Law Abiding Citizen
Law Abiding Citizen | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | F. Gary Gray | |
produsint | Gerard Butler Kurt Wimmer Mark Gill Lucas Foster Alan Siegel | |
senario | Kurt Wimmer | |
kamerarezjy | Jonathan Sela | |
muzyk | Brian Tyler | |
filmstudio | The Film Department Warp Films Evil Twins | |
distribúsje | Overture Films | |
spilers | ||
haadrollen | Jamie Foxx Gerard Butler | |
byrollen | Bruce McGill Leslie Bibb Colm Meaney | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 oktober 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $53 miljoen | |
opbringst | $126,7 miljoen |
Law Abiding Citizen is in Amerikaanske aksjeskriller út 2009 ûnder rezjy fan F. Gary Gray, mei yn 'e haadrollen Jamie Foxx en Gerard Butler. De titel betsjut "Gesachsgetrouwe Boarger". It ferhaal giet oer Clyde Shelton, in útfiner dy't wurket foar it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, waans frou en jonge dochterke by in ynbraak ferkrêfte en fermoarde wurde. As de slimste fan 'e dieders oan syn straf ûntkomt trochdat er in skikking treft mei de ambisjeuze ofsier fan justysje, beslút Shelton it rjocht yn eigen hân te nimmen troch net inkeld de dieders dea te meitsjen, mar ek de fertsjintwurdigers fan it yn syn eagen troch- en trochkorrupte Amerikaanske rjochtssysteem dy't harren wurk net dien hawwe. Law Abiding Citizen krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Philadelphia wurdt op in jûn ynbrutsen by útfiner Clyde Shelton. Ien fan 'e dieders, Clarence Darby, skillet brutaalwei by him oan en slacht him, as er iependocht, fuortendaliks del mei in honkbalkneppel. Shelton wurdt boeid en knevele foar't er wer by sûpe en stút komt, en moat dan helpeleas tasjen hoe't Darby syn frou ferkrêftet en fermoardet om dêrnei syn jonge dochterke mei te nimmen om ek har te ferkrêftsjen en fermoardzjen. De plysje hat de saak neitiid gau rûn en arrestearret Darby en syn hantlanger Rupert Ames.
De ambisjeuze ofsier fan justysje Nick Rice, dy't inkeld saken foar de rjochter bringe wol wêrfan't er wis is dat er se winne kin, beslút lykwols in skikking te sluten mei Darby. Rice fynt it bewiismateriaal nammentlik allegear mar yndirekt, en de tsjûgeferklearring fan Shelton ûnbetrouber, om't er foartiid mei in honkbalkneppel op 'e holle slein wie. Darby en syn abbekaat Bill Reynolds spylje it handich, troch daliks oan te bieden om tsjin Ames te tsjûgjen. Sa kriget Ames, dy't Shelton allinne mar bestelle en dêrnei útnaaie woe, de skuld foar de beide ferkrêftings en moarden op 'e lea skood. Shelton kantet him oan tsjin 'e gong fan saken, mar Rice ferpoft it om nei him te harkjen en giet de skikking oan. De útkomst is dat Ames feroardiele wurdt ta de deastraf, wylst Darby feroardiele wurdt ta manslach en nei fiif jier selstraf wer frijkomt.
Tsien jier letter binne alle beroppen fan Ames tsjin syn deafûnis útspile en wurdt de deastraf útfierd. Rice en syn kollega's Jonas Cantrell en Sarah Lowell binne by de eksekúsje oanwêzich út namme fan it Iepenbier Ministearje. It giet lykwols net sa't se ferwachte hiene. Nei de deadlike ynjeksje soe it krekt wêze moatte as falt Ames yn 'e sûs, mar ynstee bliuwt er klearwekker en raast er it lange tiid út fan 'e pine ear't er úteinlik beswykt. Undersyk wiist neitiid út dat ien fan 'e trije gemyske stoffen dy't yn in fêste folchoarder yn it lichem ynjektearre wurde moatte, ferfongen is troch in oare stof. It bewiis liedt Rice en resjersjeur Dunnigan yn 'e rjochting fan Darby, dy't al wer jierren frij man is. As se dyselde oppakke wolle, wurdt er lykwols warskôge troch in anonym tillefoantsje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Darby naait út foar de plysje en kaapt dêrby in plysje-auto mei in bewusteleaze plysjeman dêryn dy't de anonime skiller foar him klearset hat. As er letter de plysje op in ôfhandich plak deasjitte sil mei de man syn eigen tsjinstwapen, blike dêr gjin kûgels yn te sitten. De plysjeman docht syn prúk en bril ôf en blykt nimmen oars as Clyde Shelton te wêzen. Dyselde nimt Darby mei nei in leechsteand pakhûs, dêr't er him fêstset op in provisoaryske operaasjetafel. Dêrnei martelet er him stadichoan dea, wylst er alles wat er docht, opnimt. As wat der noch oer is Darby (net folle) letter fûn wurdt troch Dunnigan-en-dy, liedt it bewiismateriaal de plysje nei Shelton. Dy blykt de fideo fan wat er mei Darby dien hat, nei it wenadres fan Rice stjoerd te hawwen. Hy jout him oer oan 'e plysje en wurdt fêstset.
Yn 'e finzenis easket Shelton in nij matras foar syn bêd yn ruil foar it ôflizzen fan in bekentenis. Rice wegeret yn 't earstoan dêroan mei te wurkjen, mar hy wurdt weromfluite troch syn mentor Cantrell, dy't it in lege priis taliket om 'e saak rûn te krijen. By de harksitting foar rjochter Laura Burch, deselde dy't tsien jier earder de skikking fan Darby mei Rice goedkarde, fertsjintwurdiget Shelton himsels en kantet er him mei súkses oan tsjin Rice syn beswier om him op boarchtocht frij te litten. Nei't Burch him gelyk jûn hat, beskrobbet Shelton har lykwols en seit er dat dit no krekt is wat der mis is mei it Amerikaanske rjochtssysteem: in rjochter dy't immen frijlitte wol omreden fan it feit dat er noch gjin bekentenis ôflein hat, ek al is foar eltsenien dúdlik dat er in moardner is. Rjochter Burch lit him daliks wer opslute foar mislediging fan 'e rjochtbank.
Neitiid bringt Rice Shelton syn nij matras, wêrnei't Shelton wurd hâldt en in folsleine bekentenis ôfleit yn 'e saken fan Ames en Darby. As Rice wer fuort sil, seit Rice dat er noch wol wat bekenne wol, diskear yn ruil foar in miel dat tamakke is yn in restaurant, want it finzenisiten smakket nearne nei. As Rice Shelton fertelt dat dy neat mear sizze kin dêr't hy belangstelling foar hat, freget Shelton him oft er ek wit wêr't Bill Reynolds úthinget, de abbekaat fan Darby. As Dunnigan-en-dy neifraach nei de man dogge, blykt dat Reynolds al inkele dagen fermist wurdt.
Rice jout ta en besoarget in restaurantmiel yn 'e finzenis, mar finzenisdirekteur Iger, dy't der neat fan hawwe moat dat it Iepenbier Ministearje ien fan syn finzenen sa let en set, fertraget de boel mei opsetsin mei feilichheidsmaatregels, sadat it miel hast in kertier nei de troch Shelton stelde tiid by him yn 'e sel besoarge wurdt. Shelton jout Rice geografyske koördinaten troch dêr't Rice en Dunnigan neitiid Reynolds libben begroeven oantreffe, mei genôch lucht om oant in beskaat tiidstip te oerlibjen. Se binne krekt te let, mei't Reynolds yn it lêste kertier troch ferstikking omkommen is. Underwilens dielt Shelton syn miel mei syn selgenoat, wêrnei't er dyselde yn in hommelse útbarsting fan geweld deastekt mei de bonke fan it byfstik. Direkteur Iger lit him dêrnei yn ien fan 'e isolearsellen pleatse yn 'e kelder fan 'e finzenis, dy't Midsiuwske tsjerkers allyk binne.
Cantrell nimt Rice mei nei in moeting dy't opset is troch in bekende fan him op it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. De man dy't se moetsje, is as kommando dy't belutsen is by swarte operaasjes dy't bedoeld binne om bûtenlânske fijannen fan 'e Feriene Steaten te likwidearjen. Hy fertelt harren dat Shelton in sjeny is op it mêd fan it betinken fan manearen om lju te fermoardzjen sûnder dat er sels yn 'e buert hoecht te wêzen. Hy is sa gefaarlik as it mar kin, en as er yn 'e finzenis sit, is dat net om't er dêr net wei komme kin, mar om't it foar him in doel tsjinnet dat er dêr sit. Rice twifelet oan dy ynformaasje, mar tegearre mei Cantrell set er nei rjochter Burch ta om har te bepraten om Shelton syn rjochten as finzene fierder te beheinen. De rjochter hat dêr wol earen nei, mar as se ûnder it petear har mobile tillefoan oannimt, giet der in bom ôf dy't yn it mobyltsje ferburgen wie. Burch is op slach dea. Rice is no oertsjûge fan it gefaar dat Shelton foarmet. As er dyselde yn 'e finzenis opsiket, fertelt Shelton him dat er net inkeld mei de moardners fan syn frou en dochterke ôfweve wol, mar ek mei alle yn syn eagen korrupte funksjonarissen binnen it net-funksjonearjende rjochtssysteem dy't deroan meiwurke hawwe dat Darby wer op frije fuotten kaam. Hy wol frijlitten wurde en alle oanklachten tsjin him moatte ynlutsen wurde, oars sil er "eltsenien fermoardzje".
