan as de piloaten disoriïntearre reitsje. Alle 228 ynsittende komme om.
- 4 - Yn Nederlân en yn it Feriene Keninkryk wurde ferkiezings hâlden foar it Jeropeesk Parlemint. Yn Nederlân is de PVV de grutte winners, ek D66 en GrienLinks winne, grut ferlies is der foar de PvdA.
- 5 - Op de Sealterfryske Wikipedia wurdt it tûzenste artikel skreaun.
- 11 - De útbraak fan 'e bargegryp kriget fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de status fan pandemy. Dizze sykte sil yn 214 lannen en territoaria it libben kostje oan teminsten 18.138 minsken.
- 12 - Machmûd Achmadinejad is werkeazen as presidint fan Iran. De wiken dêrnei demonstrearje tûzenen minsken fan de opposysje tsjin de resultaten fan de ferkiezings.
- 13 - Op it Ynterfrysk Kongres yn it Eastfryske Lier stelt de Fryske Rie in offisjele Ynterfryske flagge fêst.
- 13 - It begjin fan 'e Iraanske ferkiezingsprotesten soarget foar massale demonstraasjes yn 'e Iraanske haadstêd Teheran en oare grutte stêden, nei't de progressive presidintskandidaat Mir-Hossein Mûsavi mei stimbusfraude fan 'e oerwinning ôfholden is troch it sittende regear fan it lân. Der falle ferskate deaden ûnder de demonstranten as de autoriteiten hurd yngripe, en úteinlik bliede de protesten yn febrewaris 2010 dea sûnder wat bedijd te hawwen.
- 25 - Michael Jackson ferstjert yn Los Angeles op 50-jierrige leeftyd.
- 28 - By in steatsgreep yn Hondoeras wurdt de demokratysk keazen presidint Manuel Zelaya ôfset troch syn konservative politike tsjinstanners, dy't in skyndemokratyske diktatuer ynstelle.
- 30 - It ferkearsfleantúch Yemenia-flecht 626 stoart by de Komoaren del yn 'e Yndyske Oseaan. Fan 'e 153 ynsittenden oerlibbet inkeld de 12-jierrige Bahia Bakari de fleanramp.
- july
- 4 - It Fryske Wikiwurdboek hat foar it earst likefolle yngongen as de Fryske Wikipedy.
- 15 - It ferkearsfleantúch Caspian Airlines-flecht 7908 stoart del yn 'e neite fan 'e Iraanske stêd Kazvyn, wêrby't alle 168 ynsittenden omkomme.
- 16 - Tsjin 'e eftergrûn fan 'e Iislânske Bankekrisis stimt it parlemint fan Iislân, it Alþing, foar it iepenjen fan ûnderhannelings oer lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny.
- 17 - By twa bomoanslaggen troch islamistyske terroristen op it JW Marriott Hotel en it Ritz-Carlton Hotel yn 'e Yndonezyske haadstêd Djakarta komme 9 minsken om.
- 26 - De terroristyske organisaasje Boko Haram begjint in opstân yn it noardeasten fan Nigearia.
- 29 - De 152e PC wurdt wûn troch, Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei, Daniel Iseger.
- 31 - 6 augustus - De 74e Snitswike wurdt hâlden.
- augustus
- 3 - Bolivia erkent as earste lân yn Súd-Amearika it rjocht fan 'e lânseigen befolking op selsbestjoer.
- 4 - Yn Nederlân falt it earste slachtoffer fan de Meksikaanske gryp. It giet om in jongen fan 17 jier dy't al bot siik wie.
- 4 - De Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-il ferlient twa Amearikaanske sjoernalisten graasje nei dat Bill Clinton in mjitting hie mei Kim. De sjoernalisten wienen in arrestearre omdat se yllegaal yn it lân wêze soenen.
- 7 - De tyfoan Morakot tsjocht oer Taiwan hinne en feroarsaket dêr 673 deaden en de slimste wettersneed yn in heale iuw.
- 14 - It Feriene Keninkryk skoarret it selsbestjoer fan 'e Turks- en Kaikoseilannen op nei't by in ûndersyk bewiis foar grutskalige korrupsje fan 'e oerheid fan it oerseeske gebietsdiel boppe wetter kommen is.
- 16 - De Jamaikaan Usain Bolt rint in nij wrâldrekord op de 100 meter, 9,58 sekonde.
- 21 - Hawaï makket sûnt 50 jier diel út fan de Feriene Steaten fan Amearika.
- 29 - Yn Assen giet de 64e edysje fan de Vuelta fan start.
- septimber
- 1 - De Amerikaanske steat Fermont fiert it homohoulik yn.
- 6 - De 20e Nederlânske soldaat stjert yn Afganistan. Korporaal Kevin van der Rijdt (26 jier), rekket om hals by Deh Rahwod yn Uruzgan.
- 8 - 13 septimber - New York 400 wike, wêryn de 400-jierrige bân tusken Nederlân en New York fierd wurdt yn New York.
- 25-26 - De tyfoan Ketsana (ek bekend as Ondoy) feroarsaket grutte wettersneed yn 'e Filipynske haadstêd Manilla, dêr't hast 700 minsken by omkomme.
- 26 - De tyfoan Ketsana giet oer de Filipinen.
- 27 - De Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski wurdt oppakt yn Switserlân yn ferbân mei in arrest yn de Feriene Steaten.
- 28 - By massale demonstraasjes yn Guinee tsjin 'e militêre steatsgreep fan 2008 iepenet it leger it fjoer op 'e demonstranten, mei teminsten 157 deaden as gefolch.
- 30 - By in ierdbeving fan 7,6 op 'e skaal fan Richter op it Yndonezyske eilân Sumatra komme teminsten 1.115 minsken om.
- oktober
- 1 - Dick Advocaat wurdt bûnstrener fan Belgje.
- 2 - Yn Ierlân wurdt in twadde referindum holden oer it Ferdrach fan Lissabon fan 'e Jeropeeske Uny, nei't de Ierske befolking dat yn 2008 by in earste referindum ôfwiisde. Diskear kart 67,1% fan 'e Ieren it goed.
- 2 - Rio de Janeiro wurdt de Olympyske Spullen fan 2016 tawezen troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.
- 7 - 17 oktober - Nederlânske berneboekewike.
- 9 - Barack Obama wint de Nobelpriis foar de Frede.
- 11 - Pater Damiaan wurdt troch paus Benediktus XVI hillich ferklearre.
- 19 - De DSB Bank fan Dirk Scheringa wurdt fallyt ferklearre.
- 22 - Windows 7 wurdt útbrocht troch Microsoft.
- 25 - By twa bomoanslaggen yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad komme 155 minsken om en reitsje teminsten 721 oaren ferwûne.
- novimber
- 6 - By it fabryk fan Fryslân Campina yn Dronryp ûntsnapt salpetersoer; der wurdt grut alaarm slein yn de omkriten.
- 9 - It is 20 jiere lyn dat de Berliner Muorre foel.
- 13 - By de Domino Day yn Ljouwert wurdt it rekôrd op goed 4,4 miljoen stienen setten.
- 13 - Der wurdt 90 liter wetter yn fêste foarm fûn op de moanne.
- 14 - De lânlike yntocht fan Sinteklaas wurdt yn Skiedam hâlden.
- 18 - Yn de Urkerbosk wurdt it lichem fûn fan in 14-jierrige Urker jongen.
- 18 - Yn seis Nederlânske fúzjegemeenten binne gemeenterieferkiezings. Yn de measte oare gemeenten wurde de ferkiezings op 3 maart 2010 hâlden.
- 19 - De Belgyske politikus Herman van Rompuy wurdt keazen ta earste Presidint fan de Jeropeeske Rie.
- 22 - It CERN werstart de Grutte Hadron-fersneller by Genève, Switserlân.[1]
- 21 - It Junior Eurofyzjesongfestival 2009 wurdt hâlden yn de Oekraïne; de Nederlanner Ralf Mackenbach wint de wedstryd.
- 23 - Op it súdlike eilân Mindanao, yn 'e Filipinen, wurde by it Bloedbad fan Maguindanao teminsten 58 politisy, abbekaten, sjoernalisten, minskerjochte-aktivisten en omstanners ûntfierd en fermoarde.
- 25 - Yn Belgje beneamd kening Albert II Yves Leterme ta premier. Hy folget Herman van Rompuy op, dy't de Presidint fan de Jeropeeske Rie wurdt. De gearstalling fan it nije regear ferskilt kwealik mei it regear fan Van Rompuy.
- 25 - In rjochtbank yn Switserlân stelt fêst dat de Frânsk-Poalske regisseur Roman Polanski op boarchtocht frijkomt.
- 29 - Yn in referindum stimt 57% fan de Switserske befolking foar in ferbod op it bouwen fan nije minaretten yn harren lân. De fjouwer minaretten dy't al yn it lân steane meie stean bliuwe.
- 30 - Yn it Dútske München begjint it proses tsjin de 89-jierrige John Demjanjuk. Hy wurdt der fan fertocht bewaker west te hawwen yn it ferneatigingskamp Sobibór, dêrom wurdt him handiedichheid oan moard op wis 27.900 Joaden te lêste lein.
- desimber
- 1 - Yn 'e Jeropeeske Uny wurdt it Ferdrach fan Lissabon fan krêft.
- 1 - Ramses Shaffy, Nederlânsk sjonger, ferstjert oan de gefolgen fan slokdarmkanker. Hy is 76 jier wurden.
- 1 - It Ferdrach fan Lissabon giet fan start foar de Jeropeeske Uny.
- 3 - De Keninklike Nederlânske Marine hâldt 13 Somalyske piraten oan en befrijdet 2 Tansianen.[2]
- 3 - Fokke Bauke Rispens fan Tsjom, de âldste Fries, ferstjert op 106-jierrige leeftyd.[3]
- 4 - It kabinet fan Nepal komt gear op de Mount Everest om omtinken te freegjen foar de klimaattop yn Kopenhagen.
- 4 - By in brân yn in nachtklup yn Perm, Ruslân, reitsje 112 minsken om 'e hals en reitsje 123 minsken ferwûne.
- 5 - Tsientûzenen minsken demonstrearje yn ferskate Jeropeeske stêden yn oanrin nei de klimaattop yn Kopenhagen.
- 5 - Sinteklaasjûn.
- 7 - Yn Kopenhagen begjint de klimaattop.
- 7 - Yn Iran wurde studinteprotesten nei oanlieding fan de Dei fan de Studint spikerhurd delslein.
- 8 - By in rige bomoanslaggen yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad komme teminsten 127 minsken om en reitsje nochris teminsten 448 oaren ferwûne.
- 10 - Yn de Sint Pitertsjerke fan Grou krijt Oebele Vries de Joast Halbertsmapriis útrikt. De dosint oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins krijt de trijejierlikse ûnderskieding foar syn folsleine wittenskiplike wurk.[4]
- 10 - FrieslandCampina makket bekend dat it de kommende jierren 200 banen skrast. De tsiisproduksje yn Dronryp wurdt yn 2011 stillein, it bedriuw slút ek de tsiisferpakkingsôfdieling yn Drachten en der moatte 73 minsken fuort by it fabryk yn Ljouwert. Wol komme der by it fabryk yn Wolvegea 45 banen by.[5]
- 15 - De gemeenterie fan Boarnsterhim stimt foar it opheffen fan de gemeente. Allinne de trije FNP leden stimme tsjin.
- 17 - Troch in soad sniefal yn Nederlân en Fryslân komt it lân frijwol plat te lizzen. Yn Oerterp komt 70 sentimeter snie te lizzen.[6]
- 18 - De klimaattop yn Kopenhagen wurdt beëinige.
- 25 - In reizger út Nigearia op de Northwest Airlines-flucht 253 fan Amsterdam nei Detroit besiket it fleantúch op te blazen; de oanslach mislearret.
- 28 - Op It Hearrenfean wurde njoggen jongeren oppakt foar fernielerij.[7]
Berne
Ferstoarn
- jannewaris
- 12 - Keimpe van der Meulen, Frysk skûtsjeskipper (* 1933)
- 13 - Kick Stokhuyzen, Nederlânsk kwismaster (* 1933)
- 14 - Jacques Scheepsbouwer, Nederlânsk bestjoerder, oprjochter Ot en Sienmuseum (* 1956)
- 21 - Charles W. Juels, Amerikaansk astronoom en psychiater (* 1944)
- febrewaris
- 11 - Willem Kolff, Nederlânske ynternist en útfiner (* 1911)
- 12 - Lis Hartel, Deensk dressuerruter (* 1921)
- 14 - David Hartsema, Nederlânsk dichter, skriuwer en keunstner (* 1925)
- 23 - Frank Löwik, Twintsk histoarikus en skriuwer (* 1956)
- 26 - Hans Lesterhuis, Frysk boargemaster en sportbestjoerder (* 1944)
- 27 - Gerriet Postma, Frysk keunstskilder (* 1932)
- maart
- 1 - Ken Henry, Amerikaansk reedrider (* 1929)
- 24 - Martin Brozius, Nederlânsk akteur en presintator (* 1941)
- april
- 4 - Adriano Emperado, Amerikaansk fjochtsport beoefener (* 1926)
- 22 - Martin Bril, Nederlânsk skriuwer (* 1959)
- 22 - Piet Burger, Nederlânske puzelmakker en timmerman (* 1929)
- 27 - Jan de Jong, Frysk iismaster Thialf (* 1942)
- maaie
- 1 - Henk Nijdam, Nederlânsk hurdfytser (* 1935)
- 2 - Marilyn French, Amerikaansk skriuwster en feministe (* 1929)
- 20 - Lucy Gordon, Ingelsk aktrise en model (* 1980)
- 21 - Jan Riedstra, Frysk ûndernimmer en sportbestjoerder (* 1943)
- juny
- 18 - Hortensia Bussi, Sileensk presidintsfrou (* 1914)
- 25 - Michael Jackson, Amerikaansk sjonger (* 1958)
- 25 - Farrah Fawcett, Amerikaansk aktrise (* 1947)
- july
- 1 - Mollie Sugden, Britsk aktrise (* 1922)
- 12 - Simon Vinkenoog, Nederlânsk skriuwer (* 1928)
- 15 - Natalja Estemirova, Russysk histoarika, sjoernaliste en minskerjochte-aktiviste (* 1958)
- 25 - Harry Patch, Ingelsk militêr, lêste libbene Britske feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch (* 1898)
- 26 - Merce Cunningham, Amerikaansk koreograaf (* 1919)
- 27 - Michaël Zeeman, Nederlânsk skriuwer, dichter, resinsint en presintater (* 1958)
- 27 - Aeronwy Thomas, Welsk skriuwster en oersetter (* 1943)
- augustus
- 5 - Harm Fennema, Frysk ûndernimmer en bestjoerder Frysk Hynste Stamboek (* 1938)
- 4 - Roel Brandt Nederlânsk argeolooch en bestjoerder (* 1940)
- 9 - Tony Feitsma, Frysk taalkundige en publisiste (* 1928)
- 21 - Tjerk Kramer, Frysk politikus (* 1947)
- 23 - Edzo Toxopeus, Nederlânsk politikus (* 1918)
- 25 - Ted Kennedy, Amerikaansk politikus (* 1932)
- septimber
- 2 - Pieter Gerbenzon, Frysk heechlearaar rjochtsskiednis (* 1920)
- 11 - Henny van Schoonhoven, Nederlânsk fuotballer (* 1970)
- 25 - Aukje Wijbenga, Frysk skriuwster (* 1927)
- oktober
- 4, Harry Frieswijk, Frysk sakeman, topman FBTO (* 1919)
- 30 - Claude Lévi-Strauss, Frânsk antropolooch (* 1908)
- novimber
- 13 - Gerrit Tasma, Frysk oersetter en toanielregisseur (* 1926)
- 25 - Frans Haarsma, Frysk preester, teolooch en heechlearaar (* 1921)
- 26 - Pia Beck, Nederlânsk jazz-pianiste en sjongster. (* 1925)
- 28 - Tryntsje van der Zee, Frysk oersetster (* 1940)
- desimber
- 1 - Ramses Shaffy, Nederlânsk sjonger en akteur (* 1933)
- 1 - Henny Siebel, Frysk sjoernaliste (* 1943)
- 8 - Tavo Burat, Italjaansk skriuwer en sjoernalist. (* 1932)
- 13 - Hendrik ten Hoeve, Frysk politikus (* 1945)
- 24 - Marcus Bakker, Nederlânsk politikus en kommunist (* 1923)
- 26 - Yves Rocher, Frânsk ûndernimmer, grûnlizzer kosmetika-ympearium (* 1930)
Literatuer
- romans
- Patricia Briggs, Bone Crossed
- C.J. Cherryh, Conspirator
- Juliet Marillier, Heart's Blood
- Patricia Briggs, Hunting Ground
- Julie E. Czerneda, Rift in the Sky
- Lois McMaster Bujold, The Sharing Knife: Horizon
- Jim Butcher, Turn Coat
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, Last Call
- Patricia Briggs, Seeing Eye
- Jim Butcher, The Warrior
- ferhalebondels
- ferskaat, Mean Streets
- ferskaat, Must Love Hellhounds
- P.N. Elrod (red.), Strange Brew
Films
Jierren: | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|