Lugh

Ut Wikipedy
Lugh
(Lugh)
persoanlike bysûnderheden
bynamme Lámhfhada ("Langearm")
Ildánach ("de Knaphandige")
Samhildánach ("de Lykknaphandige")
Lonnbeimnech
   ("Fûleindige Slagger")
Macnia ("Jongesheld")
mac Ethnenn ("soan fan Ethniu")
religy Iersk heidendom
domein sinne, tonger, wiisheid
wente Cath Maige Tuired
Heuvel fan Tara
selskipsdier Failinis, Enbarr
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Buí, Nás, Deichtine
heit Cian
mem Ethniu
soan Ibic, Cúchulainn
dochter Ebliu
ekwifalint Apollo
attributen
foarwerp spear, slinger
bist jachthûn, hynder

Lugh of Lug (Aldierske útspr.: [luɣ], likernôch: "lûg" mei de g fan 'drûge'; modern Iersk: , útspr.: [lu:], likernôch: "lûû") is yn 'e Ierske mytology in godheid dy't ferbûn is mei de sinne en/of tonger en wjerljocht en/of wiisheid en kennis. Yn 'e myten wurdt er beskreaun as in held en in hege kening dy't earne yn it twadde milennium f.Kr. oer Ierlân hearske hawwe soe. Lugh stiet bekend ûnder in stikmannich bynammen dy't foar it meastepart ferwize nei syn betûftens yn 'e striid en syn knaphandigens by it meitsjen fan foarwerpen. As god komt er fuort út 'e pan-Keltyske godheid Lugus. Syn Welske wjergader is Lleu Llaw Gyffes.

Bynammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lámhfhada (['la:wad̪ˠə], "Laa-ûadge", dat "Langearm" betsjut, om syn feardichheid mei de spear en de slinger;
  • Ildánach ("de Knaphandige")
  • Samhildánach ("de yn Mannich Ambacht Lykknaphandige")
  • Lonnbeimnech ("Fûleindige Slagger" of mooglik "Swurdskreauwer")
  • Macnia ("Jongesheld")
  • mac Ethnenn of mac Ethlenn ("soan fan Ethniu")

Myten oer Lugh[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lugh wie de soan fan Cian, in prins fan 'e Tuatha Dé Danann, en Ethniu, de dochter fan Balor, de kening fan 'e Fomoaren. Harren houlik, dat yn Cath Maige Tuired plakfûn, wie sadwaande de besegeling fan in dynastyk ferbûn tusken twa famyljes of groepen fan goaden. Yn 'e tekst Lebor Gabála Érenn jout Cian de jonge Lugh boppedat oan Tailtiu, de keninginne fan 'e Fir Bolg, om him grut te bringen, wat noch in trêde ras fan goaden yn 'e saak behellet.

Neffens in ôfwikend folksferhaal, dat yn 1835 oan 'e wittenskipper John O'Donovan ferteld waard troch in Shane O'Dugan fan it eilân Tory, foarseit in druïde oan Balor, de kening fan 'e Fomoaren, dat er troch de hân fan syn pakesizzer omkomme sil. Dêrom slút Balor syn dochter Ethniu op yn in hege toer op Tory, dêr't se fersoarge wurdt troch tolve froulju, dy't fan Balor de opdracht krigen hawwe om sels it bestean fan manlju foar har geheim te hâlden. Op it fêstelân hat ûnderwilens in Mac Cinnfhaelaidh (dy't wierskynlik lykslein wurde moat mei Cian) in ko dy't sa'n molke jout dat in elk oergeunstich op him is. Wylst Mac Cinnfhaelaidh ris fuort is, bejout Balor him nei syn hûs ta en ûntfytmannet dêr yn 'e foarm fan in lyts readhierrich jonkje de ko oan Mac Cinnfhaelaidh syn broer, Mac Samthainn.

As Mac Cinnfhaelaidh wer thús komt en ûntdekt wat der bard is, sint er op wraak. Hy ropt de help yn fan in leanan sídhe (fee) dy't Bírog hjit en lit him troch har fia translokaasje nei de top fan 'e Ethniu har toer bringe, dêr't er Ethniu ferliedt en geslachtsferkear mei har hat. Meitiid skinkt sy dan it libben oan in trijeling, dy't Balor oan in tsjinstfeint jout om se te ferdrinken yn in draaikolk. Ien fan 'e jonkjes ûntkomt him lykwols en wurdt troch Bírog rêden en nei Mac Cinnfhaelaidh ta brocht, dy't de poppe oan syn broer, de smid Goibniu of Gavida, jout om him grut te bringen. As it yn dit ferhaal nammeleaze jonkje grut is, komt de profesije fan 'e druïde út en deadet er syn pake Balor. Folkloristen beskôgje dit as in ferhaal oer Lugh, ek al wurdt syn namme der net yn neamd.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens bekendere myten reizget Lugh, nei't er grutbrocht is oan it hof fan 'e Fir Bolg, nei Tara ta, dêr't er him by it hof fan kening Nuada fan 'e Tuatha Dé Danann jout. De doarwarder dêre wol him inkeld trochlitte as er in feardichheid hat dêr't oan it hof ferlet fan is, dat Lugh biedt syn tsjinsten oan as makker (fan dingen), smid, foarfjochter, swurdfjochter, harpist, held, dichter, skiedkundige, tsjoender en ambachtsman, mar eltse kear wurdt er ôfwiisd om't de Tuatha Dé Danann al sa'nent hawwe. As er lykwols freget oft se ek al immen hawwe dy't al dy dingen tagelyk dwaan kin, moat de doarwarder bekenne dat se sa'nent net hawwe, en wurdt Lugh trochlitten.

