Springe nei ynhâld

Silver (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Silver
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Shifting Shadows
rige
rige Mercy Thompson

Silver is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Sulver". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en spilet yn Wales yn it fiere ferline, yn 'e twadde of trêde iuw n.Kr. Briggs skreau Silver nei't se dêr withoefaak om frege wie troch har lêzers. It ferhaal ferklearret hoe't Bran Cornic, de marrok (dy't yn 'e moderne tiid hearsket oer alle wearwolven yn Noard-Amearika), en syn âldste soan Samuel wearwolf wurden binne. It is ek it earste diel fan 'e românse tusken Samuel en de ierdgeast Ariana, dy't fierder giet yn 'e roman Silver Borne, út 2010. Silver waard foar it earst publisearre yn 2014, yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows.

Koart nei't de Welske genêzer Samuel (net syn doetiidske namme) syn frou en al syn bern ferlern is oan in besmetlike sykte dêr't er sels lykwols foar sparre bleaun is, dûkt syn heit Bran foar it earst yn mear as tsien jier op. Samuel mient dat Bran, in omdoarmjend bard, op 'e iene of oare wize lucht krigen hat fan 'e ramp dy't syn húshâlding oerkommen is, en slacht der gjin acht op as syn heit seit dat er miende dat er "foar it ûnheil út draafd" wie. Dat ûnheil blykt Samuel syn beppe te wêzen, oer wa't Bran him nea wat ferteld hat. Hja is in machtige hekse, dy't har libben oant fier boppe de natuerlike doer ferlinge hat troch swarte magy, in foarm fan tsjoenderij dy't basearre is op it eksploitearjen fan 'e pine fan oaren. De hekse hat in wearwolf by har, en as se te neare nacht Bran en Samuel oer it mad komt, lit se harren bite troch dy wearwolf, sadat se sels ek ta wearwolven wurde. Neitiid bringe Bran en Samuel lange tiid, miskien wol ferskate iuwen, troch as leden fan 'e wearwolvetroep dy't de hekse opboud hat om har te tsjinjen, en dy't hja mei tsjoenderij oan har wil bûn hat. De koppige Bran hâldt nea op mei te sykjen nei in manear om te ûntsnappen, mar wat langer it duorret wat mear oft Samuel de moed ferliest. Hy ferliest boppedat syn oarspronklike namme, dy't de hekse him ôfnimt, krekt as de oantins oan syn ferstoarne gesin.

Op in dei komt der by de hekse in hoarne hear om help, in machtige ierdgeast dy't de hear fan it wâld is dêr't de hekse har wente boud hat. Hy hat in dochter dy't mear talint mei tsjoenderij hat as hysels, en op wa't er troch de jierren hinne wat langer wat jaloersker wurden is, oant er har begûn is te haatsjen. No wol er dat se in magysk foarwerp makket dat magy opsûcht fan dejinge dy't it by him draacht, om't in machtiger ierdgeast him frege hat har dat meitsje te litten. De dochter, Ariana, wegeret dat lykwols, en dêrom hat er in pear eangsthûnen op har ôf stjoerd, dy't har sa tramtearje dat se foar in koart hoartsje har ferstân ferliest. Yn dy tiid nimt har dierlike ynstinkt it oer, en om't alle bisten yn it wâld har heit hearrich binne, er har yn dy skoften it artefakt meitsje litte. No, no't it foarwerp hast klear is, wolle lykwols de eangsthûnen, dy't gjin bisten mar oare ierdgeasten binne, him net mear helpe, om't se syn dochter nea deadzje en opfrette meie. De hoarne hear wol dat de hekse him helpt om syn wil oan 'e eangsthûnen op te lizzen. Sy bedraacht him lykwols, want sy hat gjin macht oer de eangsthûnen, mar as se him freget hokker wêzens oft er krekt siket, antwurdet er "magyske bisten yn hûneftige foarm", en dêr hat se in hiele ridel fan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sa wurde Samuel, Bran en de oare wearwolven fan 'e hekse útstjoerd om Ariana te terrorisearjen. As de hoarne hear sjocht hokker wêzens oft op syn rop ôf kommen binne en beseft dat de hekse him bedragen hat, ferliest er eefkes syn konsintraasje en dêrmei syn macht oer de wearwolven. Bran grypt dat oan om ynstee fan Ariana har heit oan te fallen, en Samuel en de oare wearwolven folgje him dêryn. De hoarne hear is in machtich wêzen, en tsjin 'e tiid dat se him deade hawwe, binne fan 'e hiele ridel inkeld Bran en Samuel noch yn libben. Pas neitiid, as se beide in minsklike foarm oannommen hawwe, fertelt Bran oan syn soan dat de oare wearwolven syn heit en bruorren wiene, Samuel syn pake en omkes. Samuel bringt de ferwûne Ariana op oanwizing fan har tsjinstfaam, de kabouter Haida, werom nei har heite hûs, dêr't er har ferpleecht oant se opbetteret. Yn dy tiid rekket er befreone mei Haida. Underwilens siket de hekse om har wearwolven. Haida kin de magyske bân tusken de hekse en Samuel ferbrekke, mar dy tusken de hekse en Bran is te sterk foar har, dat Bran moat werom nei de hekse, oft er no wol of net.

As it mei Ariana lichaamlik wer goed giet, set Samuel ôf om syn heit te sykjen. Hy is fan doel en deadzje de hekse, mar sy fynt him ear't er har fine kin. Se besiket him te troaien mei moaie praatsjes, mar dêr trapet Samuel net yn. Dan stjoert se Bran op him ôf mei it befel om him te deadzjen. Samuel naait út en sjocht net wat der dan bart, al fielt er yn syn geast de skriklike razernij dy't oer syn heit komt, as wie it in fysyk ding. Dan knapt der wat en ferdwynt de oanwêzigens fan Bran út Samuel syn holle, en wit Samuel dat de hekse syn heit fermoarde hat. Samuel keart dêrnei werom nei Ariana, en bringt ferskate wiken mei har en Haida troch yn 'e wente fan har heit. Krekt as earder soarget er dat er yn Ariana har oanwêzigens altyd syn minsklike foarm hat, mei't se troch har ûnderfinings mei de eangsthûnen en de wearwolven oanhelle rekke is mei in panyske foby foar hûneftige wêzens. Hy en Ariana reitsje fereale opinoar en krije in relaasje.

Dy einiget lykwols abrupt as it folle moanne wurdt. It is de earste ljochtmoannenacht sûnt er wearwolf wurden is, dat Samuel syn minsklike foarm oannommen hat, dat hy is him der net bewust fan hokker ynfloed oft de folle moanne op wearwolven hat. Te neare nacht kin er de stalferwikseling net mear tsjinhâlde en feroaret er yn Ariana har sliepkeamer yn in wolf. Hja wurdt wekker en rekket yn panyk, en dan nimt har dierlike ynstinkt it oer. As Haida op it trelit ôfkomt, docht it bist dat no Ariana is, in magyske oanfal op Samuel, om't it mient dat de kabouter yn gefaar is. Mar Haida stapt fluch foar Samuel en fangt de oanfal op en stjert. Samuel ûntflechtet dêrnei de wente en bringt de nacht bûtendoar troch, dêr't Ariana de oare moarns by him komt. Ta fertriet fan beiden beslute se útinoar te gean, mei't no de dea fan Haida tusken harren yn stiet. Samuel beswart syn ivige leafde foar Ariana, en jout him dan ôf. Hy siket it plak wer op dêr't er earder syn heit en de hekse trof, mei as bedoeling it stoflik omskot fan syn heit te finen. Ynstee stjit er lykwols op it rotsjende lyk fan 'e hekse, en pas dan beseft er dat Bran de hekse deade hat, en net oarsom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Silver, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows