Springe nei ynhâld

Connell (Washington)

Ut Wikipedy
Connell
It stedshûs fan Connell
It stedshûs fan Connell
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Franklin County
Sifers
Ynwennertal 5.388 (2014)
Oerflak 20,4 km² (ynkl. wetter)
20,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 206,5 / km²
Hichte 258 m
Oar
Stifting 1883
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 46°39′30″N 118°51′39″W
Offisjele webside
www.cityofconnell.com
Kaart
It stedshûs fan Connell
De lizzing fan Connell yn Franklin County en yn 'e steat Washington.

Connell is in stêd yn Franklin County, yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Washington. Neffens in offisjele skatting út 2014 bedroech de befolking fan it stedsje doe krapoan 5.400 minsken. Connell stiet benammen bekend om it Coyote Ridge Corrections Center, dat der fêstige is, ien fan 'e twa grutste finzenissen fan 'e steat Washington, dêr't hast heal safolle detinearren fêstholden wurde kinne as dat Connell ynwenners hat.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de krite fan Connell as iepen lân foar it weidzjen fan kij en hynders brûkt, oant der yn 1883 in delsetting stifte waard as in ferbiningsstasjon tusken de spoarlinen fan 'e Northern Pacific Railroad en de Oregon Railroad and Navigation Company. It nije plak waard troch de pleatslike spoarbeämte Jacob Cornelius Connell 'Palouse Junction' neamd, nei de Palûs, in Yndiaansk folk út 'e omkriten, mar earne tusken 1886 en 1900 waard it namme feroare yn Connell, om 'e stifter fan 'e delsetting te earjen.

Yn 1890 hold de Northern Pacific Railroad op mei it betsjinjen fan it stasjon, mar yn 1901 waard it stasjon fan Connell oernommen troch de Union Pacific Railroad. Dêrnei begûn it doarp wer te groeien. Tusken 1900 en 1904 waard de earste skoalle oprjochte, en yn 1902 waard der in bank yn 'e delsetting fêstige, de Franklin County Bank. Yn 1903 waard der in goede wettersaad oanboarre, dy't it drûge Connell fan rom foldwaande drinkwetter foarseach. Tsjin 1905 wie Connell yn Franklin County suver like wichtich as it súdliker leine Pasco, mar dat jiers waard troch in grutte brân it kommersjele hert fan it doarp fierhinne ferwuostge, in klap dy't Connell nea te boppe kaam.

Op 28 novimber 1910 krige Connell stedsrjochten. Yn 'e tweintichste iuw wie it ferbouwen fan weet de wichtichste ynkomsteboarne yn Connell en omkriten. Yn 1992 waard fuortby it stedsje it Coyote Ridge Corrections Center iepene, in middelheech befeilige finzenis dêr't 2.500 detinearren fêstholden wurde kinne, en dy't dêrmei it ien fan 'e twa grutste tichthuzen fan 'e steat Washington is.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Connell yn 2014 in befolking fan 5.388 minsken. De befolkingstichtens bedroech 206,5 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Connell 5,4% âlder as 65 jier en 23,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 21,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 19,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 39,3% Latino's; 34,1% blanken; 6,4% swarten; 2,7% Aziaten; 1,9% Yndianen; 0,4% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 15,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Connell hat in steppeklimaat, mei hjite drûge simmers en koele wiete(re) winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1,9 °C. Connell kriget jiers trochinoar net mear as 253 mm delslach.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.