Ringfinger

Ut Wikipedy
De ringfinger.

In ringfinger (Latyn: digitus anularius) is by minsken de fjirde finger fan 'e hân, rekkene fan 'e tomme ôf. De ringfinger grinzget oan 'e mulfinger en de pink, en hat krekt as de oare trije 'echte' fingers (mar oars as de tomme) trije keatsjes en twa gewrichten. Yn 'e genêskunde wurde de fingers nûmere mei Romeinske sifers begjinnend by de tomme, en sadwaande wurdt de ringfinger dan oantsjut as digitus IV (digitus quartus), ôfkoarte ta dig. IV.

De namme fan 'e ringfinger is ûntliend oan it feit dat oan dy finger de trouring droegen wurdt, by protestanten tradisjoneel oan 'e ringfinger fan 'e rjochterhân, en by roomsen oan 'e ringfinger fan 'e lofterhân. By ferlovingsringen wie dat fan âlds krektoarsom. De reden foar dizze symbolyk is dat men eartiids miende dat der in rjochtstreekse bloedferbining bestie (de Vena amoris) tusken de ringfinger en it hert.

De ringfinger wurdt ek wol assosjearre mei trou, om't er (justjes) meibûcht as de pink of de mulfinger bûgd wurde. Oarsom bûge pink en mulfinger lykwols net mei de ringfinger mei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.