Whiteout (film út 2009)

Ut Wikipedy
Whiteout
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Whiteout 2009 film logo.png
makkers
regisseur Dominic Sena
produsint Joel Silver
Susan Downey
David Gambino
senario Jon Hoeber
Erich Hoeber
Chad Hayes
Carey Hayes
basearre op de stripsearje fan Greg Rucka
   en Steve Lieber
kamerarezjy Christopher Soos
muzyk John Frizzell
filmstudio Dark Castle Entertainment
Optimum Releasing
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Kate Backinsale
Tom Skerritt
byrollen Gabriel Macht
Columbus Short
Alex O'Loughlin
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of France.svg Frankryk
Flag of Canada.svg Kanada
premiêre 11 septimber 2009
foarm langspylfilm
sjenre skrillerfilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Russysk)
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $17,8 miljoen

Whiteout is in Amerikaansk-Frânsk-Kanadeeske skrillerfilm út 2009 ûnder rezjy fan Dominic Sena, mei yn 'e haadrollen Kate Beckinsale en Tom Skerritt. De titel ferwiist nei in white-out, in sniestoarm sa fûleindich dat men inkeld noch wyt sjocht. It ferhaal giet oer U.S. marshal Carrie Stetko, dy't stasjonearre is op in Amerikaanske basis op Antarktika. Yn 'e lêste dagen foar de ûntromming fan 'e basis yn tarieding op 'e Antarktyske winter wurdt fier fan alle bewenning it lyk fan in man fûn; hy blykt fermoarde te wêzen. Stetko moat der foar de ôfreis fan eltsenien efter sjen te kommen troch wa en wêrom. Whiteout krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1957 fljocht in Sovjet-Russysk frachtfleantúch oer de Súdpoal mei yn it rom trije bewapene mannen dy't in fan hingslotten foarsjoene metalene kiste bewekje. De ko-piloat giet út 'e cockpit nei it rom ta, dêr't er in skoftke moaipraat mei de bewekkers om dan ynienen in pistoal te lûken en te besykjen harren dea te sjitten. Hy komt se oer it mad en wit fuortendaliks ien fan 'e trije te deadzjen, mar de oare beide sjitte werom. By de sjitpartij komme sawol de beide oerbleaune bewekkers as de ko-piloat om. In ferdwaalde kûgel boarret him troch de cockpitdoar hinne en deadet de piloat. It fleantúch stoart del op it iis fan Antarktika.

Yn 'e hjoeddeistige tiid riedt it Amerikaanske Súdpoalstasjon Amundsen-Scott him ta op 'e Antarktyske winter, wannear't de waarsomstannichheden sa bar binne dat de basis in healjier lang fan 'e bûtenwrâld ôfsletten is. De kar is dus om no ôf te setten of in healjier langer te bliuwen. It grutste part fan 'e ûndersikers risselwearret om foartiid fuort, dat it is in drokte fan belang. Bykommend probleem is it neieroankommen fan in swiere stoarm, mei as gefolch dat de lêste flecht in wike foarúthelle wurde moat. U.S. marshal Carrie Stetko hat de ôfrûne twa jier yn Amundsen-Scott de Amerikaanske autoriteiten fertsjintwurdige. Se hat dy ôfhandige, isolearre post keazen nei't se by in operaasje yn Miami hast dearekke doe't har partner omkocht waard troch in drugsbaas en har ferrette. Mar se is fan doel om no foar de winter wer op hûs oan om in nij libben op te bouwen. Foarútrinnende dêrop hat se har ûntslach al yntsjinne by de United States Marshals Service.

Wylst se tariedings makket om oer twa dagen op it fleantúch nei hûs te stappen, kriget Stetko berjocht dat der op in ôfhandich plak op it Antarktyske lâniis, by Haworth Mesa, in lyk sjoen is troch in oerfleanend fleantúch. Sy, har freon, de âldere dokter John Fury, byneamd Doc, en piloat Delfy fleane dêr hinne om op ûndersyk út te gean. De deade blykt de geolooch Anton Weiss te wêzen, ien fan in groepke fan trije wittenskippers dy't op in hiel oar plak nei meteoriten yn it iis sochten. It is folslein ûndúdlik wat er op dit plak die, al liket er by in hege iiswand del knoffele of smiten te wêzen, mei't er dúdlik te pletter fallen is. Nei't se it stoflik omskot mei werom nommen hawwe nei Amundsen-Scott, ûntdekke Stetko en Doc by de lykskôging bewiis dat Weiss foarôfgeande oan syn fal fermoarde wurden is mei in iisbile.

In moard easket in ûndersyk troch de Amerikaanske federale autoriteiten, dat nea yn twa dagen ôfrûne wurde kin. Stetko lit yn har omgean en stjoer it lyk nei it gruttere Stasjon McMurdo, om sa foar te kommen dat se noch in winter op Antarktika trochbringe moat, mar se beslút úteinlik dat de saak har ferantwurdlikheid is en set dêrom it ûndersyk fuort. Dat spitst him foarearst ta op 'e beide oare geologen fan Weiss syn groepke: Mooney en Rubin. Stetko ûntfangt berjocht oer de radio fan Mooney; hy befynt him yn it Russyske Stasjon Vostok en freget Stetko om him dêre te moetsjen. Dat Stetko fljocht dêr mei Delfy hinne. Yn it spûkeftich lege (want al foar de winter evakuëarre) Vostok treft se Mooney oan, dy't yn it stjerren leit mei in trochsniene kiel. Sels wurdt se oanfallen troch in yn it swart klaaide man mei in sniemasker foar, dy't har tenei komt mei in iisbile.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stetko wurdt twongen om sûnder wanten by in temperatuer fan –45 °C nei bûten te flechtsjen. As se sadwaande mei de bleate hannen it metaal fan in doarkruk oanreitsje moat om yn in oar gebou te kommen, friest de hûd fan ien fan har hannen oan it metaal fêst. Se skuort har los en rint dêrby in rare ferwûning op. Ienris binnen en mei de doar op 't slot, sadat se feilich is, falt se derhinne. As se wekker wurdt, hat Delfy har hân ferbûn. It docht bliken dat se selskip krigen hawwe fan Robert Pryce, in spesjaal agint fan 'e Feriene Naasjes, dy't klaaid is yn it swart. Hy seit dat er stjoerd is om't de moard op Weiss de earste moard ea op Antarktika is, in gebiet dat ta gjin inkel lân heart. De FN wolle tsjin eltse priis in diplomatyk ynsidint op Antarktika foarkomme.

Pryce riddenearret dat de trêde geolooch, Rubin, de moardner wêze moat, mar Stetko fertrout him net alhiel, mei't se him derfan fertinkt de man te wêzen dy't har oanfallen hat. Om't Pryce lykwols mear foech hat yn Antarktika as sysels hat se gjin oare kar as mei him gear te wurkjen. Delfy fljocht harren nei it kamp fan 'e trije geologen, dêr't se op ûndersyk útgeane op it plak dêr't de mannen it meast resint nei meteoriten socht hawwe. Stetko falt troch in besnijd gat yn it iis, dat nei it wrak fan in âld Sovjet-Russysk fleantúch liedt, sa'n fjouwer meter ûnder it iisoerflak. Pryce en Delfy jouwe harren by har. Yn it wrak treffe se de stiif beferzen stoflike omskotten fan trije bewekkers en twa piloaten oan, dy't omkommen binne by in fjoergefjocht. In metalen kiste liket resint iepenbrutsen te wêzen en seis metalene sylinders binne derúthelle. Pryce fermoedet dat der nukleêr wapenguod yn 'e kiste ferfierd waard.

As it troch de geologen dobbe gat yn it iis ynstoart, komme Stetko, Pryce en Delfy yn it fleantúchwrak fêst te sitten. Net ien dy't wit wêr't se binne en Stetko har satellyttillefoan hat hjir gjin berik. Pryce beslút it mei eksplosive ladings tariste ûntsnappingslûk yn it dak fan it fleantúch yn wurking te stellen foar't se omkomme fan 'e kjeld of troch soerstofgebrek. It lûk blaast in nij gat yn it iis, dat se brûke om út it wrak te kliuwen. Werom yn Amundsen-Scott lit Stetko har ferwûne hân ûndersykje troch Doc. De pink en ringfinger, dêr't de measte hûd fan ôfriten is, binne sterk troch befriezingsferskynsels oantaast en moatte amputearre wurde. Underwilens jout Sam Murphy, de kommandant fan Amundsen-Scott, yn ferbân mei de searjemoardner dy't noch altyd los omrint, befel ta de folsleine evakuaasje fan alle personiel fan 'e basis foar de winter.

Nei de operaasje wêrby't twa fan fingers amputearre binne, treft Stetko de trêde geolooch Rubin yn har kantoarke oan. Hy is alhiel oerémis en praat der yn it wylde wei yn om. Stetko begrypt út syn ferhaal dat hy en syn beide maten it fleantúchwrak fûnen en de sylinders meinommen hawwe, mar dat de moardner dy no hat. Wa't de moardner is, wurdt har net dúdlik foar't de eangst Rubin oermânsk wurdt en hy útnaait. Stetko set de efterfolging yn, mar foar't se him beskermje kin, wurdt Rubin mei in iisbile fermoarde troch deselde yn it swart klaaide oanfaller dy't Stetko earder tenei kommen is. Diskear huft se him lykwols mei in metalen snieskeppe bewusteleas ear't er ferdwine kin. De moardner blykt de Australyske biolooch en piloat Russell Haden te wêzen.

Mei Haden feilich opsletten yn it kasjot fan 'e basis, mar ûnder tiidsdruk troch de almar neieroankommende winterstoarm, trochsykje Stetko en Pryce de besittings fan 'e moardner om 'e nocht op 'e siik nei de seis sylinders. As Stetko weromkomt by it kasjot blykt Haden poater te wêzen. Se treft Delfy swierferwûne oan, mei't Haden him de kaaikes fan syn fleantúch ûntnadere hat. Stetko ropt Doc derby, dy't oer Delfy gear giet. It lêste fleantúch set ôf sûnder Stetko, Pryce, Delfy en Doc. Stetko en Pryce bejouwe har nei de hangaar fan it fleantúch fan Delfy, dêr't Haden harren lykwols oankommen sjocht. It waar is no sa min dat der dochs al net mear flein wurde kin, dat hy lit it fleantúch foar wat it is en bejout him tusken de mei touwen mei-inoar ferbûne gebouwen fan 'e basis. Dêr ûntstiet in kat-en-mûsspul tusken him en Stetko en Pryce. As Haden op in stuit op it punt stiet en deadzje Pryce, snijt Stetko syn mei de touwen ferbûne feilichheidskoarde troch, wêrnei't er troch de stoarmwyn fuortblaasd wurdt en de plasse ynslacht tsjin ien fan 'e pylders fan 'e basis oan.

Binnendoar blike de seis sylinders yn 'e tas fan Haden, dy't Pryce him ôfpakt hat, lykwols neat oars as snobbersguod te befetsjen. Stetko is derfan oertsjûge dat Haden net sels út it kasjot komme kinnen hat, mar dat er help hân hawwe moat. As se neitiid it frachtmanifest fan it lêste fleantúch neirint, ûntdekt se trije items dy't der wol op steane, mar net ynladen binne. It blike de lyksekken mei de stoflike omskotten fan 'e trije geologen te wêzen. As se de lyksekken iepenet, sjocht se dat de hechtings fan in âlde wûne fan Weiss itselde opfallende patroan hawwe as de hechtings fan har eigen amputearre fingers. Dat makket har erchtinkend, want Doc hie gjin inkele reden om in âlde wûne fan Weiss iepen te meitsjen. As se de hechtings trochknipt, fynt se seis pûdsjes mei in grut tal rouwe diamanten yn it lyk fan 'e geolooch.

Doc, dy't him dan by har jout, bekent dat hy mei Haden en de trije geologen in plan makke hie om 'e diamanten út it Sovjet-fleantúch út Antarktika te smokkeljen, mar Haden waard ynklauwerich en besleat dat er de geologen nearne mear foar nedich hie. Stetko is mismoedich oer wat se beskôget as it ferrie fan immen dy't se as har freon seach. Doc begrypt dat se syn misdieden net troch de fingers sjen kin, mar hy freget har oft it goed is oft er noch ienris nei it suderljocht sjocht, en as se dêrmei ynstimt, rint er sûnder jas de Antarktyske nacht yn om perfoarst dea te friezen.

Seis moannen letter hawwe Stetko, Pryce en in wer opbettere Delfy mei syn trijen de Antarktyske winter yn Amundsen-Scott útsitten. Stetko stjoert in e-mail nei de United States Marshals Service, wêryn't se har eardere ûntslach ynlûkt en freget om in nije post, by foarkar op in waarmere lokaasje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
U.S. marshal Carrie Stetko Kate Beckinsale
dokter John Fury Tom Skerritt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
FN-ûndersiker Robert Pryce Gabriel Macht
Delfy Columbus Short
Russell Haden Alex O'Loughlin
Sam Murphy Shawn Doyle
Rubin Jesse Todd
Jack Joel Keller
McGuire Arthur Holden
Rhonda Erin Hicock
Russyske piloat Bashar Rahal
Russyske ko-piloat Julian Cain
Russyske bewekker #1 Roman Varshavky
Russyske bewekker #2 Dennis Keiffer
Russyske bewekker #3 Andrei Runtso
Mooney Steve Lucescu
analiste Paula Jean Hixson
Craig Craig A. Pinckes
finzene yn Miami Patrick Sabongui
technikus Sean Tucker
Anton Weiss Marc James Beauchamp
grientsje Nick Villarin

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiteout is basearre op 'e koarte stripsearje mei deselde namme dy't Greg Rucka en Steve Lieber yn 1998 publisearren by útjouwerij Oni Press. De filmrjochten waarden yn novimber 1999 oankocht troch filmstudio Columbia Pictures, dy't in senario skriuwe liet troch Jon en Erich Hoeber. De strip hie twa froulike haadpersoanen, mar yn it senario waard it personaazje fan 'e FN-ûndersiker feroare yn in man, om't de studio ûnwis wie oft in skrillerfilm mei twa froulike haadpersoanen wol kommersjeel súksesfol wurde koe.

Nei't der in skoft fierders neat mei it projekt dien wie, waarden de filmrjochten yn novimber 2002 oernommen troch Universal Pictures. Reese Witherspoon waard oanlutsen om 'e rol fan Carrie Stetko te spyljen, mar tsjin maaie 2004 waard der noch altyd socht nei in gaadlike regisseur. Nei ferrin fan tiid giene de filmrjochten oer yn 'e hannen fan Dark Castle Entertainment, mei as gefolch dat Witherspoon, dy't in kontrakt mei Universal tekene hie, fan it projekt loskeppele waard. Hja waard letter ferfongen troch de Britske aktrise Kate Beckinsale.

Yn oktober 2006 begûn by Dark Castle formeel de preproduksje fan Whiteout, mei as regisseur Dominic Sena, dy't in fan fan 'e strip fan Rucka en Lieber wie. Hy wurke op basis fan it senario fan 'e Hoebers, dat werskreaun wie troch Chad en Carey Hayes. Inkele reshoots waarden regissearre troch Stuart Baird en Len Wiseman, hoewol't se dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling krigen. As produsinten wiene Joel Silver, Susan Downey en David Gambino by it projekt belutsen foar de filmstudio's Dark Castle Entertainment en Optimum Releasing. Foar Whiteout, dat in Amerikaansk-Frânsk-Kanadeeske ko-produksje wie, waard in budget fan $35 miljoen beskikber steld.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Christopher Soos, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Frizzell. De opnamen setten op 5 maart 2007 útein yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. Letter waard ek filme yn Montreal en oan 'e igge fan 'e Winnipegmar. It ferhaal fan 'e film spilet him foar it meastepart ôf yn in wite wrâld fan iis en sinneljocht, wat in ûngewoane oanpak foar in moardmystearje is. Sawol echte as sabeare snie waard by de opnamen brûkt. De opnamen waarden begjin july 2007 ôfrûne.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Whiteout waard fersoarge troch Warner Bros. De film iepene op 11 septimber 2009 yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen en op 21 oktober yn dy yn Frankryk. Whiteout kaam op 19 jannewaris 2010 út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiteout krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Sa neamde Richard Roeper it yn 'e krante de Chicago Sun-Times in "formulemjittige skrillerfilm dy't as it derop oankomt net minder foarsisber of mear ynteressant is ienfâldichwei om't er spilet op it kâldste en meast isolearre plak op 'e Ierde." De webside Zap2it skreau: "De film beweecht him fuort as beferzen sjerp en lit dêrtroch it publyk eltse kear wer foarútrinne op 'e narrative ûntwikkelings."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Whiteout in tige leech goedkarringspersintaazje fan 7%, basearre op 113 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Kate Beckinsale is like leaflik as altyd en docht har bêst mei it materiaal [dat har jûn wurdt], mar in sieltôgjend tempo en in ûnynspirearre plot litte Whiteout yn 'e kjeld stean." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Whiteout brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $10,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $17,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in ferlies fan $17,2 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.