Neitiid wurdt er oansteld ta haad-ollam fan Ierlân (in ollam is in soarte fan dichter of bard). Hy wint in tegelsmytwedstryd fan Ogma, de foarfjochter fan kening Nuada, en fermakket it hof troch op 'e harpe te spyljen. De Tuatha Dé Danann wurde yn dy snuorje ûnderdrukt troch de Fomoaren, en Lugh besaud him deroer hoe nuet oft se har dêr ûnder deljouwe. Nuada freget him ôf oft Lugh syn folk mooglik fan 'e frjemde oerhearsking befrije kin, en stelt him oan as legeroerste, wêrnei't Lugh daliks tariedings foar oarloch begjint te meitsjen.

Lettere dieden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de soannen fan Tuireann (Brian, Iuchar en Iucharba) Lugh syn heit Cian deadzje dy't op dat stuit de foarm fan in baarch oannommen hie, lit Lugh harren by wize fan wearjild in rige skynber ûnmooglike prestaasjes ferrjochtsje, dy't se lykwols allegear folbringe. By harren lêste die reitsje de trije lykwols deadlik ferwûne, en nettsjinsteande de smeekbea fan Tuireann wegeret Lugh om harren gebrûk meitsje te litten fan ien fan 'e magyske foarwerpen dy't se foar him beset hawwe, in bargehûd dy't alle wûnen genêst. Brian, Iuchar en Iucharba komme sadwaande te ferstjerren en neitiid stjert harren heit fan fertriet.

Mei de magyske foarwerpen dy't de soannen fan Tuireann him brocht hawwe, fiert Lugh de Tuatha Dé Danann oan yn 'e Twadde Slach by Mag Tuireadh tsjin 'e Fomoaren. By dat treffen sneuvelet Nuada, de kening fan 'e Tuatha Dé Danann, troch de hân fan Balor, de kening fan 'e Fomoaren en de pake fan Lugh. Dêrnei sil Balor ek Lugh te liif en hy slacht syn trêde, giftige each op, dat alles deadet dêr't it nei sjocht. Mar Lugh jaget mei syn slinger in stientsje troch dat each hinne, wêrmei't er Balor sa ferheftich rekket, dat syn trêde each der troch syn efterholle út fljocht. Nei de dea fan harren kening reitsje de Fomoaren yn betizing en sa winne de Tuatha Dé Danann de slach.

Nei syn oerwinning fynt Lugh Bres, de heal-Fomoarske eardere kening fan 'e Tuatha Dé Danann allinnich en ûnbeskerme op it slachfjild. Bres smeket him om it libben behâlde te meien, en ûnthjit dat er, as er sparre wurdt, meitsje sil dat alle kij yn Ierlân oanhâldend melk binne. De Tuatha Dé Danann, lykwols, binne wol tefreden mei it diel fan it jier dat harren kij no molke jouwe. Dan ûnthjit Bres dat er soargje sil dat der yn Ierlân tenei fjouwer kear jiers rispe wurde kin, mar de Tuatha Dé Danann fine dat it wol mei ien rispinge ta kin. Uteinlik beslút Lugh it libben fan Bres te sparjen as dy de Tuatha Dé Danann de geheimen fan it ploegjen, siedzjen en rispjen leart. Neitiid wurdt Lugh yn it stee fan Nuada ta kening fan 'e Tuatha Dé Danann kroane, en regearret er fjirtich jier lang as hege kening oer Ierlân. Syn mytyske regearperioade wurdt útinoar rinnend datearre as 1870-1830 f.Kr. of as 1447-1407 f.Kr.

Under syn regear soe Lugh de saneamde Gearkomste fan Talti ynsteld hawwe, in sportevenemint dat sterk wei hat fan 'e oarspronklike Olympyske spullen yn it âlde Grikelân. Dat jierliks holden festival einige op 'e hjeldei Lughnasadh (1 augustus), en waard holden ta oantins oan syn pleechmem Tailtiu, yn it plak dat har namme droech (no Teltown, yn County Meath). Fierders stelde Lugh ek in Lughnasadh-merke yn op twa oare plakken, Carman en Naas, ta eare fan 'e goadinnen Carman en Nás. Feardichheden op it mêd fan hynsteriden en fjochtsport namen by alle trije eveneminten in wichtich plak yn. Lughnasadh sels omfieme lykwols de fiering fan Lugh syn oerwinning op 'e geasten fan 'e Oare Wrâld, dy't besocht hiene en hâld de rispinge foar harrensels. Dizze hjeldei bestie fuort oant fier yn it kristlike tiidrek, en wurdt noch altyd fiert ûnder in grut ferskaat oan nammen. Lúnasa is no de Ierske namme foar de moanne augustus.

