Universiteit Hofstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Universiteit Hofstra
de Seryl and Charles Kushner Hall, de rjochtsfakulteit fan Hofstra University
de Seryl and Charles Kushner Hall,
de rjochtsfakulteit fan Hofstra University
Motto Je maintiendrai
Plak Hempstead
Lân Feriene Steaten
Oprjochte 1636
Type Partikulier
Tal studinten 12.400
Tal meiwurkers 1.185 akademysk
Webside hofstra.edu webside
Silhûet fan Universiteit Hofstra

De Universiteit Hofstra (Hofstra University) is in Amerikaanske partikuliere universiteit yn Hempstead op Long Island yn de steat New York.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Hofstra is stifte yn 1935 op basis fan de neilittenskip fan de rike houtmagnaat William Sake Hofstra (1861-1932) en syn frou Kate Mason Williams (1854-1933). De âlden fan William, Sake en Wilhelmina Hoftra, waarden berne yn Frjentsjer en emigrearren nei de Feriene Steaten. William en Kate krigen gjin bern en lieten in grut jildbedrach nei.

De Hofstra's har went wie ferneamd ûnder de namme The Netherlands en is no in part fan it universiteitskompleks. Ek it biedwurd fan de universiteit, Je maintiendray (it motto fan Willem fan Oranje, Ik sil hanthavenje) bringt de Nederlânske nammejouwer te binnen. It wapen hat twa liuwen sûnt de jierren 40; yn't earstoan wienen it twa mantsjes, mar sûnt 1987 in mantsje en in wyfke, dy't ynformeel 'Kate' en 'Willy' neamd wurde. De universiteitskleuren binne goud en blau, de flagge is goud/wyt/blau.

Hofstra University hie lang de bynamme The Flying Dutchmen (of Dutchmen of allinne Dutch). De offisjele teamnamme fan alle sportteams is sûnt 2005 The Pride ("grutskens").

De skoalle sette útein as in part fan de New York University en waard ûnôfhinklik yn 1937 ûnder de namme Hofstra College. Yn 1963 feroare sy har namme yn Hofstra University.

Hofstra University hie yn 2008 benei 13.000 studinten.

Rektors[bewurkje seksje | edit source]

  • Truesdel Peck Calkins (1937-1942)
  • Howard S. Brower (1942-1944)
  • John Cranford Adams (1944-1964)
  • Clifford Lee Lord (1964-1972)
  • James H. Marshall (1972-1973)
  • Robert L. Payton (1973-1976)
  • James M. Shuart (1976-2001)
  • Stuart Rabinowitz (2001-no)

Ferneamde âld-studinten[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1935 binne sa'n 100.000 studinten op Hofstra ôfstudearreafgestudeerd. In kar:

Earedoktoraat (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]