Springe nei ynhâld

Benelúks

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Benelux)

Benelúks (Frânsk: Bénélux) is sûnt 1944 in ekonoamyske uny yn West-Jeropa wêryn't trije buorlannen, Belgje, Nederlân, en Lúksemboarch sitte. De namme is foarme troch de earste letters fan de lannen te bonneljen. De uny hat ta doel; iepen grinzen, mar mei de komst fan 'e Jeropeeske Uny is dat net mear fan tapassing.

De Benelúks is 74.102 km² grut, mei 27,2 miljoen ynwenners. Fan 2010 ôf, mei de yngong fan it nije ferdrach (Benelux#Benelux na 2010: Benelux Unie), sil de Benelúks net mear allinnich op ekonomysk gebiet optrede mar ek by duorseme ûntjouwing, justysje en binnenlânske saken. De offisjele benamming sil dan yn Benelúks Uny feroarje.

Yn de Benelúks binne 5 offisjele talen, it Frysk, Dútsk, Frânsk, Lúksemboarchsk en Nederlânsk. Foar de Benelúksynstituten binne allinne it Frânsk en Nederlânsk in offisjele taal. Fan de 27,2 miljoen minsken praat 83 prosint Nederlânsk (22,5 miljoen), en binne der 4,7 miljoen Frânsk-taligen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]