Lugh soe fierders ek it boerdspul fidchell útfûn hawwe. Hy hie ferskate froulju, wêrûnder Buí en Nás, dat dochters wiene fan Ruadri, de kening fan Brittanje. Buí waard begroeven te Knowth, en Nás waard begroeven te Naas, yn County Kildare, dat nei har ferneamd is. Mei Nás hie Lugh in soan, Ibic. Hy hie fierders ek in dochter, Ebliu, dy't troude mei Fintan mac Bóchra, hoewol't sy yn guon myten Lugh syn suster is. Yn 'e Syklus fan Ulster sette Lugh fierders de healgod en held Cúchulainn oan by de minsklike faam Deichtine. Letter, doe't Cúchulainn ferwûne op it slachfjild efterbleau nei in ferskuorrende rige kampgefjochten ûnder de Táin Bó Cuailnge ("De Kowestellerij fan Cooley"), ferskynde Lugh oan him en genies syn wûnen oer in perioade fan trije dagen.

In yllústraasje út 1905 fan Lugh syn moardsuchtige magyske spear Gae Assail.
Harold Robert Millar (1869–1942)

Ien fan Lugh syn froulju, dy't net by namme neamd wurdt, hie in ferhâlding mei de healgod Cermait, de soan fan de Dagda. Ut wraak deade Lugh dyselde, mar Cermait syn soannen Mac Cuill, Mac Cecht en Mac Gréine deaden dêrnei Lugh sels, troch him te ferdrinken yn Loch Lugborta. Letter bewearden de Luigne, in Ierske stamme dy't de greefskippen Meath en Sligo bewenne, dat se fan Lugh ôfstammen.

Besittings fan Lugh[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lugh besiet in stikmannich magyske foarwerpen, dy't troch de soannen fan Tuireann foar him wûn waarden by wize fan wearjild foar it (by fersin) deadzjen fan syn heit Cian. It wichtichste fan dy foarwerpen wie de spear fan Lugh, dy't him neffens guon myten ûnoerwinlik makke. Dat wie de taksishoutene Gae Assail (Iersk foar 'de Spear fan Assal'), dy't troch de útrop ibar ("taksis") altyd doel rekke, en troch de útrop athibar ("wer-taksis") nei de hân fan 'e werper weromkearde. Dizze spear waard ek wol ibar alai fhidbaidha neamd ("de ferneamde taksis fan 'e wâlden").

Lugh hie ek in oare spear, dy't Ar-éadbair of Areadbhair hiet en earder fan Pisear, kening fan Perzje, west hie. Fan dy spear moast de punt altyd yn in pot mei wetter bewarre wurde, oars barste er yn flammen út. Behalven spearen besiet Lugh ek it swurd Fragarach, dat er fan 'e seegod Manannán ûnfongen hie, krekt as de boat Scuabtuinne of Sguaba Tuinne ("Weagesljurker") en syn hynder Enbarr of Aonbarr. Fierders hied er ek in jachthûn dy't fan Failinis hiet en dy't him as pup brocht waard troch de soannen fan Tuireann, as ûnderdiel fan harren wearjild.

Rollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Lugh is wol ynterpretearre as in ôflieding fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *leuk-, dat "flitsend ljocht" betsjut. Mei't er boppedat yn 'e myten gauris omjûn wurdt troch bylden en wjerbylden fan 'e sinne, is Lugh fan 'e Fiktoriaanske Tiid ôf yn 'e regel beskôge as in sinnegod, wêrmei't er op ien hichte kaam mei de Gryksk-Romeinske Apollo, hoewol't er histoarysk earder lykslein wie mei de Romeinske Merkuerius en de Grykske Hermes. Yn 'e Ierske folkloare oppenearret Lugh him ek wol as in trickster, ferlykber mei Loki yn 'e Germaanske mytology. En yn County Mayo waarden fan âlds tonger en wjerljocht taskreaun oan 'e striid tusken Lugh en Balor, mei as gefolch dat er soms ek as tongergod sjoen wurdt.

Lykwols giet it nammediel lu-, lykas yn Lugh (en farianten as lo- of le-) yn Yndo-Jeropeeske talen al tûzenen jierren werom op in konneksje mei de sinne. Itselde lûd komt bygelyks foar yn 'e nammen fan 'e Lûwyske god Apaliûnas, de Hoerrityske god Aplû, de Etruskyske god Apulu, de Grykske god Apollon, de Romeinske god Apollo en de Gallyske god Lugus.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.