Roel Brandt
R.W. (Roel) Brandt (28 oktober 1940 - 4 augustus 2009) wie in Nederlânske argeolooch en bestjoerder.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brandt makke akademyske opliedingen yn de sosjale geografy en kulturele prehistoarje ôf oan de Universiteit fan Amsterdam. Praktykûndefining died er benammen op yn Nederlân, Dútslân en Azië, ûnder mear yn Syrië, Turkije, Japan, Kambodja en Fjetnam. Dêrnei wurke er efterelkoar oan it Instituut voor Prae- en Protohistorie yn Leien en de Frije Universiteit yn Amsterdam.
Dêrneist wie er in foaroansteand pionier yn it argeologysk bedriuwslibben. Tegearre mei Tom Bloemers rjochte er yn 1985 de Stichting RAAP op, dêr't argelogen dy't sûnder wurk siten oan de gong koene. Hy wie letter ek direkteur fan de wurkorganisaasje ûnder dy stichting. In lettere konkurrint fan RAAP, it Archeologisch Diensten Centrum, waard troch him yn 1998 oprjochte en oan 2001 ek laat.[1] Sadwaande stie Brandt oan de widze fan de twa grutste argeologyske bedriuwsmjittige tsjinstferlieners fan de Benelux.
Brandt rjochte dêrneist de Beropsferiening fan Nederlânske Argeologen (NVvA) op, wie foarsitter fan dy feriening en stie as foarsitter fan it College voor de Archeologische Kwaliteit oan de basis fan de Kwaliteitsnoarm Nederlânske Archeology, de wichtichste rjochtline foar archeologysk ûndersyk yn Nederlân. Teffens wie er noch foarsitter yn oare archeologyske kolleezjes.
Brandt wie fierder frijwilliger fan Archeologie Deventer en lid fan de Advysried Monuminten fan de gemeente Dimter.[2]
Fan 2006 oant 2008 wied er lid fan de Ried fan Advys fan de oplieding HBO Archeology fan Saxion Next.
Brant wie oant syn dea selsstannich adviseur fia B&W Raadgevende Archeologen. By de Reuvensdagen 2009 waard omtinken jûn oan syn ferstjerren. Brandt waard beïerdige op begraafplak De Nieuwe Ooster yn Amsterdam.
Opdroegen oan Brandt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Innovatie in de Nederlandse Archeologie : liber amicorum voor Roel W. Brandt (SIKB, Gouda)
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Een notitie omtrent de bewoningsgeschiedenis van Amstelland (RAAP, Amsterdam, 1985)
- De waardering van archeologische vindplaatsen in het landelijk gebied (RAAP, Amsterdam, 1987)
- Assendelver Polder Papers 1 (yn 'e mande mei W. Groenman-van Waateringe en S.E. van der Leeuw, Amsterdam University Press, 1987)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |