Chalion-syklus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
de Chalion-syklus
oarspr. titel The Chalion Cycle
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
oarspr. útjwr. Eos
prizen Mythopoeic Award 2002
Hugo Award 2003
Locus Award 2004
Nebula Award 2004
nom. World Fantasy Award 2002
nom. Hugo Award 2002
nom. Locus Award 2006
nom. Mythopoeic Award 2006

De Chalion-syklus, ek wol The World of the Five Gods-rige neamd, is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De romans, dy't yn in mienskiplike optochte wrâld spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne, foarmje in miks fan spanning, romantyk, komeedzje en tragyk. De searje tanket syn namme oan it keninkryk Chalion, dêr't de earste beide boeken spylje. De Chalion-syklus hat in grut tal prizen yn 'e wacht sleept, mei dêrûnder in Hugo, in Nebula en in Locus Award. De boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten fjirtjin talen; yn 2014 kaam ien út yn it Frysk.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it minder súksesfolle The Spirit Ring, út 1992, wie The Curse of Chalion, it earste boek fan 'e Chalion-syklus, yn 2001 it twadde útstapke fan Lois McMaster Bujold nei it sjenre fan 'e fantasy. Foartiid hie se har fierhinne by science fiction holden, dêr't se mei har populêre en bekroande Vorkosigan-kroniken in grutte namme yn opboud hie. Oars as dat by de Vorkosigan-kroniken it gefal is, dy't grutdiels in fêste haadpersoan hawwe, wikselje de personaazjes yn 'e Chalion-syklus; elts fan 'e romans yn 'e searje hat oant no ta syn eigen haadpersoan. De ferbinende faktor wurdt foarme troch de fiif goaden fan 'e wrâld dêr't de ferhalen har yn ôfspylje en dy't harren frij streekrjocht lykje te bemuoien mei de libbens en dieden fan 'e minsken.

Op 't heden (2013) bestiet de searje út trije romans, mar it is de bedoeling dat der úteinlik fiif boeken komme sille. Yn in fraachpetear sei de skriuwster dêroer: "Ideeën foar de lêste beide Chalion-boeken rattelje my al jierren yn 'e holle om, mar se binne net ien fan beiden al hielendal folwoeksen."[1] Hoewol't de boeken út dizze searje fierhinne op harsels steane, sit der al wat plotbejerrende ynformaasje oer The Curse of Chalion yn Paladin of Souls, dat it is it handichst om earst The Curse te lêzen en dan pas Paladin.[2]

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Wrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boeken fan 'e Chalion-syklus spylje yn in fiksjonele wrâld dy't basearre is op 'e Jeropeeske Midsiuwen. Sterker noch, in lânkaart dy't te finen is op Bujold har persoanlike webside is gewoan de kaart fan Jeropa 180 graden draait, sadat it Ibearysk Skiereilân nei it noarden útstiket.[3] Oan 'e hân fan dy lânkaart kin men fêststelle dat it lân Chalion oerienkomt mei it âlde keninkryk Kastylje; Ibra mei it âlde keninkryk Aragon; Brajar mei Portegal; de Roknaarske foarstedommen mei de Moarske emiraten fan Andalúsje; en Darthaca mei Frankryk. Sawol The Curse of Chalion as Paladin of Souls spylje fierhinne yn Chalion. The Weald (wat oersetten wurde kinne soe mei "It Wâld" of "It Wold"), it keninkryk dêr't The Hallowed Hunt spilet, wurdt op 'e lânkaart op Bujold har webside net werjûn, mar it is net dreech om út it boek ôf te lieden dat it oerienkomt mei Dútslân, wylst it yn The Hallowed Hunt neamde eilân Arfrastpekka sterk oan Iislân tinken docht.

Net inkeld de geografy, mar ek oare eleminten fan 'e wrâld fan 'e Chalion-syklus binne basearre op Midsiuwsk Jeropa. In lêzer dy't op dat mêd wat bekend is, sil yn 'e searje frijwat winken gewaarwurde kinne. It meast opfallend binne yn dat ferbân de ferwizings nei de Werovering of Reconquista, de bemastering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristlike keninkriken nei de mear as fiifhûndertjierrige oerhearsking troch de Arabieren. Mar ek de striid fan Karel de Grutte tsjin 'e Saksen wurdt oanstipt.

Goaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e wrâld fan 'e Chalion-syklus besteane fiif goaden, dy't net ôfhâldich binne of op in distânsje bliuwe, mar dy't aktyf yn 'e libbens fan 'e haadpersoanen yngripe. Dy goaden binne: de Heit, de Mem, de Soan, de Dochter en de Bastert. Yn haadstik 3 fan Paladin of Souls wurdt de ûnderlinge relaasje fan 'e goaden út 'e doeken dien. Dat ferhaal begjint mei de wurden "Yn it oanbegjin wie de wrâld, en de wrâld wie lôge." Doe't de wrâld begûn ôf te kuoljen, ûntstie stadichoan út it fjoer yn 'e kearn fan 'e wrâld de Wrâldsiel. Mar om't it each himsels net sjen kin, spjalte de Wrâldsiel yn twaen, dat er himsels gewaarwurde koe; sa ûntstiene de Heit en de Mem. En út harren earste leafde waarden de Soan en de Dochter berne. De fjouwer goaden oarderen doe de wrâld en ferparten ûnderling de seizoenen. Mar it fjoer yn it binnenste fan 'e wrâld befette ek krêften fan gaos, dusoarder en ferneatiging; dêrút kamen de demoanen fuort, dy't de fan 'e goaden oardere wrâld binnenkrongen en jacht makken op 'e minsken. Sa ûntstiene machtige demoanehearen, dy't wiis en trochferkeard wiene troch it opfretten fan withoefolle minskene sielen. Mar op dei spjalte in hillige syn eigen siel midstwa en joech de helte út frije wil oan 'e machtichste fan dy demoanehearen; sa krige dy demon foar it earst in eigen siel en alle skiene en bittere jeften dy't dêrmei mank geane, lykas it besef fan sûnde en skamte en skuld, en de demoanehear waard tramtearre troch berou oer syn dieden. Mar in ferearster fan 'e Mem genies syn siel, dat er as in paladyn fan 'e goaden de oare demoanen befjochtsje koe op plakken dy't foar de goaden sels ûnberikber wiene. Hy waard de kampioen fan 'e Mem en har leafde foar him wie ûnbeheind. En al kaam de demoanehear om doe't de oare demoanen him yn in grutte kliber oanfoelen, dochs joech it harren neat, want de Mem wie fannijs swier rekke en sa waard de Bastert berne, de oerwûne soan fan 'e Mem en dy grutbesielde demoanehear, en him waard foech jûn oer alle demoanen en oer alle dingen bûten har rjochte tiid.

  • De Heit fan 'e Winter is de god fan âldere manlju, de rjochtspraak, ôfsluting en de dea yn 'e âlderdom. Hy wurdt assosjearre mei de winter en de kleur griis (en yn minder mjitte swart). Syn lichaamlike oantsjutting is it krús of geslacht, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Heit, falt op midwinter.
  • De Mem fan 'e Simmer is de goadinne fan âldere froulju, sûnens, genêskeunst en it libben. Hja wurdt assosjearre mei de simmer en de kleur grien (en yn minder mjitte giel en goud). Har lichaamlike oantsjutting is de nâle, en har hjeldei, de Dei fan 'e Mem, falt op midsimmer.
  • De Soan fan 'e Hjerst is de god fan jongemannen, freonskip, de jacht en de oarloch. Hy wurdt assosjearre mei de hjerst en de kleur brún (en yn minder mjitte read). Syn lichaamlike oantsjutting is it hert, en syn hjeldei, de Dei fan 'e Soan, falt op 'e hjerstevening.
  • De Dochter fan 'e Maityd is de goadinne fan jongfammen, ûnderrjocht, iepenbiere oarder en lyryske poëzij. Hja wurdt assosjearre mei de maityd en de kleur blau (en yn minder mjitte wyt). Har lichaamlike oantsjutting is de foarholle of it ferstân, en har hjeldei, de Dei fan 'e Dochter, falt op 'e maitydsevening.
  • De Bastert is de god fan it lykwicht, skabeljeuze grappen en alle dingen dy't ôfwike fan 'e noarm (lykas fûnlingen en weesbern, sykten, natuerrampen, ûngelokken, foartidige stjergefallen, ensfh.). Hy hat ek sizzenskip oer de legioenen demoanen fan dusoarder, dy't soms oan syn gryp ûntglûpe en nei de materiële wrâld ta ûntkomme. Hy wurdt assosjearre mei dingen bûten harren rjochtlike seizoen en de kleur wyt (en yn minder mjitte krêm en sulver). Syn lichaamlike oantsjutting is de tonge sawol as de tomme, en syn feestdei, de Dei fan 'e Bastert, is "dy ynterkalindryske hjeldei dy't ienris yn 'e twa jier tafoege wurdt nei Memme Midsimmer om foar te kommen dat de kalinder út syn krekte seizoenen wei ferskoot."[4]

It leauwe yn dizze fiif goaden wurdt it otterdokse kwintarisme neamd. De wichtichste ôfwiking dêrfan is it ûntkennen fan 'e godlikheid fan 'e Bastert, sa't de Roknaren dogge; dat wurdt de kwadreenske ketterij neamd. De kwadrenen leauwe dat de demoanehear de Mem ferkrêfte en dat sa de Bastert ûntstie en dat dy dêrom de grutste demon fan allegear is. Kwintaristen snije se de tommen ôf of skuorre se de tongen út (de lichaamlike oantsjuttings fan 'e Bastert). Der is allegeduerigen oarloch tusken de kwadreenske Roknaarske foarstedommen en de kwintaristyske keninkriken fan Chalion, Ibra en Brajar.

Bujold hat sein dat har betinken fan 'e opfallend goed útwurke godstsjinst fan 'e wrâld fan 'e Chalion-syklus debet wie oan in stikmannich faktoaren. Yn it foarste plak woe se har ôfsette tsjin 'e "oerflakkige of sleauwe of fijannige" soarten godstsjinsten dy't hja yn fantasyboeken gauris tsjinkommen wie en oard kaam it fuort út har eigen lêzen op it mêd fan teology en skiednis. Mar fral woe se in religy skeppe dy't oars wie as eltse moderne godstsjinst, en yn it bysûnder woe se it dualisme fan goed en kwea mije, "wat nei myn miening in filosofyske flater is dy't troch de iuwen hinne withoefolle fertriet feroarsake hat."[5] Dat sadwaande keas hja foar fiif goaden, foar in diel om't yn dat getal dingen út 'e fysike wrâld wjergalmje (de fingers fan in hân, de fjouwer jiertiden plus skrikkeldagen), en foar in diel om't it in sifer is dat net midstwa dield wurde kin. Se seit dêr fierders noch oer: "Want yn 'e echte wrâld treft men goed en kwea nea kreas opdield oan; it is altiten in mingsel, krekt as de soerstof en de stikstof yn 'e lucht. Men kin har by wize fan gedachte-eksperimint ta poere foarmen skiede, mar men moat se wer trochinoar hutselje as men weromkeart nei it tinken oer de reäliteit, en guon lju ferjitte dy stap. In ûnbidich soad ferskrikkings út 'e skiednis binne begien troch skrandere minsken dy't in rommelige reäliteit besochten yn te passen yn in te himmel opromme teory. En dy't dan, as dat net blykt te wurkjen, net ta de konklúzje komme dat harren teory derby troch is, mar miene dat de gegevens — dat wol sizze, harren buorlju — feroare, of fermoarde, wurde moatte sadat se yn 'e teory passe."[6]

Op dit plak moat noch oantekene wurde dat de boeken fan 'e Chalion-syklus elkmis oerienkomme mei ien fan 'e goaden. The Curse of Chalion beljochtet benammentlik de Dochter fan 'e Maityd; Paladin of Souls behannelet fral de Bastert; en The Hallowed Hunt giet oer de Soan fan 'e Hjerst. De beide noch ûntbrekkende boeken soene dus logyskerwize de Mem fan 'e Simmer en de Heit fan 'e Winter behannelje moatte.

Hilligen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e boeken fan 'e Chalion-syklus komme ferskate libbene hilligen foar. Sokke lju binne net bûtenwenstige goed of from, noch is harren hilligens in beleanning. Earder kinne se beskôge wurde as in stik ark yn 'e hannen fan 'e goaden, en dy moatte genoegen nimme mei hokker ark oft op in stuit beskikber is, mei't lang net elkenien in hillige wurde kin. It kritearium liket te wêzen oft men in sterke eigen wil, ambysje of persoanlikheid hat. Sa ja, dan is men as in folle kop dêr't neat mear by kin. Mar as men leech is — of jinsels leech meitsje kin — fan soksoarte dingen, dan is der romte foar it wêzen fan 'e goaden.

Der besteane hilligen (en mindere hilligen, dy't mindere krêften hawwe) fan elkmis fan 'e fiif goaden. Harren steat wurdt beskreaun as net te fergunnen en faak reitsje se der geastlik troch skansearre. Yn 'e boeken wurde hilligen gauris omskreaun yn net sokke flaaikjende bewurdings, lykas "lêstdier fan 'e goaden". It is mooglik om hillige-ôf te wurden, "as men dêr op 'e tiid ta beslist", en dat is noch net sa maklik, want al hoe skansearjend oft it ek is, hilligens skynt ferslaavjend te wêzen.

Tsjoenders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Hallowed Hunt.

Njonken hilligen besteane der ek tsjoenders. Dat binne lju dy't in oan 'e Bastert ûntglûpte demon yn harren siel opnommen hawwe en him yn 'e materiële wrâld ûnderstypje, want neat fan geast kin yn 'e materiële wrâld bestean sûnder in materieel wêzen dat it ûnderhâldt. Yn ruil foar harren help lient de demon dan syn (magyske) krêften oan 'e tsjoender. Dy moat lywols altyd wach bliuwe en oppasse dat de demon him net oermânsk wurdt, want dan ferliest er de behearsking oer syn eigen lichem en wurdt er yn in finzene yn syn eigen holle. Der besteane twa soarten tsjoenders: wettigen en ûnwettigen. De iennichste wettige tsjoenders binne leden fan ien fan 'e fiif oan 'e goaden wijde hillige oarders. Unwettige tsjoenders binne mar minmachtich en de Timpel docht tige war om harren noch minmachtiger te meitsjen.

Romans en novellen fan 'e Chalion-syklus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Curse of Chalion[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Curse of Chalion.

Yn The Curse of Chalion lijt it keningshûs fan Chalion, en yn it ferlingde dêrfan it hiele lân, ûnder de flok dy't derop pleatst is troch in fersleine fijân. De breklike en alhiel ta reapsein brochte ealman Cazaril, krekt weromkeard nei syn befrijing út 'e slavernij op 'e Roknaarske galeien, wurdt it ûnwierskynlike stik ark yn 'e hannen fan 'e Dochter fan 'e Maityd om keningshûs en lân te rêden.

Paladin of Souls[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Paladin of Souls.

Yn Paladin of Souls wurdt de pylgerstocht fan Ista, de keninginne-mem fan Chalion, ûnderbrutsen as hja foar in Roknaarske ynfal beskûl sykje moat yn in ôfhandich kastiel. Dêr komt se alderlei nuvere saken op it spoar, mar it nuverste fan alles is dat sy har sels ûntjout ta in hillige fan 'e Bastert (de god fan rampen, demoanen en dingen bûten it seizoen), en op syn oanwizings de wrâld behoedet foar in grut gefaar.

The Hallowed Hunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side The Hallowed Hunt.

Yn The Hallowed Hunt (yn 2014 oerset yn it Frysk as Yn it Skaad fan de Wolf),[7] wurdt de kriichsman Ingrey nei in ôfhandich jachtslot stjoerd om it stoflik omskot fan in prins, en de frou dy't him deadien hat, dêrwei nei de haadstêd te bringen. Mar de ienfâldige opdracht feroaret yn in kearpunt yn syn libben as er fereale rekket op 'e moardneresse en boppedat te meitsjen kriget mei in mysterieuze fijân dy't oer liken giet om syn geheimen te bewarjen, wylst de Soan fan 'e Hjerst en de oare goaden wisberet lykje en brûk Ingrey om in âlde misdie goed te meitsjen.

