Springe nei ynhâld

Natalja Estemirova

Ut Wikipedy
Postúm portret fan Natalia Estemirova troch de Tsjetstjeenske keunstner Asia Oumorova

Natalja Chussainovna Estemirova, Russysk: Нат́алья Хус́аиновна Эстем́ирова, (Sverdlovsk Oblast, 28 febrewaris 1958 - Gazi-Yurt (Yngûsjeesje), 15 july 2009) wie in Russysk histoarika, sjoernaliste en minskerjochte-aktiviste fan Russysk-Tsjetsjeensk komôf. Oant 1998 wie hja skoaljuffer.

Estemirova wurke yn Tsjetsjeenje foar de boargerrjochteorganisaasje Memorial. Hja wie goed befreone mei de yn 2006 fermoarde sjoernaliste Anna Politkovskaja en hie kunde oan de yn 2009 ek fermoarde Stanislav Markelov. Estemirova holp famyljeleden dy't sochten nei ûnderdûkte sibben en brocht troch de oerheid tolerearre ûntfierings en folteringen fan boargerrjochtekrewearders yn de iepenbierens. De Tsjetseenske presidint Ramzan Kadyrov kritisearre har aktiviteiten.

Estemirova krige yn 2005 de Robert Schuman-medalje nei oanrekommandaasje fan de fraksje fan de Jeropeeske Folkspartij. Foar har ynset foar de minskerjochten krige hja yn 2007 de Politkovskaja-priis.

Natalja Estemirova waard op 15 july 2009 foar har wente yn de Tsjetsjeenske haadstêd Grozny ûntfierd en deselde deis noch ombrocht mei twa kûgels troch de holle. Dat barde yn in bosk yn de omkriten fan it doarp Gasi-Jurt yn it rayon Nazran fan de buorrepublyk Ingoesjeesje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]