The Sharing Knife: Horizon

Ut Wikipedy
The Sharing Knife: Horizon
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2009, New York
oarspr. útjwr. Eos
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel The Sharing Knife: Passage
● folgjend diel gjint (is lêste diel)
kodearring
ISBN 978-0 06 13 75 361

The Sharing Knife: Horizon is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Horizon minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as romans út Bujold har oare beide romansearjes, de Vorkosigan-kroniken en de Chalion-syklus. Horizon is it fjirde en lêste diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2009 en is ûnderwilens oerset yn trije talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bujold skreau Horizon, dat oerset wurde kin as "Hoarizon", oarspronklik as ien boek mei it trêde diel fan The Sharing Knife, Passage, yn 2007 en 2008, as in ferfolch op 'e earste beide dielen fan 'e searje (Beguilement en Legacy), dy't ek ien ferhaal foarmje. Dit ferfolch soe, foar't it opspjalte waard, de titel The Wide Green World krije, wat sadwaande ek wol as alternative namme foar de hiele romansearje brûkt wurdt. Horizon is skreaun yn it personele perspektyf, en ferskynde yn 2009 by Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam datselde jiers noch út as audioboek, en yn 2011 as e-boek.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Horizon giet fierder op it punt dêr't Passage ophold. Fawn, in fanke fan boerekomôf, en har man, de fjirtich jier âldere, ienhannige Marrinner Dag, hawwe op harren houliksreis oer de rivieren op in platboaiem boat, yn it selskip fan guon freonen, de súdlike see berikt. Op oantrúnjen fan Fawn siket Dag immen dy't him leare kin hoe't er syn magy better brûke kin om lju te genêzen. Yn it Marrinnerskamp New Moon Cutoff fine se de machtige en bedreaune genêzer Arkady Waterbirch, dy't krekt is wat se sykje. Mar op 'e nij ûntsteane der swierrichheden mei de op harsels rjochte Marrinners, as dúdlik wurdt dat Dag fan doel is om syn nij opdiene kennis mank de boeren te brûken. Dat se sette mei in karafaan boeren ôf om oer lân wer nei it noarden ta. Arkady giet mei en nei ferrin fan tiid foegje ek Fawn har broer Whit en syn nije frou Berry, dy't it earste part fan 'e reis oer de rivier makke hawwe, harren wer by har. Underweis treffe se ek Dag syn omkesizzer Sumac, dy't har ek by it groeiende selskip jout.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst se op 'en paad binne, giet Dag fierder mei te besykjen Marrinners en boeren neier ta-inoar te bringen. Hy pielt om mei manearen om boeren, dy't sels net oer magy beskikke, te beskermjen tsjin wêzens mei tsjoenderij. Se binne al in moai hoart ûnderweis as se ynhelle wurde troch guon boadskippers út New Moon Cutoff, mei it berjocht dat de kamprie tajûn hat en dat se wol weromkomme kinne. Mar tsjin dy tiid hat Dag tasein dat er de karafaan boeren nei it noarden ta liede sil. En Arkady, in "makker" dy't al yn gjin desennia mear op patrûlje west hat en oan 'e iene kant wol graach werom wolle soe nei syn noflike hûs, is tsjin dy tiid oan it selskip bûn troch syn ûntsprutende leafde foar Sumac.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Op in stuit ûntdekke se in kweawillichheid, dy't harren mei syn trewanten oer de wei yn 'e mjitte komt. It ding is mar kwealk mobyl, en it is feitliks foar Dag-en-dy in kâld keunstke om it te deadzjen, mar it ûnferklearbere hâlden en dragen derfan bliuwt Dag dwerssitten. Dan docht bliken dat de kweawillichheid harren net besocht oan te fallen, mar dat it ding op 'e flecht wie. Foar in oare, folle machtiger kweawillichheid, dy't him betsjinje lit fan trewanten dy't er fan flearmûzen makke hat. Yntelligint fleanend ûnrant sa grut as folwoeksen minsken hawwe sels de meast yn 'e wol ferve feteranen ûnder de Marrinners noch nea meimakke, en it komt harren folslein oer it mad. Ien fan 'e dingen fljocht fuort mei in pjut, in bern út ien fan 'e boeregesinnen út 'e karafaan, en twa oaren gripe Dag sels en drage him krektlyk fuort troch de loft. Hoewol't Dag sawol himsels as it jonkje wit te rêden, bedarret er mei in ferstûke ankel oare kant in heuvelrêch, wêrmei't er bûten gefjocht steld is.

It grutste part fan 'e rest fan 'e karafaan hat de weinen efterlitten en beskûl socht yn in grot. As se op 'e siik geane nei Dag en it jonkje komt de kweawillichheid, dy't sels ek wjukt is, harren oer it mad. De Marrinners ûnder de groep sjogge dat se gjin skyn fan kâns hawwe en spylje fan ruten, wylst de boeren frijwol daliks ta proai falle oan 'e betsjoening fan it ding. Inkeld Fawn, Whit en Berry, dy't tarist binne mei de skylden tsjin magy dy't Dag foar harren makke hat, bliuwe der frij fan en ferskûlje har yn it strewelleguod. Se folgje temûk de kweawillichheid en dy syn nije slaven, en as se der de kâns ta krije, deadzje se it ding mei in dielmês, dat se ôfsjitte mei in krúsbôge. It is in barren sûnder wjergea, want noch nea hawwe boeren sûnder help fan Marrinners in kweawillichheid út 'e ljochten holpen.

It boek einiget mei in epilooch dy't in jier letter spilet. Dag en Fawn hawwe harren nei wenjen set yn it plakje Clearcreek, dêr't Dag en Arkady tegearre in hielmasterspraktyk foar de boeremienskip runne. Stikje by bytsje begjint Dag syn dream fan in better begryp tusken boeren en Marrinners fêste foarmen oan te nimmen. Hieltyd mear Marrinnerskampen litte blike belangstelling te hawwen foar wêr't hy en Arkady mei úteinset binne. En troch syn skylden tsjin tsjoenderij binne boeren tenei net inkeld mear proai foar de kweawillichheden en kinne se helpe by it opspoaren fan 'e dingen en sa de oerbelêste Marrinners wat wurk út 'e hannen nimme.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bulgaarsk (Horizonti), fert. Cvetana Genčeva, 2009;
  • Frânsk (Horizon), fert. Benoît Domis, 2010;
  • Russysk (Gorizont), fert. A. Aljeksandrova, 2010.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen

The Sharing Knife
The Sharing Knife: Beguilement • The Sharing Knife: Legacy • The Sharing Knife: Passage • The Sharing Knife: Horizon • Knife Children