Hunting Ground (roman)
Hunting Ground | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Alpha and Omega | |
● foarich diel | Cry Wolf | |
● folgjend diel | Fair Game | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 10 17 386 |
Hunting Ground (letterlik: "Jachtgebiet") is it trêde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Hunting Ground waard foar it earst publisearre yn 2009, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Hunting Ground fljocht it wearwolvepear Charles en Anna Cornick út harren wenplak yn 'e Amerikaanske steat Montana nei Seattle, yn Washington, ta. Dêr hat de alfa (lieder) fan 'e pleatslike wearwolvetroep, Angus Hopper, yn opdracht fan Charles syn heit, Bran Cornick, de marrok (dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket), in konferinsje belein mei de lieders fan 'e wearwolven fan Jeropa. It is Bran syn oertsjûging dat de oanhâldende foarútgong op it mêd fan kameratechnyk en oare technologyen it foar wearwolven ûnmooglik makket om harren bestean noch folle langer geheim te hâlden foar gewoane minsken. Dêrom hat er besletten om 'e wearwolven yn Noard-Amearika 'út 'e kast' komme te litten, sadat dat bart op in manear dy't hy beynfloedzje en stjoere kin. Hy ornearret dat soks de iennichste manear is om hystearyske reäksjes dy't ta in bloedbad liede kinne, foar te kommen. De Jeropeeske wearwolven binne der net bliid mei om foar in foldongen feit steld te wurden, mar kinne Bran net tsjinhâlde. De ûnderhannelings yn Seattle binne sadwaande bedoeld om te sjen ynhoefier't Bran, sûnder fan syn plan ôf te stappen, safolle mooglik temjitte komme kin oan 'e beswieren fan 'e Jeropeeske wearwolven.
Op 'e konferinsje fungearret Charles as de fertsjintwurdiger syn heit. De wichtichste lieders fan 'e Jeropeeske wearwolven binne de Frânsman Jean Chastel, it Bist fan Gévaudan, dy't in skrikbewâld oer de wearwolven op it fêstelân fan Jeropa fiert, en de Ingelsman Arthur Madden, de 'Master fan 'e Eilannen', dy't serieus fan himsels mient dat er in ynkarnaasje fan kening Arthur is. Om 'e konferinsje yn goede banen te lieden, hat Bran in ierdgeast ynhierd dy't machtigernôch is om yndividuële wearwolven har wil op te lizzen. Dat is in âlde flam fan Charles, dy't gebrûk makket fan 'e namme Dana Shea, la Belle Dame sans Merci, hoewol't se eins Nimue, de Frouwe fan de Mar is. Hja lit alle dielnimmers oan 'e konferinsje witte dat op it brekken fan har regels de deastraf stiet.
It is noch mar in moanne lyn dat Charles Anna út in sitewaasje fan mishanneling en misbrûk yn Chicago rêden hat, en as de oandacht fan safolle dominante wearwolven har tefolle wurdt, stjoert Charles har út te winkeljen ûnder beskerming fan Tom Franklin, in wearwolf fan Angus syn troep, en dy syn bline frou Moira Keller, dat in wite heks is. Op 'e weromweis nei it hotel wurde hja oerfallen troch in groep fampieren dy't Tom slim ferwûnje. It is inkeld oan Moira te tankjen, dy't sinneljocht opropt nettsjinsteande dat de sinne al ûndergien is, dat de oanfal ôfslein wurde kin. Ut ûndersyk fan Charles en Angus docht bliken dat de pleatslike fampieren út Seattle neat mei it ynsidint te krijen hawwe. It tinken is dat it om hierlingen giet, mar ûndúdlik is wa't dy ynhierd hat of wat men mei de oerfal tocht hie te berikken. De bêste fertochte is Jean Chastel, dy't der alles oan docht om 'e ûnderhannelings te dwerseidzjen en Anna foartiid al in kear bedrige hie. Mar Chastel is net ien dy't syn smoarge wurk troch oaren opknappe lit, mei't er der sels fierstente folle nocht oan belibbet.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Arthur Madden syn (minsklike) frou Sunny troch deselde fampieren deade wurdt, falt de fertinking dochs wer op Chastel, mei't Madden yn Jeropa dy syn iennichste wiere rivaal is. Frijwol tagelyk besiket Dana Shea Charles de deastraf op te lizzen om't er Chastel oanfallen hat (nei't dy in nije wraam op Anna die), mar Anna fertsjutsket dat dit foarfal bûten de konferinsje om bard is, en dat Dana har regels yn dit gefal dus net fan tapassing binne. Dit ynsidint makket Charles en Anna der lykwols al bewust fan dat de ierdgeast net te fertrouwen is. Let dy jûns krije se berjocht fan Angus dat Chastel dea fûn is. Op 'e nij is dat it wurk fan 'e groep fampieren dy't earder Anna-en-dy oanfallen hawwe; Chastel wie ferwûne rekke yn it gefjocht mei Charles en sadwaande in relatyf maklike proai.
