Springe nei ynhâld

Dating Terrors

Ut Wikipedy
Dating Terrors
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2022, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Heroic Hearts
rige
rige Alpha and Omega

Dating Terrors is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Frees foar Ofspraakjes", of as wurdboarterij: "Mei in Meunster op in Ofspraakje". It ferhaal spilet yn 'e wrâld fan 'e Alpha and Omega-searje en de Mercy Thompson-rige. De haadpersoan is de wearwolf Asil Moreno, dy't op in troch syn freonen beävensearre blind date giet dêr't er neat fan ferwachtet. Wat der bart, ferrast him dan ek folslein. Dating Terrors spilet yn 'e ynterne gronology fan 'e beide searjes nei de foarfallen yn 'e roman Wild Sign. It ferhaal waard foar it earst publisearre yn 2022, yn 'e blomlêzing Heroic Hearts, dy't gearstald waard troch Jim Butcher en Kerrie L. Hughes.

Yn Seattle hat Ruby Kowalczyk, in heal-minsklike, mei lichte magyske talinten bejeftige dochter fan in ierdgeast, in foarsizzende dream oer in dûnkere pels en goudene eagen. As se wekker skrikt, brânt de tatoeaazje op har pols, sadat se wit dat har eigner, oant wa't se ûntsnapt is, har wer op it spoar is.

Asil Moreno is in lid fan 'e ridel wearwolven yn Aspen Creek yn 'e Amerikaanske steat Montana, dy't ûnder de persoanlike lieding stiet fan 'e marrok, Bran Cornick, dy't hearsket oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. Asil, byneamd "de Moar", is ien fan 'e âldste wearwolven op 'e wrâld, dy't al sûnt de Iere Midsiuwen de alfa (lieder) fan syn eigen ridel wie en oer de wearwolven op it Ibearysk Skiereilân hearske. Mar, sa't gauris bart mei tige âlde wolven, is er geastlik labyl rekke. Dat hat te krijen mei in desyntegraasje fan 'e man en de wolf. By him is dat begûn mei de dea fan syn oarehelte, de wearwolvinne Sarai, inkele iuwen ferlyn. It is neitiid sa oanboaze dat Asil net wis is hoelang't er syn wolf noch yn betwang hâlde kin. As er de behearsking oer it meunster ferliest en in spoar fan dea en ferdjer efter him lit, soe dat net inkeld jammerdearlik wêze foar alle ûnskuldige minsken yn syn paad, mar ek foar de wearwolven yn it algemien, mei't de minskheid him dan perfoarst tsjin sokke meunsters keare sil. Dêrom hat Asil syn liederskip oer syn eigen ridel opjûn om him by de ridel fan 'e marrok te jaan, ien fan 'e mar in pear wearwolven dy't dominanter is as hysels, en dy't him dêrom eutanasearje kin as it safier komt. Hy libbet no al fyftjin jier yn Montana en hat it om it hoartsje oer syn oansteande ein, mar de marrok fynt dat er him oanstelt en dat it lang net sa min mei him steld is as er sels mient.

Troch syn freonen yn 'e ridel fan 'e marrok hat Asil him útdaagje litten ta it gean op in blind date, dy't fia in datingsite op it ynternet ta stân kommen is. Yn Seattle stiet Ruby op it punt om har besittings yn har auto te laden en út te piken foar't har eigner har wer fange kin. Se hat yn 'e jierren dat se yn Seattle ûnderdûkt wie, in freonefermidden om har hinne sammele besteande út oaren dy't in bytsje magy brûke kinne. Har bêste freondinne Miranda, in wite heks, kloarket har út as se sjocht dat Ruby útnaaie wol en kriget sa as earste har eftergrûnferhaal te hearren. It is Miranda, dy't sels troud is mei in wearwolf, dy't op 'e lapen komt mei it plan om Ruby op in ôfspraakje mei in wearwolf te stjoeren, sadat se har date manipulearje kin om ôf te weven mei it meunster dat har eigner is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Asil bejout him op in reinige winterdei nei Seattle foar syn ôfspraakje mei in Ruby, dy't troch syn freonen foar him útsocht is. Hy kin dy deis syn wolf noch minder yn 'e stringen hâlde as oars en tinkt deroer om 'e boel mar ôf te sizzen, mar beslút úteinlik dochs troch te setten. Om't Ruby net samar mei in wyldfrjemde man op stap doar, is it sa regele dat hy earst mei har en har freonen op spûkejacht sil yn in âlde Fiktoriaanske filla, en as it útfalt tusken harren, kinne se dêrnei tegearre út te iten gean. Ruby wachtet mei in stikmannich fan har freonen op har date by de filla dêr't ferskate spûken foarkomme, wêrûnder in klopgeast dy't it foar de moade hat om mei messen, skjirren en oar puntich gereid te goaien. Miranda, dy't op alle dagen rint, is der net by, mar wol har man, Alan Choo, de minst dominante wearwolf út 'e ridel fan Angus Hopper yn Seattle. De namme Asil Moreno sit Alan wat dwers, mei't er der hast wis fan is dat er dy kenne moatte soe. As er op it lêste stuit immen opskillet om dêrnei te fernimmen, kriget er te hearren dat Asil nimmen oars is as de Moar, ien fan 'e gefaarlikste wearwolven fan 'e wrâld, oer wa't gâns grouwelferhalen geane. Hy wol dan de date noch tsjinkeare, mar it is al te let, want Asil komt foarriden en parkearret syn auto.

Wannear't Asil Ruby moetet, fernimt er fuortendaliks dat se in healbloed-ierdgeast is en folle âlder as de tritich jier dy't se yn har profyl op 'e datingsite neamt, hoewol't se derút sjocht as in fanke fan njoggentjin. Hy wurdt ek gewaar dat se tige machtich is, mei in grut reservoir oan magy dat lykwols bewale is troch in betsjoening. Asil is der net wis fan wat hjir geande is en beslút in ôfwachtsjende hâlding oan te nimmen. Wannear't syn wolf yn syn holle lykwols ynienen op in reedlike en koherinte wize tsjin him begjint te praten, wylst it iuwenlang in ûntinkend moardsuchtich meunster west hat, stiet er foar in riedsel. De wolf wit ek net wat him oerkomt, mar ornearret dat it te krijen hat mei in ynfloed dy't fan Ruby útgiet. De ynset fan 'e blind date is dêrtroch foar Asil ynienen gâns omheech gien.

As Asil de samling brutsen lju sjocht dy't Ruby om har hinne garre hat, deart it him oan. Se hawwe harren ta taak steld, sa leit Ruby him út, om spûken te befrijen dy't earne fêstkommen binne te sitten. Asil kriget foar it ferstân dat se gjin idee hat oer hoe'n macht se wol net beskikt. It fielt foar him oan as is Ruby earne foar op 'e rin, mar as er Alan Choo dêroer ûnderstiet, wol dy him oarmans geheimen net ferklappe. Hy helpt Asil lykwols al om Ruby derfan te oertsjûgjen dat se útlizze moat wat der oan 'e hân is. Sy fertelt dan oan Asil dat har eigner, de ierdgeast dy't har ûntsnappe lit om't er nocht oan 'e jacht op har hat, har heit is, of alteast seit dat er har heit is. En hy parasitearret op har troch har magy út har op te sûgen wannear't er har ienris fongen hat. Syn namme is Ivory Jim, en Ruby kin oan 'e tatoeaazje dy't er har op 'e pols jûn hat, fiele oft er nei-oan is.

Ivory Jim is geandewei de jûn almar tichterby kommen, en op dat stuit ferskynt er efter Ruby. Asil wurdt daliks gewaar dat der gjin besibskipsbân tusken Ruby en Ivory Jim bestiet. Wêr't er Ruby as bern opfandele hat, bliuwt ûndúdlik, mar hy is yn elts gefal net har heit. Likemin is er in botte machtige ierdgeast, mei't er fan oarsprong in soarte fan eardske wie. Mar troch in ferslaving oan 'e magy fan Ruby, dy't machtiger is as hy, is er ta in ferwrongen meunster wurden. Asil goait Ivory Jim by Ruby wei, mar Ivory Jim smyt twa betsjoenings efterinoar, dy't de wearwolf as wjerljochtslaggen treffe en him mei slimme brânwûnen oer syn hiele lichem efterlitte. Ear't er Asil lykwols mei in trêde wjerljochtslach deadzje kin, brekt Ruby troch de betsjoening hinne dy't har fan har eigen magy skiedt en wêrfan't se net iens wist dat dy der wie. Hoewol't se in ierdgeast blykt te wêzen dy't mei it elemint wetter ferbûn is, hat se sa lang mei spûken omgien dat de spûken út 'e âlde filla har wil útfiere. De klopgeast dy't mei puntige foarwerpen goait, smyt trettjin stielen messen, dy't Ivory Jim allegearre yn it boarst treffe. Mei't ierdgeasten net oer izer (of stiel, in fierder bewurke foarm fan izer) kinne, betsjut dat foar Ivory Jim de ein fan 'e rit.

Pas neitiid kriget Ruby foar it ferstân dat Asil sa machtich is dat er maklik sels mei Ivory Jim ôfweve kinnen hie. Om har de kâns te jaan harsels fan 'e ynfloed fan Ivory Jim te befrijen, hat er dat net dien. Asil is tige tefreden oer de gong fan saken, mei't syn wearwolvefermogen ta selsgenêzing betsjut dat de brânwûnen mei in pear oeren wer genêzen wêze sille. Se beslute it ôfspraakje mei koarten in kear oer te dwaan. Asil syn wolf is derfan oertsjûge dat Ruby foar harren bedoeld is om't se harren kompleet makket. Asil is it mei him iens, mar hjit him om geduld te hawwen. Wannear't er mei it yn in tapyt bewuolle lyk fan Ivory Jim ôfsette sil, komt Ruby him efternei en wikselje se in hertstochtlike tút út.

Letter stelle Asil syn freonen in nije blind date mei in oar frommeske foar. Asil e-mailt werom: "Nee."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Dating Terrors, yn: Butcher, Jim, en Hughes, Kerrie L., (red.), Heroic Hearts, New York, 2016 (Ace Books), ISBN 978-0 59 30 99 186, s. 293–345.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows