Willem Kolff

Ut Wikipedy
Boarstbyld fan Kolff yn Kampen

Willem Johan (Pim) Kolff (Leien, 14 febrewaris 1911 - Newtown Square (Pennsylvania), 11 febrewaris 2009) wie in Nederlânske ynternist dy't de earste wurkjende keunstnier útfûn. Yn de Twadde Wrâldkriich makke er him fertsjinstlik yn it ferset. Hy stamme út de famylje Kolff, in âld Nederlânsk patrysjerslaach. Hy emigrearre yn 1950 nei de Feriene Steaten. Yn 1955 krige er de Amerikaanske nasjonaliteit.

Willem Kolff folge syn oplieding ta ynternist yn it Akademysk Sikehûs Grins. Nei it útbrekken fan de oarloch, mei it oernimmen fan it klinykbestjoer troch Kreuzewendich von dem Borne, in nazy, gong er nei it stedssikehus te Kampen. Dêr hat er, op eigen manneboet, en mei help fan lokale meistanners, en mei simpele materialen, it earste prototype fan de keunstnier makke (1943). Syn motivaasje wie ynjûn troch it ferstjerren fan in jongkeardel, in sterke boeresoan, oan akute nierútfal. De earste pasjint mei akute nierútfal dy't Kolff mei de keunstnier behannele, oerlibbe. Dêrnei wiene der in stikmannich dy't lykwols ferstoaren.

Nei de oarloch gong Kolff nei de USA, om't er dêr mear mooglikheden hie foar syn wittenskiplik wurk. Yn Salt Lake City hat er lang wurke oan it keunsthert, oan keunst-eagen, en oan in draachbere keunstlong. Hy wie dêrneist aktyf in de Feriening fan Physicians against Nuclear War.

Kolff is eareburger fan de stêd Kampen, en de Nier Stichting Nederland hat harren subsydzjeprogramma foar top-talint yn it wittenskiplik undersyk nei niersyktes, nei him ferneamd.

Keunstnier fan Kolff

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • W.J.Kolff, H.Th.J.Berk: "De Kunstmatige Nier. Een Dialysator met groot oppervlak". Geneeskunde Gids 21: Nr.7 (1943) en yn: Ned. Tijdschr. voor Geneeskunde 87, 1684-1688 (1943)
  • W.J.Kolff en H.Th.J.Berk: "The Artificial Kidney: a dialyser with great area". Acta Medica Scandinavica, Vol. 117, Fasc.2 (1944)
  • W.J.Kolff: "De Kunstmatige Nier" (Proefskrift). Kampen, 1946
  • W.J.Kolff: "New ways of treating uraemia". J.A.Churchill Ltd., Londen 1947
  • W.J.Kolff: "First Clinical Experience with the Artificial Kidney". Ann. Intern. Med. 62, 608-619 (1965)
  • W.Drukker: "Haemodialysis: a Historical Review" yn: "Replacement of Renal Function by Dialysis". ed. troch W.Drukker, F.M.Parsons en J.F.Maher. Martinus Nijhoff Publishers, Boston, De Haach, Dordrecht, Lancester. 2.Edition, 1983
  • Herman Broers, Dokter Kolff, kunstenaar in hart en nieren (biografy, 2003).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]