Digitale Wrâldbibleteek
Appearance
De Digitale Wrâldbibleteek (Ingelsk: World Digital Library, WDL) is sûnt 2009 in gearwurking fan UNESCO en in tal bibleteken, argiven, en organisaasjes fan kultuer en ûnderwiis. It doel is om op ien webstee unike en seldsume dokuminten gear te bringen, dy't fertelle oer de kulturen fan 'e wrâld. Op dy wize wurde boeken, hânskriften, kaarten, printen, foto's, fideo's, films, en lûdsopnammen beskikber makke oan studinten, dosinten, ûndersikers en wa der fierders mar belang yn stelt. It webstee is yn ferskate faak-brûkte talen, mar de dokuminten binne yn de oarspronklike taal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit artikel is in stobbe oer in organisaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |