Springe nei ynhâld

Night Broken

Ut Wikipedy
Night Broken
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel Frost Burned
● folgjend diel Fire Touched
kodearring
ISBN 978-0 42 52 56 749

Night Broken (letterlik: "Troch de Nacht Brutsen") is it achtste diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Night Broken waard foar it earst publisearre yn 2014, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Krekt as de oare dielen fan 'e rige wie Night Broken in grut súkses en helle it de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times.

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven is.

Yn Night Broken wurdt Mercy har man Adam skille troch syn eks-frou Christy, dy't op 'e flecht is foar in stalker. Hja hat in onenightstand hân mei in jonge Latino, in Juan Flores, mar de man is neitiid troch har obsedearre rekke. Hy hat Christy bûnt en blau slein, en de man dêr't se nei Flores mei útgie, is omkommen by in strjitrôf, wêrfan't se fermoedet dat Flores derefter sit. No freget hja har eks-man om beskerming, en dy kin dat kwealk wegerje oan 'e mem fan syn dochter. Mercy kin der ek neat tsjin ynbringe, hoewol't se Christy net sjen of luchtsje kin. En dêr hat se goede redens foar, want Christy is der noch mar krekt, of se begjint op 'e manipulative wize dy't har sa eigen is de twaspjalt yn 'e wearwolvetroep (dy't dochs al bestie om't guon fan 'e wolven muoite hawwe om in prêrjewolf yn 'e ridel te akseptearjen) grutter te meitsjen troch de troep te ferdielen yn in Christy-kamp en in Mercy-kamp.

Tagelyk arrivearret der in nije wearwolf yn 'e Tri-Cities, in ûnderdienigen-ien, dy't Zack Drummond hjit, en dy't troch Mercy en Adam yn 'e troep opnommen wurdt. Underwilens kriget Mercy besite fan Alastair Beauclaire, alias Gwyn ap Lugh, ien fan 'e Grize Hearen, dy't hearskje oer de ierdgeasten. Hy wol de magyske gongelstôk weromhawwe dy't Mercy foar it earst tsjinkaam ûnder in earder aventoer mei de ierdgeasten (sjoch: Iron Kissed), en dy't sûnt allegeduerigen yn har om-en-by omhinget. Hoewol't de ierdgeasten har derfan bewissige hawwe dat de gongelstôk ien fan harren 'mindere' magyske foarwerpen is, hat it ding troch syn grutte âlderdom in eigen wil ûntwikkele. En hy wol blykber by Mercy bliuwe, want eltse kear as se him oan 'e ierdgeasten weromjoech, dûkte er koarte tiid letter wer by har thús of yn har garaazje of yn har auto op. In pear moanne earder hat se de gongelstôk brûkt by it deadzjen fan in riviermeunster (sjoch: River Marked), en dêrtroch waard it ding noch eigensinniger en ek in stik gefaarliker. Sadwaande hat se him úteinlik kado dien oan har heit Coyote, dy't se machtich genôch ornearre om 'e gongelstôk de baas te bliuwen. Beauclaire, dy't de soan is fan 'e godheid Lugh, de makker fan 'e gongelstôk, is net bliid om te hearren wêr't it ding bedarre is, en hy jout Mercy in wike om him fan Coyote werom te krijen, of oars sille se in minder fatsoenlik petear hawwe.

Koart nei Christy har oankomst yn 'e Tri-Cities, krije Mercy-en-dy berjocht dat Christy har appartemintekompleks yn har wenplak Eugene ôfbaarnd is. It blykt oanstutsen te wêzen, en de fertinking falt op 'e nij op Juan Flores. Adam set ien fan 'e wolven fan 'e troep, Warren Smith, dy't as privee-detektive wurket, op 'e saak om út te sykjen wa't Flores is en wêr't er weikomt. Dat falt lykwols net ta, want der blykt nochal ris in Juan Flores te wêzen. As Christy fertelt dat de man altyd mei twa grutte dûnkere hûnen omrûn, giet Mercy by Lucia, de frou fan har freon Joel Arocha, te rie, dy't hûnen fokt. Sa komme se derefter dat it om eksimplaren fan it ras perro de presa Canario giet, in frij seldsum hûneras, ôfkomstich fan 'e Kanaryske Eilannen.

Yn 'e tuskentiid hat Mercy ek út alle macht besocht en kom yn kontakt mei Coyote, mar mei him is it sa dat er nearne te bekennen is krekt as men it measte ferlet fan him hat. Fia-fia kriget Mercy de wink om ris kontakt op te nimmen mei in Gary Laughingdog, in Yndiaan dy't yn Connell, net fier fan 'e Tri-Cities, in selstraf útsit yn it Coyote Ridge Corrections Center, in federale finzenis. Dat soe krekt as sysels in stalferwikselder wêze dy't de foarm fan 'e prêrjewolf oannimme kin. As se him yn it tichthûs besiket, kin Gary har lykwols net helpe, om't er sels altyd alle war docht om Coyote sa fier mooglik út syn buert te hâlden. Behalven in stalferwikselder is Gary ek in sjenner, en oan 'e ein fan syn petear mei Mercy kriget er in fizioen dat him bewusteleas efterlit. Koarte tiid letter heart Mercy dat Gary Laughingdog útbrutsen is út it tichthûs en op frije fuotten is. As har freon Tony Montenegro, dy't plysjeresjersjeur yn Kennewick is, by har komt, ferwachtet se dat er har oer Gary befreegje wol, mar hy blykt har help nedich te wêzen by it oplossen fan in moardsaak. Der binne trije froulju, in pear hûnen en in pear hynders ôfslachte yn in fjild bûten de stêd. Mercy wit net hokfoar sike geast oft dêrfoar ferwantwurdlik is, en se kin de plysje dan ek allinnich fertelle dat it yn elts gefal gjin wearwolven of ierdgeasten wiene.

In dei letter is Mercy nei slutingstiid allinnich yn har garaazje oan it wurk, as dêr in man opdûkt dy't oan it synjalemint fan Juan Flores foldocht. Hy hat ien grutte hûn by him en brûkt in brekizer om yn 'e garaazje binnen te kringen. Mercy hâldt syn meneuvels fia in befeiligingskamera yn 'e rekken, skillet Adam om him fan 'e sitewaasje op 'e hichte te stellen, en hellet har pistoal foar 't ljocht. As se him konfrontearret nei't er deryn kommen is, docht út syn praat wol bliken dat er geastlik net alhiel ynoarder is. Mercy makket him dúdlik dat er it wol ûnder de skuonsoallen skriuwe kin dat er Christy noch ea weromkrije sil. Mar behalven dat er Christy weromhawwe wol, siket Flores ek wraak op Adam om't dy him Christy ôfnommen hat. Dêrta stjoert er syn hûn op Mercy ôf, mar dy sjit it bist dea. As Flores dan noch net omlyk wol en har tenei komt, sjit se har pistoal op him leech, mar nettsjinsteande dat er sawol yn 'e holle as yn it hert rekke wurdt, hâldt dat him net tsjin. Hy ferliest syn minsklike uterlik en feroaret yn in grutte hûn dy't fierhinne út lava liket te bestean. Mercy giet him mei ferskate stikken ark te liif, mar is oan 'e ferliezende hân as Adam en Tad, in healbloed-ierdgeast dy't yn har garaazje wurket, arrivearje en 'Juan Flores' tegearre op 'e flecht driuwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mercy hat har rêding fral oan Tad te tankjen, mar dy hat no blike litten hoe machtich oft er wol net is (eat dat er earder soarchfâldich geheim holden hie), en wurdt troch de Grize Hearen, dy't oer de ierdgeasten hearskje, nei it pleatslik ierdgeaste-reservaat ûntbean om him foar syn hâlden en dragen te ferantwurdzjen. De hûn dy't Mercy deasketten hat, is nei de dea feroare yn in minske, en allinnich tanksij de opnamen fan 'e befeiligingskamera's kin Mercy oan in oanklacht foar moard ûntkomme. Har garaazje is by it gefjocht mei Flores fierhinne ferrinnewearre rekke en stoart letter yn. Neitiid wit Gary Laughingdog, dy't út 'e finzenis ûntsnapt blykt te wêzen om Mercy te sykjen, einlings kontakt mei har te lizzen. It fizioen dat er ûnder har besyk oan it tichthûs krige, is fan Guayota, de god fan 'e fulkaan de Teide, op it Kanaryske eilân Teneryf. Dat is dejinge dy't him foardie as Juan Flores en obsedearre rekke is troch Christy.

Gary hat yn syn fizioen ek bylden sjoen fan in fermoarde frou, en út syn beskriuwing fan dat tafriel ken Mercy Lucia Arocha werom. Sy, Adam en Gary hastigje harren halje-trawalje nei Lucia ta om har te warskôgjen, mar se treffen har libben en wol oan, sij it tige ûngerêst om't har man Joel al lang thús wêze moatten hie. Mercy tinkt no dat Guayota Joel deade of wat oandien hat, en se fielt har tige skuldich, om't de tinkt dat sy de geastlik steurde fulkaangod nei de Arocha's ta laat hat. Adam, Gary en Mercy nimme Lucia mei om har de saak út te lizzen, mar as se letter nei har hûs weromkeare sadat se wat persoanlike besittings ophelje kin, blykt it hiele hûs oerheap klaud en ferrinnewearre en al har hûnen deamakke te wêzen.

Dy nachts ferskynt einlings Coyote oan Mercy, dy't har de gongelstôk weromjout, sadat sy dy oan Beauclaire oerdrage kin. Mar hy nimt har ek mei nei in ûnbeskaat plak ta, dêr't se de beide grutte hûnen fan Guayota wei begnuve kinne. Coyote fertelt Mercy dat sa'nent as Guayota, dy't withoefier fan syn territoarium ôf is, op 'e iene of oare wize in mystike bân mei dat territoarium ûnderhâlde moat om him yn 'e frjemte te ûnderstypjen. Foar Guayota ferfolje syn beide hûnen, de tibicena's, dy rol. Beide, want hy der wer twa. De magyske gongelstôk lit Mercy it wiere aard fan 'e dingen sjen, en yn ien fan 'e tibicena's sjocht se in frjemde frou, mar yn 'e oare sjocht se har freon Joel Arocha, dy't him út alle macht mar om 'e noch ferset tsjin 'e bannen dy't him bine. As se dêr letter oer neitinkt, komt Mercy ta in oare konklúzje oer de belutsenens fan Joel by dizze saak. Hja miende earst dat hja Guayota sels nei him ta laat hie, mar se wit dat Joel út Teksas komt. It docht bliken dat er ôfstammet fan ien fan 'e famyljes dy't de stêd San Antonio stifte hawwe, en dy kamen allegear fan 'e Kanaryske Eilannen. Mercy begrypt dan dat it Joel syn ôfstamming wie dy't makke hat dat Guayota him oerfallen hat, om't er in ferfanger brek wie foar de man dy't Mercy yn har garaazje deasketten hie.

Guayota siet ek efter de moard op 'e froulju en bisten yn it fjild bûten Kennewick, en Coyote fertelt Mercy dat er no trochgean sil mei moardzjen, om't er net alhiel mear goed by de holle is, in krupsje dy't te krijen hat mei de ûnbidige âlderdom fan 'e fulkaangod. It is dúdlik dat er tsjinholden wurde moat, en dy taak nimme Adam en syn wearwolven op har, om't de plysje foar soksoarte tsjinstanners gewoan net tarist is. As Beauclaire om 'e gongelstôk komt, kin Mercy dy lokkigernôch oerlangje, en hja freget him dan oft hy ek helpe kin, mar hy warskôget har dat dat har sa djip by him yn 'e skuld bringe soe, dat se der nea wer útkomme koe. Ariana, in ierdgeast dy't in relaasje hat mei Mercy har pleechbroer Samuel Cornick, is in stik behelpsumer, en hja wit mei magy in stikmannich fan 'e wearwolven tsjin fjoer bestân te meitsjen. Mercy har freon Stefan, in fampier, wit foar har efter it adres te kommen dêr't Guayota ferbliuwt. Underwilens hat Gary Laughingdog in nij fizioen krigen wêryn't er seach dat Adam-en-dy allegear stjerre soene as hy net mei harren gie, dat Adam set mei Gary, Samuel en fiif fan syn wolven ôf om te besykjen en weef mei Guayota ôf. Mercy giet net mei, want hja hat yn gefjochtssitewaasjes mar amper méár krêften as gewoane minsken, en de lêste kear dat der in meunster befochten wurde moast, rekke se swier ferwûne en moast se neitiid wikenlang opbetterje (sjoch: River Marked).

