Blood Bound
Blood Bound | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2007, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | Moon Called | |
● folgjend diel | Iron Kissed | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 10 20 072 |
Blood Bound (letterlik: "Bûn troch Bloed") is it twadde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Blood Bound waard foar it earst publisearre yn 2007, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Blood Bound wie in grut súkses en helle de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times, in wis teken dat men it yn Amearika as auteur makke hat. Yn 2015 ferskynde fan dit boek ûnder de titel In het Bloed in Nederlânske oersetting fan 'e hân fan Willeke Lempens by Uitgeverij De Fontein te Utert.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't fan in Yndiaanske heit dy't se nea kennen hat, it fermogen urven hat om har yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen. Nettsjinsteande dat hie se foar harsels in relatyf normaal bestean opboud yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje, oant se yn it foargeande diel fan 'e searje, Moon Called, djip behelle rekke yn 'e oangelegenheiden fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven, wêrfan't har buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, de alfa (lieder) is.
Yn Blood Bound tinkt Mercy dat allegear efter har litten te hawwen, oant har freon Stefan, in fampier, har freget om him te beselskipjen nei in moeting mei in frjemde fampier, in Cory Littleton, dy't er yn opdracht fan Marsilia, de masteresse fan alle fampieren yn 'e Tri-Cities, út har territoarium bonsjoere moat. Stefan is de twadde fan Marsilia har ûnderdienen dy't dy opdracht kriget, en hy fermoedet dat syn foargonger mei magy beynfloede is. Om't Mercy foar in protte foarmen fan magy ymmún is, ropt er no har help yn. Wat in rûtinemjittige konfrontaasje wêze moatten hie, rint alhiel út 'e hân as it net om in 'simpele' fampier blykt te gean, mar om in fan in demon besette tsjoender dy't ta fampier makke is. Stefan en Mercy oerlibje it mar kwealk, en de oare oanwêzigen yn it motel dêr't de moeting plakfynt, oerlibje it hielendal net.
Neitiid moat Mercy mei Stefan nei Marsilia ta om ferslach te dwaan fan 'e moeting. Mercy har hûsgenoat, Samuel Cornick, in wearwolf dy't ek har pleechbroer is, soarget derfoar dat Adam twa fan syn ûnderhearrigen, Warren Smith en Ben Shaw, meistjoerd as har liifwachten. Marsilia is der mar amperoan fan te oertsjûgjen dat it om in troch in demon besette fampier giet, mei't soks frijwol nea foarkomt. It liket har folle foar de hân lizzender ta dat Stefan sels it bloedbad yn it motel oanrjochte hat, en inkeld troch Mercy har tsjûgenis jout se Stefan it foardiel fan 'e twifel. Se jout him ek opdracht om mei Littleton ôf te weven. Neitiid biede Ben en Warren oan om him dêrby te helpen, mei't ek de wearwolven der net by baat binne as de moardsuchtige Littleton mei syn ûnberonge hâlden en dragen de oandacht fan 'e autoriteiten lûkt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
In pear wiken lang leveret de syktocht, dêr't Mercy sels fierders net by belutsen is, neat op. Mar de Tri-Cities wurde troch Littleton syn demoanyske ynfloed oerspield troch in misdieweach, sadat dúdlik is er noch altyd yn 'e krite omhingje moat. Dan wurdt Warren swierferwûne weromfûn yn 'e ôffalkontener fan 'e bar fan Omke Mike, de stamkroech fan 'e pleatslike ierdgeasten. Warren hellet it by de dea om 't ôf, mar fan Stefan en Ben is gjin spoar, en hja wurde dea waand. Adam en Samuel, de beide measte dominante wearwolven yn 'e krite fan 'e Tri-Cities, sette de syktocht fuort, mar as ek dy beide ferdwine, wegeret Mercy om noch langer fan 'e sydline ôf ta te sjen. Marsilia freget har om mei in oare machtige fampier, Andre, op ûndersyk út te gean. Hoewol't Mercy de fampieren net fertrout, stimt se dêryn ta. Hja stiet lykwols foar in riedsel as Marsilia liket te suggerearjen dat sy, as stalferwikselster, unyk geskikt is om Littleton op te spoaren.
Fan Omke Mike kriget Mercy te hearren dat it in tige min idee is om wearwolven yn 'e neite te bringen fan immen dy't beset is troch in demon, om't se troch de gaos dy't de demon de wrâld yn lekke lit, de behearsking oer de wolf yn harren ferlieze. Mercy ropt ek de help yn fan har freon Tony Montenegro, in lokale plysjeresjersjeur, sûnder him op 'e hichte te bringen fan wat der krekt geande is. De taspilings fan Marsilia begjinne begryplik te wurden as Mercy dy yn ferbân bringt mei it feit dat sy de geasten fan 'e ferstoarnen sjen kin, eat dat blykber te krijen hat mei har identiteit as stalferwikselster. Se snapt lykwols net hoe't dat hat helpe moat om in fampier te finen, oant se beseft dat geasten it kwea mije en se dus sykje moat nei in plak dêr't geasten net komme wolle. As se dat gegeven kombinearret mei de ynformaasje fan Tony oer wêr't de weach fan misdriuwen en oarderfersteurings oerdeis (as fampiers rêste en dus op ien en itselde plak bliuwe) konsintrearre is, kin se Littleton syn skûlplak fine, yn in âld tsjerkegebou dat ûntwijd is troch in selsmoard.
Mercy en Andre geane derop ôf, en yn 'e kelder fan 'e tsjerke treffe se Stefan, Ben, Adam en Samuel slim tramtearre yn koaien oan. Mercy en Andre blike gjin partij te wêzen foar Littleton, dy't Andre hast fuortendaliks al yn 'e macht kriget, wylst er Mercy sa'n reis jout dat se útskeakele is. Mei help fan Stefan, dy't har op fampieryske wize hypnotisearret sadat se har ferwûnings net mear fielt, wit Mercy lykwols dochs noch mei Littleton ôf te rekkenjen. Neitiid wurde de finzenen befrijd en docht blike dat eltsenien syn ferwûnings oerlibje sil.
Mar Mercy kriget ynformaasje taspile dat Andre dejinge is dy't fan Littleton mei opsetsin in fampier makke hat, wylst er doe al wist dat de man in troch in demon besette tsjoender wie. Fia Stefan jout se dat troch oan Marsilia, mar dy hat har eigen aginda en jout Andre opdracht om op 'e nij in fan in demon besette tsjoender ta fampier te meitsjen, mar him diskear better yn 'e macht te hâlden. Om't Andre de iennichste is dy't wit hoe't men soks docht, rekket Mercy derfan oertsjûge dat er deade wurde moat ear't er syn bedoeling yn 'e praktyk bringe kin, sadat Marsilia har snoade plannen foargoed blokkearre wêze sille. Mei har nij ûntdutsen fermogen om 'e skûlplakken fan fampiers te finen, spoart se Andre sines op, en midden op 'e dei kringt se dêryn binnen, slacht him in staak troch it hert en hout him de holle ôf. As Marsilia ûntdekke soe wat Mercy dien hat, soe har deafûnis tekene wêze, en dêrom behimmelet Stefan mei help fan Wulfe, in oare fampier, de brot neitiid sa, dat it liket as is Andre troch syn eigen minsklike slachtoffers út 'e wei romme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |