Springe nei ynhâld

Jan Riedstra

Ut Wikipedy

Jan Siep Riedstra (Ljouwert, 3 septimber 1943 - Jelsum, 21 maaie 2009) wie in slûchslim hanneler yn ûnreplik guod.[1]

Hy waard grutbrocht oan de Nieuweburen yn Ljouwert, boppe it destiidske iisfabryk Frisia fan de famylje Knoops. Hy wie in soan fan in autosloper, kocht mei 21 jier it pân en bedriuw fan de Drietax oan de Westerplantaazje dy't er yn 1965 ferkocht oan buorman Auke Rauwerda. Eigener fan Rimag Behear en ien fan de rykste manlju fan Fryslân. Yn it blêd Quote waard syn fermogen rûsd op €150 miljoen.
De eardere autoferkeaper hie ferskate Ferrari's en snelle Mercedessen en wie in trou dielnimmer oan de (Quote) Challenge. As leafhawwer fan fuotbal holp er yn de njoggentiger jierren Sportclub Cambuur út de finansjele problemen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rou-advertinsje