Sadwaande bliuwt Mercy mei Adam syn tinerdochter Jesse, Lucia Arocha en Christy efter, ûnder beskerming fan Darryl Zao en dy syn frou Auriele, twa fan Adam syn wolven. Stefan hâldt har selskip as se yn 'e fierte it lûd fan 'e hierauto werom ken dy't Guayota riidt. Mercy lit Jesse, Lucia en Christy troch Stefan yn feilichheid bringe, en giet sels mei Darryl en Auriele de striid oan tsjin Guayota en syn tibicena's. Mercy wurdt lykwols al rillegau útskeakele troch in slach op har holle, en glidet hinne en wer tusken bewustwêzen en bewusteleazens. Under ien fan har riten fan bewusteleazens fertelt Coyote (dy't gjin inkele muoite hat om har dreamen binnen te kringen) har dat se har nekke brutsen hat en op stjerren leit. As se wer bykomt, sjocht se dat de tibicena dêr't Joel yn finzen sit, oer har hinne stiet. De mystike bannen dy't him bine, ferskille net sa'n soad fan 'e mystike bannen tusken de leden fan in wearwolvetroep, en mei it gesach dat Mercy as partner fan 'e alfa hat, nimt se Joel op yn 'e troep, wêrby't de bannen fan 'e wearwolveridel syn bannen mei Guayota ferfange.

Fan gefolgen rekket Guayota de behearsking oer de iene helte fan syn lichem kwyt, krektlyk as hied er oerhaal hân. Tsjin dy tiid arrivearret Gary Laughingdog mei Adam, Warren en Honey, trije fan 'e meast dominante wearwolven, dy't de striid mei Guayota oangeane. Mar it is Joel, dy't de oare tibicena deamakket en dêrmei de fulkaangod de genedeklap jout. Fan it iene op it oare stuit swynt Guayota alhiel wei. Coyote fertelt Mercy, dy't wer bewusteleas rekket, dat Guayota net dea is, want goaden binne ûnstjerlik. Mar sûnder allebeide tibicena's is er weromstjoerd nei de Teide, en sil er ferskate jierren brek wêze om dizze klap te boppe te kommen. Tsjin dy tiid sil er, yn syn betize tastân, dit foarfal nei alle gedachten al lang wer fergetten wêze. Coyote riedt Mercy wol oan om foarearst de Kanaryske Eilannen mar te mijen.

Mercy wurdt wekker yn it sikehûs. Adam fertelt har dat har nekke brutsen liek te wêzen doe't se dêr oankaam, mar nei't er Coyote yn dy syn prêrjewolvefoarm yn har keamer trappearre, die letter bliken dat de dokters mis west hiene en dat har nekke dochs net brutsen wie. Dat wol net sizze dat Mercy net skansearre rekke is, want se hat kniezings en brânwûnen by't folop en sels in pear brutsen bonken, mar se kin teminsten harsels rêde, sa mient se. Sadree't Adam even fuort is, komt se fan bêd ôf om't se nedich nei it húske moat, mar nei trije stappen ûntdekt se dat dat dochs net sa'n ferstannich idee wie. Se wifket en soe fallen wêze, as se net op it lêste momint it hânsel fan 'e magyske gongelstôk ûnder har hân fûn hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows