Springe nei ynhâld

Soul Taken

Ut Wikipedy
Soul Taken
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2022, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel Smoke Bitten
● folgjend diel noch net bekend
kodearring
ISBN 978-0 44 00 01 614

Soul Taken (letterlik: "[de] Siel Untnommen") is it trettjinde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Soul Taken ferdwynt de grizelige fampier Wulfe, wylst tagelyk in searjemoardner mei boppenatuerlike krêften yn 'e Tri-Cities aktyf is. Mercy moat mei de help fan har man Adam en har freonen Wulfe sjen op te spoaren, waans ferdwining al rillegau ferbân blykt te hâlden mei de rige moarden. Soul Taken waard foar it earst publisearre yn 2022, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Eftergrûn fan 'e searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in teenagedochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.

Der binne nije spannings yn 'e ridel dêr't Mercy har man Adam Hauptman de alfa fan is. Dat wurdt feroarsake troch it feit dat ien fan 'e leden, de ienskonkige wearwolf Sherwood Post, dy't desennia lang oan ûnthâldsferlies litte, troch it wurk fan Mercy har pleechbroer Charles Cornick en dy syn frou Anna syn ûnthâld weromkrigen hat (sjoch: Wild Sign). It docht bliken dat Sherwood in stik dominanter is as er sûnder syn ûnthâld liek te wêzen, mei as gefolch dat Adam him yn syn liederskip fan 'e ridel troch Sherwood bedrige fielt. Sherwood Post (in oannommen namme) wol net folle loslitte oer syn werfûne identiteit en hâldt fêst oan 'e namme dy't er de ôfrûne desennia brûkt hat. Mercy ûntdekt lykwols dat er eins in Cornick is, de âldste broer fan 'e marrok, Bran Cornick, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Mercy ken Bran goed, want dat is har pleechheit, yn waans ridel yn Montana hja opgroeid is. Zack, in oar âld lid fan 'e Columbia-ridel, djippet út syn ûnthâld in ferhaal op oer in Cornick-wearwolf, it Grutte Bist fan Noardumberlân, dy't jierrenlang de bêtawolf (twadde yn rang) fan in ridel wie hoewol't er eins dominanter wie as de alfa. Zack ornearret dat Sherwood dy wearwolf is, en dat er dus syn ynstinkt om Adam te befjochtsjen om 'e lieding oer de ridel ûnderdrukke kinne moat as er dat wol. Sherwood seit ta dat er dat besykje sil.

Wylst se de ôfkearde krisis noch oan it bepraten binne, doemt der al in nijenien op: Marsilia, de hearskeresse oer de fampieren yn 'e Tri-Cities, mei wa't Adam en Mercy in neat te noflike, mar dochs wurkbere ferstânhâlding hawwe, jout op tige ûngebrûklike wize in boadskip oan harren troch. It docht bliken dat Wulfe, dy't behalven in tige grizelige (want geastlik steurde) fampier ek in heks en in tsjoender is, fermist wurdt. Mei't er de lêste tiid Mercy oan it stalken wie (sjoch: Smoke Bitten) nei't se syn belangstelling opwekke hie troch him by fersin in skoftke ynderlike rêst te jaan (sjoch: Storm Cursed), beskuldiget Marsilia Adam derfan dat er Wulfe út 'e wei romme hat. As dat net sa is, kinne Adam en Mercy mar better sjen dat se it bewize troch Wulfe te produsearjen, oars is it ferbûn tusken de ridel en de fampieren foargoed foarby. Behalven dat de manear, dy't Marsilia brûkt om har boadskip oer te bringen, nuver is, jildt dat ek foar har hâlden en dragen. Mercy wurdt dêrom fuortendaliks erchtinkend. Se ornearret dat it wol liket as hat Marsilia de wize fan it kontakt keazen om't it de iennichste manear wie dy't se ta har foldwaan hie, en ek spekulearret se dat Marsilia har wurden soarchfâldich sà keazen hat dat se by in ûnderfreging wierheidsgetrou úthâlde kin dat se Adam en Mercy net holpen of warskôge (want ommers ynstee bedrige) hat.

Mercy har earste reäksje is om te rie te gean by har freon Stefan Uccello, dy't ek in fampier is. By Stefan liket nimmen thús te wêzen. Mercy en Adam kringe it hûs binnen, dêr't Adam oanfallen wurdt troch in grutte ierdgeast mei in dizenich spineftige lichemsfoarm. Adam kriget al rillegau fersterking fan in bûnsgenoat fan 'e ridel, Larry Sethaway, de "kening" fan 'e eardsken. Twaresom weve se mei de 'spin' ôf, wylst Mercy op 'e sneup giet yn 'e kelder, dêr't se mei har skerpe prêrjewolvenoas ierdgeastemagy rûkt. It docht bliken dat der noch in twadde spineftige ierdgeast is, dy't risselwearret om in krêftige betsjoening op Adam en Larry los te litten. Mercy kiest derfoar om dat foar te kommen troch it wêzen op in krúsjaal momint oan te stompen, sadat de magy ynstee harsels rekket. Se ornearret dat sy der better oer kin as Adam en Larry, om't sy as de dochter fan 'e trickster Coyote in beskate ymmuniteit tsjin tsjoenderij hat (hoewol net altyd of tsjin alles). Neitiid weeft Larry mei de twadde spinne-ierdgeast ôf troch it wêzen te deadzjen.

Larry, waans eardsken alle oare boppenatuerlike wêzens yn 'e Tri-Cities yn 'e rekken hâlde, fertelt dat er Adam en Mercy te help komme koe om't ien fan syn ûnderhearrigen it hûs fan Stefan yn it each hold. Hy fertelt dat Stefan al in stikmannich dagen lang net mear sjoen is. Datselde jildt foar Marsilia en de oare fampieren, dy't nei alle gedachten in deimannich lyn yn in konfoai fan SUV's mei blindearre ruten út 'e kommunale filla fan 'e fampieren ôfset binne. Adam, Mercy en Larry freegje har ôf oft Iacopo Bonarata, byneamd de Hear fan 'e Nacht, dêrefter sitte kin. Dat is de gefaarlike hearsker oer alle fampieren yn Jeropa, mei wa't Mercy en Adam earder ris gedoente hân hawwe (sjoch: Silence Fallen). Mar neffens de ynljochtings fan sawol Adam as Larry befynt dyselde him noch altyd yn Milaan. Adam en Mercy wolle de filla fan Marsilia-en-dy trochsykje, mar Larry stiet der by harren op oan om dat by deiljocht te dwaan, dat sadwaande keare se werom nei hûs om yn it sturtsje fan 'e nacht noch in pear oerkes te sliepen. Mercy hat dan in dream wêryn't Stefan har opsiket en har op bittere toan fertelt dat hy en Marsilia oan Mercy in spultsje jûn hawwe om te spyljen. As se ferliest, giet se dea, en as se wegeret te spyljen likegoed. Mercy freget him oft it wol goed mei him en Marsilia giet, en hy antwurdet fan net, mar heakket dêroan ta dat se net oer harren yn noed sitte moat, om't fampieren sa taai as hier binne. It binne harren freonen dy't it altyd mei de dea bekeapje moatte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns komme Adam en Mercy fan George, in lid fan 'e ridel dy't by de plysje fan Pasco wurket, oan 'e weet dat der in deimannich lyn in heks yn Kennewick fermoarde is. It docht bliken dat dat de lêste is yn in hiele rige moarden op swakke brûkers fan in bytsje magy, lykas wite heksen, lytse ierdgeasten en healbloeden. Neffens George liket kwa metoade fan deadwaan yn itselde rychje de moard op in minsklike teenager thús te hearren, in Aubrey Worth, de foargeande jûns yn in supermerk yn Pasco. In tsjûge hat dêr op it parkearterrein fan 'e supermerk in persoan omrinnen sjoen ferklaaid as in fûgelferskrikker mei in sichte yn 'e hân, krekt as de antagonist yn 'e nije horrorfilm The Harvester ("De Risper"), dy't de foargeande jûns yn premiêre gien is. Adam en Mercy witte dat om't Adam syn teenagedochter Jesse dêr mei har freonen Tad en Izzy hinne west hat.

Mei Mercy har freon en eardere baas Zee op sleeptou bejouwe Adam en Mercy harren nei it plak delikt yn 'e supermerk. Zee is Siebold Adelbertsmiter, út âlde folksferhalen bekend as Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim, in tige machtige ierdgeast dy't foar de bûtenwrâld oer úthâldt dat er in gremlin is. Hy is mear fergetten oer boppenatuerlike saken as oaren ea witten hawwe. Mercy wurdt yn 'e supermerk daliks gewaar dat Aubrey Worth ek in bytsje ierdgeastebloed hie, dat hy heart beslist ta it type slachtoffer dat de searjemoardner útkiest. Se merkt op dat de dieder gjin rook neilit dy't se folgje kin, en dat er him nei it parkearterrein fan 'e supermerk en dêr wer wei ferpleatst hat troch teleportaasje. Se is bang dat Stefan de dieder is, mei't dy teleportearje kin en ek, troch de mystike bân dy't er mei Mercy dielt (sjoch: Bone Crossed), har befelje kinne soe syn rook net te rûken en te ferjitten dat er har sa'n befel jûn hie. Adam en Zee binne net fan 'e skuld fan Stefan oertsjûge, mei't it fermogen ta teleportaasje seldsum is, mar net sa seldsum dat it inkeld beheind is ta Stefan. Adam wiist derop dat Marsilia, bygelyks, ek oer dat fermogen beskikt. It moardwapen liket echt in sichte west te hawwen.

Nei it plak delikt besykje Adam, Mercy en Zee mei George it mortuarium, dêr't se it stoflik omskot fan Aubrey Worth besjogge. Mercy, dy't spûken sjen kin, wurdt de geast fan Aubrey Worth gewaar, dy't gjin ienfâldich spûkrestant is, mar de eigentlike siel fan 'e jongeman, dy't net nei it hjirneimels troch kin om't er fêstholden wurdt troch wat dat âld en kâld oanfielt: sûnder mis de sichte. Neitiid fertelt Zee dat The Harvester ynspirearre is troch wierbarde foarfallen, mei't der fjirtich jier lyn yn 'e Tri-Cities wier in searjemoardner aktyf wie dy't in sichte as wapen brûkte. Ek doe wiene it lytse, frijwol warleaze brûkers fan magy dy't de slachtoffers wiene. Zee bychtet op dat de sichte, dy't de Sielenimmer hjit, de reden wie dat hy him oarspronklik yn 'e Tri-Cities nei wenjen set hat. It is in âld magysk foarwerp, dat, krekt as Mercy har magyske gongelstôk, selsbewust wurden is. In grut ferskil is dat de Sielenimmer dejinge dy't him hantearret, geastlik beset en nei syn pipen dûnsje lit. Sokke selsbewuste wapens kinne machtiger wurde, wat reden genôch is foar Zee om harren te finen foar't se yn 'e hannen fan syn fijannen falle kinne.

In besyk oan 'e grêven fan inkele slachtoffers fan fjirtich jier lyn makket dúdlik dat ek de sielen fan dyselden noch altyd troch de Sielenimmer fêstholden wurde. Neffens Zee is de sichte eins gjin echt wapen, mar in ritueel foarwerp om offers mei te bringen oan in godheid. De namme fan dy godheid is al lang fergetten, mar dat wol net sizze dat de godheid sels net mear bestiet. Zee is poerrazen. Hy fertelt dat de rige moarden fjirtich jier lyn einige doe't de dieder fan 'e moarden, in opslûpen jonge dy't troch de Sielenimmer geastlik beset wie, dea weromfûn waard mei by him in sichte. Dat foarwerp (dat Zee ferneatige hat) wie oer in perioade fan withoefolle jierren makke mei swarte magy en soe mooglik it moardwapen west hawwe kinne, mar it wie net de Sielenimmer. Zee twifele, mar liet him op 'e doele bringe en socht op dat stuit net fierder, in flater dêr't er no spyt fan hat. It is dúdlik dat der fjirtich jier lyn immen efter de skermen aktyf wie dy't de hiele boel beävensearre.

Dy jûns wurdt Mercy thús as fan âlds stalkt troch Wulfe, mar dan in Wulfe dy't ferklaaid is as in fûgelferskrikker en geastlik beset is troch de Sielenimmer. As er foar har eagen weiwurdt, kin Mercy noch in trêdenien tafoegje oan it rychje fan fampieren dy't beskikke oer it fermogen ta teleportaasje. De oare moarns komt Larry by Adam en Mercy del, dy't ta de konklúzje kommen is dat Bonarata efter de moarden sitte moat. Want it is mank de eardsken rûnom bekend dat Bonarata de Sielenimmer al iuwenlang yn besit hat. De omwikseltrúk fan fjirtich jier lyn wie it wurk fan 'e eardsken, dy't hannelen yn opdracht fan Bonarata, mar ek út eangst foar wat der barre soe as de Sielenimmer yn 'e hannen foel fan 'e Dûnkere Smid fan Drontheim. It is dúdlik dat Larry en syn folk Zee net fertrouwe. De hiele episoade fan doedestiden foel foar doe't de fampieren yn 'e Tri-Cities sa machtich waarden dat se wol sûnder de stipe fan Bonarata koene. Dyselde, dy't in tige komplekse relaasje mei Marsilia hat, brûkte de Sielenimmer om 'e fampieren yn 'e eagen fan 'e boppenatuerlike mienskip yn 'e Tri-Cities te ferswakjen, sadat se ôfhinklik fan him bliuwe soene. De skiednis liket him no te werheljen, mei't Bonarata deselde taktyk tapast om 'e wearwolveridel fan Adam te ferswakjen. Ek hat er blykber in horrorfilm meitsje litten om 'e eangst foar de Sienenimmer noch fierder te ferprieden.

Dy middeis trochsykje de leden fan 'e ridel de filla fan Marsilia en har fampieren. Lykas Larry al sein hie, is de wente ferlitten. Wylst Adam en de oaren de ferskate kelderferdjippings en tunnels neiplúzje dêr't de fampieren ornaris libje, bliuwt Mercy ûnder bewekking fan har freon Warren, de op twa nei dominantste wolf fan 'e ridel, boppe de grûn en rint dêr alle (amper brûkte) keamers nei. Op 'e souderferdjipping wurde se oanfallen troch de Sielenimmer dy't Wulfe oerhearsket. Warren wurdt daliks útskeakele. De Sielenimmer brûkt Wulfe syn stim om Mercy te fertellen dat er har hawwe wol omreden fan har bannen mei Coyote, de wearwolven en Stefan, dy't derfoar soargje sille dat er yn ien klap genôch sielen sammele hat om syn master (de godheid) wer yn 'e wrâld te bringen. Mercy ornearret dat dat neat goeds ynhâlde sil en wegeret har meiwurking. Yn it gefjocht dat folget, wit Mercy har Wulfe fan it liif te hâlden mei in swurd, en as se dat kwytrekket, mei de ynienen wer opdûkende magyske gongelstôk. Se beseft dat soks allinne mar mooglik is as Wulfe him aktyf tsjin 'e opdrachten fan 'e Sielenimmer ferset, oars hied er har samar de baas west. As se einlings en te'n lêsten begrypt wat Wulfe fan har wol, besiket se har nuveraardige magy te brûken om him frede te skinken, sa't se ris earder dien hat (sjoch: Storm Cursed). It wurket net sa't se hope hie, mar it jout Wulfe wol de kâns om eefkes los te brekken fan 'e oerhearsking troch de Sielenimmer. Syn frijheid benuttet er troch te besykjen selsmoard te dwaan troch himsels de búk iepen te snijen mei de sichte. De Sielenimmer hat him lykwols gau wer yn 'e besnijing en begjint de ferwûnings te genêzen. Op dat stuit arrivearje Adam en rest fan 'e ridel en brûkt de Sielenimmer Wulfe syn fermogen ta teleportaasje om út te naaien.

Under it gefjocht hat Wulfe Mercy in namme taflústere: Frost. Dat wie in fampier dy't Mercy en har bûnsgenoaten inkele jierren lyn ferslein en deade hawwe (sjoch: Frost Burned). Mercy ornearret dat Wulfe net ferwiisde nei de persoan, mar nei de lokaasje fan 'e konfrontaasje mei Frost, in wyngerd yn Benton City. As se dêr neifraach nei dogge, blykt dat Bonarata de wyngerd oankocht hat en der in nije filla bouwe lit. Se beriddenearje dat dat it plak wêze moat dêr't Stefan, Marsilia en de oare pleatslike fampieren fêstholden wurde. Nei it fallen fan it tsjuster bejouwe Adam en Mercy harren dêrhinne om in befrijingsaksje te ûndernimmen. Bonarata wachtet harren lykwols op mei Wulfe, dy't wer fêst ûnder de ynfloed fan 'e Sielenimmer is. Wulfe en Mercy reitsje yn gefjocht, mar diskear is Mercy der ree foar en wit se Wulfe fan 'e ynfloed fan 'e Sielenimmer te befrijen.

Dat liedt ta in gefjocht tusken Adam en Bonarata, wêrby't Bonarata Adam manipulearret om 'e delsmiten sichte op te pakken. Dat is in grutte flater, mei't Adam dêrnei yn in ynderlike striid mei de Sielenimmer ferwikkele rekket. Underwilens byt Bonarata Mercy ta dat se no neat oars dwaan kin as tasjen hoe't har dierbere Adam ta proai falt oan 'e Sielenimmer. Dêr heakket er oan ta dat er eltsenien fan wa't sy hâldt, in freeslike dea besoargje sil, har hiele libben lang op 'e nij, mar harsels gewurde litte sil. Mercy kriget dan einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat it Bonarata inkeld en allinne om wraak te dwaan is om't sy him earder in kear te fluch ôf west hat (sjoch: Silence Fallen). Nei't Bonarata him ôfjûn hat, slagget it de yn tsjoenderij ûnderleine Sherwood Post lykwols om mei help fan 'e oare leden fan 'e wearwolveridel Adam te helpen de Sielenimmer te ferslaan. Stefan, Marsilia en de oare pleatslike fampieren wurde weromfûn yn 'e nije filla fan Bonarata. Se binne tige skeind troch útsochte folterings, mar om't fampieren harren lichems regenerearje kinne, sille se der wer boppe-op komme. Mercy skillet Zee op, mei wa't se oerienkomt dat er de Sielenimmer ferneatigje sil as se him it ding jout. Zee hâldt him dêroan en bringt boppedat it ferhaal yn omrin dat de wearwolven fan Adam syn ridel de Tri-Cities rêden hawwe fan 'e Sielenimmer en dêrby en passant Bonarata in figuerlik blau each slein hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows