Adriano Emperado
Adriano Directo Emperado (Honolulu, 15 juny 1926 – dêre, 4 april 2009) wie it haad fan fijf beoefeners fan de fjochtkeunst, dy't kajukenbo - in selsferdigeningssysteem - útwurke hawwe.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emperado syn bernejierren yn Honolulu wiene dreech mei hast alle dagen fjochterij. Dat wie de reden dat er in selsferdigeningssport leare woe. Syn earste trening yn de fjochtsporten wie yn Escrima. Doe't er 20 jier wie rekke Emperado ynteressearre yn Kempo en helle de swarte bân fan de fiifde graad ûnder lieding fan William K.S. Chow.
Yn it jier 1947 moeten fiif fjochtskeunstners, dy't harren it Genoatskip fan de Swarte Bân (Black Belt Society) neamden, inoar yn in earme wyk fan Honolulu, bekend as de Stêd fan Palama. Harren doel waard om it heechste systeem fan selsferdigening út te wurkjen. Hja wienen: Peter Y. Choo (Tangsudo - Koreaanske Karate), Frank Ordonez (Jujitsu), Joseph Holck (Judo), Adriano Emperado (Kenpo en Escrima), en Clarence Chang (Wushu fan Shaolin. Nei twa jier, kreëarren dizze fiif fjochtsmasters in systeem dat tige effisjint wie by strjitfjochtsjen. Dat systeem krige syn namme ("Kajukenbo") fan de earste wurdlidden fan 'e fjouwer stilen dêr't it út bestie. Sûnt dy tiid hat kajukenbo in reputaasje as "perfeksjonearre keunst fan fûl fjochtsjen op strjitte", sa't ien lid sei.
De earste skoalle fan kajukenbo waard opstarten yn Palama, en waard laat troch Emperado mei syn broer Joe. Om ûnoerwinlik te wêzen yn 'e strjitten, krigen de studinten in realistyske, frijwat wrede trening. Ferskillende blessueres kamen alle dagen foar en it oantal studinten op de skoalle waard stadichoan lytser oant in pear loyale manlju oerbleaune. De skoalle fan Emperado smiet ferskate ynstrukteurs op dy't sukses hienen yn de ynternasjonale mienskip fan fjochtssporten: Sid Asuncion, Tony Ramos, Charles Gaylord, Aleju Reyes, Joe Halbuna en Al Dacascos, om mar in pear te neamen.
Yn 1959 begûn Emperado mei it opnimmen fan wushu yn it kajukenbo-systeem, wêrby't de fokus ferlein waard fan de hurde styl fan karate nei in kombinaasje fan hurde en sêfter techniken. Kajukenbo hat him ûntjûn ta in styl dy't iepenstiet foar ferbettering en ree is om alles wat effektyf is te akseptearjen.
De moderne kajukenbo brûkt syn erfgoed, mar zorgt voor zijn reputatie als een kunst die geboren is voor een straatgevecht. Fanwegen syn grutte tawijing en bydragen oan de kriichskeunsten, hat it tydskrift Black Belt Magazine Adriano Emperado útroppen ta Ynstrukteur fan it jier 1991.
Master Emperado stoar op 4 april 2009 yn de âlderdom fan 83 jier.