Penric and Desdemona[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rige fan novellen dy't inkeld útjûn binne as e-boeken en audioboeken:

  • Penric's Demon
Underweis nei syn ferloving komt de jonge ealman Penric in âldere dame tsjin dy't fan 't hynder rekke is en swier ferwûne op 'e grûn leit. It docht bliken dat it om in preesteresse fan 'e Timpel giet, dy't him mei har lêste siken de demon tapartet dy't hja yn har draacht en dy't har har tsjoenderskrêft jout. Fan dat stuit ôf feroaret Penric syn libben folslein, en wurdt in elk syn fijân dy't syn nije krêften eanget of der oergeunstich op is.
  • Penric and the Shaman
Fjouwer jier letter is Penric in preester fan 'e Oarder fan de Bastert en hat er him oerjûn oan 'e stúdzje fan wittenskip en magy. Syn wurk wurdt lykwols ûnderbrutsen as de aartspreesteresse him derop útstjoerd mei in fertsjintwurdiger fan 'e Oarder fan de Heit om in sjamaan op te pakken dy't beskuldige wurdt fan 'e moard op syn bêste freon. Ienris djip yn 'e bergen blykt de saak lykwols folle yngewikkelder te wêzen as men earder tocht hie.
  • Penric's Mission
Penric wurdt útstjoerd nei it oerseeske lân Cedonia, dêr't er temûk in ûntefreden generaal besykje moat oer te heljen om yn 'e tsjinst te trêdzjen fan 'e hartoch fan Adria. Hy wurdt lykwols ferret en yn 'e tsjerker smiten, en hat ferlet fan al syn krêften en fernimstigens om dêr wer út te kommen.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romans fan 'e Chalion-syklus binne oerset yn teminsten fjirtjin talen. The Hallowed Hunt kaam yn 2014 út yn in Fryske fertaling, ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf.[8] Sjoch foar fierdere bysûnderheden op 'e siden fan 'e ôfsûnderlike boeken.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Curse of Chalion:
    • wûn de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer 2002;
    • wûn de lêzerskar-priis foar bêste boek fan 2001 fan The SF Site;
    • nominearre foar de Hugo Award foar de bêste roman fan 2002;
    • nominearre foar de World Fantasy Award foar de bêste roman fan 2002.
  • Paladin of Souls:
  • The Hallowed Hunt:
    • nominearre foar de Mythopoeic Award foar Folwoekseneliteratuer 2006;
    • trêde plak foar de de Locus Award foar de bêste fantasy-roman fan 2006.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Lewis, Jeremy L.C., A Conversation with Lois McMaster Bujold (clarkesworldmagazine.com).
  2. Bujold, Lois McMaster, The Vorkosigan Saga Reading Order Debate: The Chef Recommends (www.dendarii.com).
  3. Map of the Ibran Peninsula (www.dendarii.com).
  4. The Curse of Chalion, hardcoveredysje, s. 221.
  5. Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com).
  6. Bujold, Lois McMaster, Science Fiction, Fantasy, and Me: Keynote Address for the 2008 UPC Awards (www.dendarii.com).
  7. Bujold, Lois McMaster, Yn it Skaad fan de Wolf (http://webshop.elikser.nl/yn-it-skaad-fan-de-wolf.html).
  8. Bujold, Lois McMaster, Yn it Skaad fan de Wolf (http://webshop.elikser.nl/yn-it-skaad-fan-de-wolf.html).

Boarnen

wurken fan Lois McMaster Bujold dy't spylje yn 'e Wrâld fan 'e Fiif Goaden
de Chalion-syklus
The Curse of Chalion • Paladin of Souls • The Hallowed Hunt (Fryske oersettingYn it Skaad fan de Wolf) • fjirde boek (noch net skreaun) • fyfde boek (noch net skreaun)
Penric and Desdemona
Penric's Demon • Penric and the Shaman • Penric's Fox • Penric's Mission • Mira's Last Dance • The Prisoner of Limnos