Rice en syn kollega's nimme foarsoarchsmaatregels. Sa stjoert Rice syn frou Kelly en dochter Denise fuort. Likegoed geane se fierder mei de saak tsjin Shelton en wurkje se de nacht troch om mear bewiismateriaal tsjin him te sammeljen. Sarah Lowell ûntdekt dêrby dat Shelton sûnt de moard op syn frou en dochterke ferskate leechsteande pakhuzen en oare âlde yndustriële gebouwen ferspraat oer hiel Philadelphia opkocht hat. Nei't de deadline dy't Shelton steld hie om him frij te litten de oare moarns om seis oere ferstrutsen is, geane Rice syn meiwurkers nei hûs. As se op it befeilige parkearterrein harren auto's starte, ûntploffe dêr seis fan, wêrby't alle ynsittenden omkomme. Sarah is ien fan 'e deaden.
Rice giet nei de finzenis en beävensearret dat er Shelton ûnder fjouwer eagen moetsje kin, wêrnei't er mei syn fûsten op 'e boeide man ynhuft. Hy raast him ta dat Ames en Darby beide wol frijsprutsen wurde kinnen hiene as er it op in rjochtsaak oankomme litten hie, mar Shelton antwurdet dat Rice dan teminsten besocht hie om syn plicht te dwaan, en dat er dat akseptearje kinnen hie. Rice easket dat Shelton ophâldt mei syn terreurkampanje, mar Shelton fertelt him kâldwei dat er noch mar krekt úteinset is en dat er it hiele korrupte systeem ynstoarte litte sil.
Nei de begraffenis fan Sarah wurdt Cantrell syn auto by it ferlitten fan it begraafplak ûnder fjoer nommen troch in roboatysk betsjinne masinegewear en raketsmiter, wêrby't alle ynsittenden omkomme. Rice hat sûnt syn lêste petear mei Shelton foar it ferstân krigen dat er yndie mis wie mei it sluten fan in skikking mei Darby, eat dat er allinne mar die om't er der wis fan wêze woe dat er syn reputaasje behâlde koe as in ofsier fan justysje dy't frijwol nea in saak ferlear. Nei de dea fan syn mentor Cantrell is er ree om syn ûntslach yn te tsjinjen en alle skuld op him te nimmen. Boargemaster April Henry wol dêr lykwols neat fan witte en stelt him ynstee oan as haad fan it Iepenbier Ministearje yn Philadelphia foar Cantrell yn it plak.
Op basis fan it ûndersyk dat Sarah foar har dea dien hat nei it ûnreplik goed dat Shelton besit, ûntdekke Rice en Dunnigan dat Shelton ek in leechsteand pakhús yn eigendom hat, dat fuort njonken de finzenis stiet. As se dêr sûnder hûssikingsbefel ynbrekke, ûntdekke se alderhanne wapenark, springstof en bommakkersreau, en in ûndergrûnske tunnel dy't streekrjocht nei de finzenis liedt, dêr't Shelton blykber yn 'e ôfrûne tsien jier tagongen nei alle isolearsellen makke hat. It begjint Rice no te daagjen dat se Shelton krekt yn 'e kaart spile hawwe troch him yn 'e finzenis te hâlden en yn 'e isolearsel te setten. Dêrwei koed er ommers ienfâldich de finzenis ferlitte om syn moardoanslaggen te dwaan, om dêrnei mei it perfekte aliby wer yn syn sel werom te kearen as hied er nea fuort west. Rice-en-dy hiene tocht dat er in hantlanger hie dy't syn smoarge wurk foar him opknapte, en se hiene har de holle deroer brutsen hoe't Shelton en syn hantlanger mei-inoar kommunisearren, mar no begripe se dat Shelton alles sels dien hat.
Bewiismateriaal dat se yn 'e tunnel oantroffen hawwe, liedt Rice en Dunnigan nei it folgjende doelwyt fan Shelton, it stedhûs fan Philadelphia, dêr't dy jûns boargemaster Henry en de haden fan alle plysjetsjinsten yn 'e omkriten yn spoedsitting gearkomme. Se hastigje har dêrhinne, en hoewol't Shelton dan alwer fuort is, treffe se wol syn bom oan, yn 'e romte rjocht ûnder de gearkomsteseal. As Shelton letter weromkomt yn syn sel, wurdt er dêr opwachte troch Rice. Shelton seit dat er it wol wer op in akkoartsje goaie wol, mar Rice, dy't him no better begrypt, fertelt him dat er gjin oerienkomsten mear slút mei moardners, in antwurd dat Shelton tefreden liket te stimmen. Rice besiket Shelton ta rede te bringen, mar Shelton wegeret nei him te harkjen en aktivearret syn bom. Rice naait halje-trawalje út en Shelton ûntdekt dat de bom no ûnder syn finzenisbêd stiet. Begripend dat Rice him te fluch ôf west hat, en mei't er de bom net mear deäktivearje kin om't Rice de koffer dêr't dy yn sit fan in hingslot foarsjoen hat, akseptearret Shelton syn lot en giet boppe-op de bom op syn bêd sitten. Hy hellet it kralen earmbantsje foar 't ljocht dat syn dochterke de deis dat se stoar foar him reaun hie, en sjocht dêrnei wylst de bom ôfgiet.
Yn in epilooch is Rice mei syn frou oanwêzich by in muzykútfiering dêr't harren docher Denise op 'e sello oan mei docht. It is de earste muzykútfiering dy't er ea besocht hat, mei't er dêr earder omreden fan syn drokke wurk nea tiid foar hie.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ofsier fan justysje Nick Rice | Jamie Foxx |
Clyde Shelton | Gerard Butler |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ofsier fan justysje Jonas Cantrell | Bruce McGill |
ofsier fan justysje Sarah Lowell | Leslie Bibb |
resjersjeur Dunnigan | Colm Meaney |
resjersjeur Garza | Michael Irby |
Kelly Rice | Regina Hall |
Denise Rice | Emerald-Angel Young |
Clarence James Darby | Christian Stolte |
Rupert Ames | Josh Stewart |
rjochter Laura Burch | Annie Corley |
boargemaster April Henry | Viola Davis |
finzenisdirekteur Iger | Gregory Itzin |
Bill Reynolds | Richard Portnow |
Bray | Michael Kelly |
Brian Bringham | Roger Bart |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Law Abiding Citizen waard regissearre troch F. Gary Gray nei in senario fan Kurt Wimmer. It wie oarspronklik de bedoeling dat Frank Darabont de film regissearje soe, mar hy loek him werom fanwegen in kreätyf skeel mei de filmprodusinten. Yn 't earstoan wie it ek de bedoeling dat Gerard Butler de ofsier fan justysje spylje soe, en Jamie Foxx de geniale útfiner dy't út 'e sel wie in kampanje fan figilantisme begjint, mar úteinlik waard besletten it casten fan dy beide rollen om te draaien.
As produsinten wiene Mark Gill, Lucas Foster, Alan Siegel, senarioskriuwer Wimmer en haadrolspiler Butler by it projekt belutsen foar de filmstudio's The Film Department, Warp Films en Evil Twins. Foar de film wie in budget beskikber fan $53 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jonathan Sela, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler. De opnamen foar Law Abiding Citizen setten yn jannewaris 2009 útein en fûnen plak op lokaasje yn Philadelphia en omkriten, wêrûnder it stedhûs, it begraafplak Laurel Hill Cemetery en de no sletten finzenis Holmesburg Prison.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Law Abiding Citizen waard fersoarge troch Overture Films. De film gie op 15 oktober 2009 yn premiêre yn it Skotske Glasgow en iepene in dei letter yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 oktober 2009 by platemaatskippij Downtown Records.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Law Abiding Citizen oer it algemien negative resinsjes. In útsûndering dêrop wie Roger Ebert, dy't de film beoardiele foar de krante de Chicago Sun-Times. Hy parte him 3 fan 4 stjerren ta en skreau: "Law Abiding Citizen is sa'n film dy't jo ûnder it sjen better fine sille as wannear't jo der letter nochris oer neiprakkesearje." Dêr heakke er oan ta: "Mar dochs, der is ek wat te sizzen foar in film dy't ûnder it sjen de oandacht goed fêsthâlde kin."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Law Abiding Citizen in leech goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 159 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Los fan it feit dat er ûnnedich gewelddiedich is en folslein absurd sûnder dêr ienige ûntskuldiging foar te meitsjen, wurdt [de film] ek pleage troch aktearjen dat ûnder de maat is en in ferhaal dat de rede ferget." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Law Abiding Citizen in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 26 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Law Abiding Citizen brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $126,7 miljoen op. As dy opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $53 miljoen betsjut dat in winst fan $73,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske aksjefilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Aksjeskrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Overture Films
- Film fan F. Gary Gray
- Film út 2009
- Film oer figilantisme
- Film oer wraak
- Film oer korrupsje
- Film oer in ynbraak
- Film oer moard
- Film oer ferkrêfting
- Film oer rouferwurking
- Film oer de deastraf
- Film oer in finzenis
- Film oer in Amerikaanske plysjetsjinst