Charles W. Juels
Charles W. Juels (New York, 1944 - 21 jannewaris 2009) wie in Amerikaanske amateur-astronoom en psychiater, dy't nei't er mei pensjoen gien wie in produktive ûntdekker fan lytse planeten waard.
Juels waard berne yn New York City en waard opbrocht yn Cincinnati, Ohio. Yn 1969 studearre er ôf oan it Cincinnati College of Medicine. Nei syn pensjoen as psychiater yn Phoenix yn Arizona, sette er útein mei it sykjen nei asteroïden yn syn eigen Fountain Hills Observatory, ûnder Fountain Hills yn Arizona. Hy waard rillegau bekend doe't de ûntdekking fan 65 lytse planeten, yn de earste 18 moannen fan syn koarte karriêre, oan him taskreaun waarden.
In totaal fan 475 asteroïden waarden as Juels ûntdekkingen tusken 1999 en 2003 erkend troch it Minor Planet Center (MPC).
Yn 'e mande mei Paulo R. Holvorcem ûntduts er de komeet C/2002 Y1 op 28 decsimber 2002 mei help fan harren CCD-kamera. Sy krigen dêrfoar de Harvard-Smithsonian Comet Award 2003.
De asteroïde (20135) Juels, ûntdutsen troch Paul G. Comba, waard op 9 maart 2001 nei him ferneamd.