Net ien is rouwich om 'e dea fan it Bist fan Gévaudan, mar de fraach is wa't derefter sit. Letter dy nachts wurdt Anna troch de fampieren út har hotelkeamer ûntfierd, en út harren praat wurdt se gewaar dat se opdracht hawwe om har oersee earne ôf te leverjen. Mar ear't dêr wat fan komme kin, wurde se ynhelle troch in breinroere Charles, dy't sûnder folle swierrichheden mei harren ôfweeft. Om't Anna ferwûne rekke is, nimt er har mei nei it hûs dat Arthur Madden yn Seattle hierd hat, om't dat it tichtstby is. Wylst Anna dêr troch de dokter fan Angus syn troep fersoarge wurdt, ferriedt Arthur himsels yn in petear mei Charles. It docht bliken dat Arthur in omega-wearwolf begeart, sa't Anna is, en dat er syn eigen frou deadzje litten hat by wize fan eutanasy, om't er net mear oansjen koe hoe't se eltse dei fierder ferâldere. Boppedat hied er Dana Shea omkocht troch har it ferneamde swurd Excalibur te ûnthjitten (dat de Frouwe fan 'e Mar ommers yn it earste plak oan kening Arthur jûn hie), hoewol't er totaal net fan doel wie om him oan dat ûnthjit te hâlden.
Syn ûntdekking fan dat swurd wie wat Arthur der oarspronklik fan oertsjûge dat hy in ynkarnaasje fan syn legindaryske nammegenoat wie. Hoewol't er oan oaren altyd in neimakke swurd sjen liet, wittende dat se syn bewearing dat er kening Arthur wie dochs net leauwe soene, wied er wol deeglik yn it besit fan 'e echte Excalibur. No hellet er dat wapen foar 't ljocht en giet Charles dermei te liif, wylst Charles himsels mei de replika sjen moat te ferdigenjen. Mar Arthur hat syn skermjen inkeld as sport oanleard, wylst Charles, dy't twahûndert jier âld is, it swurd wier as wapen yn 'e striid brûkt hat. Sadwaande wit er Arthur te ferslaan en te deadzjen. Neitiid jout er Dana Shea, dy't ûnderwilens ek opdûkt is, Excalibur werom, om't er sels alhiel net ferlegen sit om in magysk swurd. Dana, lykwols, hat troch mei Arthur yn see te gean har wurd oan Charles syn heit brutsen, wat in deadssûnde is mank de ierdgeasten (dy't net iens by steat hearre te wêzen om wurd te brekken). Har oplossing is om Charles mei Excalibur troch it ûnderliif te stekken, wêrby't se in flok op him leit dy't de flugge genêzing fan sokke wûnen by wearwolven tsjinkeart.
Dana hat lykwols bûten har eigen skaai om rekkene. As Anna har yn 'e keamer bejout dêr't Sunny, Arthur Madden syn frou, ôflein is, wurdt it lyk beset troch de Grize Hearen, dy't oer de ierdgeasten regearje. Hja bewapenje Anna mei Carnwennen, de dagge fan kening Arthur, en lizze har in betsjoening op om Dana foar har wurdbrek te straffen. Boppedat fertelle se har dat de flok dy't Dana oan Charles oplein hat, weiwurde sil by Dana har dea. Dêrop set Anna Dana efternei, wêrby't de brutsen izeren boeiens dy't se noch draacht fan har ûntfiering troch de fampieren de betsjoening foar in part ferbrekke, sadat se logysk neitinke kin. Se beseft dat de Grize Hearen Dana nei alle gedachten inkeld in warskôging stjoere wolle, en dat it de bedoeling is dat sysels dizze kwestje net oerlibje sil. En sa wie it ek perfoarst kommen as se de wente fan 'e machtige ierdgeast binnenstoarme wie mei moard as iennichste gedachte. Mar no't Anna wer frij tinke kin, giet se mei Dana yn petear en besiket se te ûnderhanneljen. Op har oankringen om 'e flok fan Charles ôf te nimmen, jout Dana har lykwols 'nee' ta beskie, en dêrop stekt Anna har op in ûnferwachts momint it limmet fan Carnwennen troch it hert. "'Nee'", sa seit se, "wie it ferkearde antwurd."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |