The Sharing Knife: Beguilement

Ut Wikipedy
The Sharing Knife: Beguilement
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2006, New York
oarspr. útjwr. Eos
prizen nom. R.T. Award 2006
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel gjint (is 1ste diel)
● folgjend diel The Sharing Knife: Legacy
kodearring
ISBN 0 06 11 37 588

The Sharing Knife: Beguilement is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Beguilement minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as de romans út Bujold har oare searjes. Beguilement is it earste diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2006 en is ûnderwilens oerset yn sân talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bujold skreau Beguilement, dat oerset wurde kin as "Betsjoening", yn 2005 en 2006 op grûn fan in teltsje dat se foar har eigen fermaak optocht hie. Ta har eigen ferheardens waard it ferhaal al gau sa lang dat it úteinlik foar de publikaasje opspjalte wurde moast yn twa dielen: The Sharing Knife: Beguilement en The Sharing Knife: Legacy. The Sharing Knife, dat oarspronklik as namme foar it boek bedoeld wie, waard doe de namme fan 'e hiele romansearje. Beguilement is skreaun yn it personele perspektyf, en ferskynde yn 2006 by Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam yn 2007 út as audioboek, en yn 2011 as e-boek.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fawn Bluefield, in famke fan boerekomôf, is swier rekke nei in ûnberette românse mei in jonge dy't dêrnei neat mear fan har witte wol. Om har skande geheim te hâlden, is se útnaaid fan hûs. Underweis nei it stedsje Glassforge ferskûlet se har yn in beam as der in patrûlje semy-nomadyske Marrinners foarbykomt, dêr't ek de ienhannige Dag Redwing Hickory diel fan útmakket. Letter wurdt se ûntfierd troch in twatal rôvers yn 'e tsjinst fan deseldichste kweawillichheid dy't de Marrinners besykje op te spoaren en te deadzjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Se bringe har nei de kweawillichheid ta, en fan alle Marrinners is inkeld Dag, dy't de beide rôvers efter de hakken siet, tichtby genôch om har te helpen. Tegearre witte se de kweawillichheid mear troch lok as troch wiisheid út 'e ljochten te helpen, mar net foar't de kweawillichheid by Fawn in miskream feroarsaket. Neitiid bliedt Fawn as wat, en Dag is twongen om har in pear dagen lang op in alderyntymste wize te ferpleegjen. Letter nimt er har mei nei Glassforge, dêr't harren bân noch hechter wurdt. Hoewol't se hast fjirtich jier skele, wurde se fereale opinoar.

As Fawn safierhinne opknapt is dat se de reis oankin, bringt Dag har thús. Hy leart har heit en mem, Sorrel en Tril Bluefield (dy't jonger binne as hysels) kennen, har ynwenjende, bline muoike Nattie, en har âldere bruorren: Fletch, de stamhâlder, en syn ferseine Clover; de gallige twilling Reed en Rush; en de grapjas Whit. Lang om let komt it hege wurd derút en freget Dag Sorrel om 'e hân fan syn dochter, ek al is it eins not done dat sljochtwei boeren en tsjoenderij brûkende Marrinners mei-inoar houlikje, en besteane der oer en wer withoefolle foaroardielen tusken dy beide befolkingsgroepen. Mar nei't se wat oan it idee wûn binne (en nei't der fan ferskate kanten wat op har ynpraat is), stimme Fawn har âldelju der mei yn. Fletch en Clover binne al lang bliid om kosteleas fan Fawn ôf te kommen, en Whit makket inkeld grappen, dy't foar Fawn miskien ferfelend binne, mar dêr't gjin kwea efter stekt. Allinnich Reed en Rush binne it der hoegenamt net mei iens dat se famylje wurde fan in Marrinner, en besykje it foarnommen houlik op alderlei manearen tsjin te kearen, mei ûnderdúmske streken dy't stadichoan ûnhuerder wurde. Mar ek al is Dag ûnderweis nei Fawn har hûs it gebrûk fan syn goede earm kwytrekke doe't er it mei in dief oan 'e stôk krige, dochs is er mei syn heak en in brutsen earm de twilling en harren maten noch te slim ôf as dy him úteinlik mei geweld fan it houlik ôfbringe wolle. Beguilement einiget as Dag Fawn nei harren houlik meinimt op 'en paad nei syn Marrinnerskamp.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Japansk (?), fert. Ayako Ogiso, 2006;
  • Dútsk (Die Klingen des Lichts), fert. Alexander Lohmann, 2007;
  • Russysk (Primanka), fert. A. Aljeksandrova, 2007;
  • Spaansk (El Encantamiento), fert. Adela Torres Calatayud, 2007;
  • Bulgaarsk (Omajvane), fert. Krasimir Bălkov, 2008;
  • Frânsk (Ensorcellement), fert. Julie Lopez, 2008;
  • Kroätysk (Obmana), fert. ?, jier fan útjefte ?.[1]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  2. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Sharing Knife
The Sharing Knife: Beguilement • The Sharing Knife: Legacy • The Sharing Knife: Passage • The Sharing Knife: Horizon • Knife Children