Springe nei ynhâld

Lis Hartel

Ut Wikipedy
Lis Hartel
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit   Deensk
bertedatum 14 maart 1921
berteplak Hellerup
stjerdatum 12 febrewaris 2009
stjerplak Kopenhagen
sportive ynformaasje
sport Hynstesport
ûnderdiel Dressuer
earste titel 1943 Deensk kampioene dressuer
O.S. Helsinky 1952
Stokholm 1956,
debút 1943
karriêre-ein 1959
ekstra Earste frou dy't in medalje behele by de hynstesport op de Olympyske Simmerspullen
wichtige prestaasjes
2x sulver Olympyske Spullen 1952, 1956

Lis Hartel (Hellerup, 14 maart 1921 - Kopenhagen, 12 febrewaris 2009) wie in Deensk dressuerruter.

Hartel waard yn 1921 berne yn it Deenske Hellerup, Yn 1944 op 23 jierige leeftyd doe't se swier wie fan har earste poppe krige Hartel polio wêrtroch't se in lichaamlike beheining oan har skonken krige.

Tidens de Spullen fan 1952 wie Hartel ûndanks dat se help nedich hie om op har hynder te kommen, ien fan de earste froulju dy't mei diene oan de hynstesport op de Olympyske Simmerspullen. Sy wûn by it dressuer de sulveren medalje en waard dêrmei de earste frou dy't in medalje wûn op de Olympyske Simmerspullen.

Twa jier letter yn 1954 waard se Wrâldkampioene by it dressuer en yn 1956 by de Spullen yn Stokholm waard se wer twadde.

Lis Hartel ferstoar yn 2009 op 87 jierige leeftyd yn Kopenhagen. Yn Doorn is in maneezje mei oanpassingen foar minsken mei in beheining nei har ferneamd.

Olympyske Spullen:

  • 1952 yn Helsinky: sulveren medalje mei Jubilee
  • 1956 yn Stokholm: sulveren medalje mei Jubilee

Wrâldkampioenskippen:

  • 1952 gouden medalje mei Jubilee

Deenske kampioenskippen: 7x gouden medalje tusken 1943 en 1959 mei Jubilee en Limelight

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: