Marilyn French

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Marilyn French (Brooklyn (New York City), 21 novimber 1929 - Manhattan (New York), 2 maaie 2009) wie in Amerikaansk skriuwster en feministe.

French studearre filosofy en Ingelske literatuer oan de Universiteit Hofstra, mar gie fan skoalle om de te trouwen. Fan 1964 oant 1968 wie hja dosint oan dy universiteit en helle dêr yn 1964 dochs noch in graad. Oan de Harvard University helle sy har doktoraat yn 1972. French seit yn har wurk dat it ferhûddûkjen fan de frou in essinsjeel part is fan in troch manlju oerhearske allesomfetsjende kultuer. Beyond Power: On Women, Men and Morals (1985) is in histoarysk ûndersyk fan de gefolgen fan it patriargaat. French definiearret patriargaat as in systeem wêryn't macht en kontrole wichtiger binne as libjen en genietsjen.

French har roman út 1977, The Women's Room, folget it libbensferhaal fan Mira en har freondinnen yn it Amearika fan de jierren 50 en 60. Ien fan harren is de radikale feministe Val. De roman jout in sekuere beskriuwing fan it libben fan de froulju en fan it feminisme yn de Feriene Steaten út dy tiid. Val wol op in stuit hawwe dat alle manlju ferkrêfters binne. Dy útspraak waard letter wolris oan French sels taskreaun. Marilyn French kaam sloktermkanker te boppe, mar stoar maaie 2009 yn de âldens fan 79 jier.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Book as World: James Joyce's Ulysses (1976)
  • The Women's Room (1977) ISBN 0-345-35361-7
  • The Bleeding Heart (1980)
  • Shakespeare's Division of Experience (1981)
  • Beyond Power: On Women, Men, and Morals (1985)
  • Her Mother's Daughter (1987)
  • The War Against Women (1992)
  • Our Father (1993)
  • My Summer with George (1996)
  • Season in Hell: A Memoir (1998)
  • Introduction: Almost Touching the Skies (2000)
  • Women's History of the World (2000)
  • From Eve to Dawn: A History of Women in Three Volumes (2002)
  • The Love Children (2005)
  • In the Name of Friendship (2006)